Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Ferflokte FNP

Ingel 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Ferflokte FNP

Wol harkje nei dit rely-liet
oer joadske Friezen en har taal
by ingels út 'e graasje;
wa't de boarne net ferstiet,
straft Sonja mei in strang ferhaal.

It is twatûzen jier al lyn,
doe sweefden nei it Fryske gea
wol hûndert joadske sielen,
driuwend op ferkearde wyn
en sykjend nei har nije lea.

De heidens yn it Fryske lân
fernamen daliks oan de siel:
dit is reynkarnaasje;
ús kultuer bliuwt net yn stân,
bekearing wurdt foar straf ús diel.

De strangste straf waard doe de taal:
it Frysk yn de Hebrieuske siel
rûn út op isolaasje;
Ingelsk is in oar ferhaal,
‘for angels made a language deal'.

De Fries bleau foar de helte Joad,
want Redbad hie fan kening Saul,
har lot sloech om, waard tragysk;
Simson seach net op in moard,
ús Pier bleau oan syn foarbyld trou.

It waard noch joadsker yn dit lân
doe't mei de tiid út Fryske klaai
de FNP ferriisde;
Kramer rûn oan Mozes' hân
út Hollânsk woestenije wei.

Jehannes hie in namgenoat
dy't libbe fan it fisioen,
beskreaun yn Iepenbiering;
beide skôgen 't himelsk oard:
in Fryslân plus it jier yn 't rûn.

De ingels waarden ûngerêst
en kamen yn de himel gear
om FNP har faasje;
sa'n partij joech inkeld lêst
foar Sonja en har boarnelear.

Doe kaam de straf, it ûngelok
fan frjemde siel yn Fryske lea,
Sineeske ynkarnaasje;
dêrom libbet hjir de wok
en stjert de snert in sêfte dea.

 

Wok restaurant 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)