Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Ofskie

Lêste gedicht fan Willem Tjerkstra foar de FNP

Ofskie

Ofskie ha wy nommen fan de balke
yn de bosk fan Nederlân,
wy hiene 't mei Jan Piter hân,
hy rûn tefolle mei de holle yn de wolken.

 

Ofskie p grut

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Hy bespile ús mei noarm en wearde,
falske noaten by sosjaal
belied yn 't CDA-ferhaal,
dat al te faak foar't folk it evangeelje kearde.

Hiene wy it heil doe net ferwachte
fan it ôfskie fan it jild
dat sloech foar master op yn 't fjild
fan bonushearen dy't in oar syn bargen slachten?

Mar sjedêr hoe't macht wer foarrang krije
soe op autentyk belied
sa't yn dy wrâld wol faker giet,
it ôfskie fan prinsipes om yn 't wyld te frijen.

Fryslân, wit do krijst in allochtoane
status mei dyn Frysk belied
sa't yn dy wrâld wol faker giet:
it ôfskie fan de frjemdling, heil oan 't autochtoane.

FNP, it ôfskie fan jim dichter
falt hjoed gear mei noch ien wins:
it ôfskie fan de wylde mins,
dan noch: de nije dichter dichtet justjes lichter.
 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)