Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Wille om machten

Izer getten wintersk wyt 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

It is as wie 't út izer getten,
suver makke mei it wintersk wyt,
rjocht wizend hoe't it stedske heil
dat yn de fierte stiet,
syn hichte hat yn wetten.

Noch stekke boppe 't stedsfolk tuorren
foar de klokken mei sa let de rop
en yn 't ferline mei de twang
sa net, dan is it op
it heil dat ivich duorre.

Mar hjoed de dei wurdt heil ferwachte
fan de grutte flakte yn it lân
fan Starum oant de haadstêd Snits,
want lytsens hâldt gjin stân,
komt om yn lege machten.

En sjoch, dêr tusken grûn en himel
hinget hy dy't laket om wat stiet
as izer mei de pylk omheech,
want wêr't it him om giet,
is wille om wat grimelet.

 

Hy dyt laket

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)