Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

In autonome provinsje Fryslân ?

Opinystik Friesch Dagblad 11 juny 2013

Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts   

Op de lêste ledegearkomste fan de FNP, op 31 maaie, is it beslút nommen om de stanpunten fan de partij oangeande de takomst fan Fryslân wat oan te skerpjen.

 

Hindrik ten Hoeve

Foarsitter FNP wurkgroep 'Takomst fan Fryslân' 

 

Reaksje? Mail hindrik.ten.hoevefnp.frl

 

 

 

De basis fan it FNP tinken hat altiten it bêste oanjûn west mei de twa begripen "demokraatsy" en "federalisme". En yn feite is mei dy beide begripen ek altiten min of mear itselde bedoeld: politike beslútfoarming moat sa ticht mooglik by de minsken plak fine. Wat in gemeente of provinsje oan kin, dat hoecht it ryk net nei him ta te lûken. Mar omkeard ek fansels: wat te grut is om der op in leger nivo ferantwurde oer te besluten en te handeljen, dat moar op in heger nivo. Foar hiel folle dingen folstiet Den Haach dan net iens mear en moat Brussel de lieding nimme.

 

As útgongspunt en yn de praktyske polityk hat dizze tinkwize foar de FNP lang foldwaande west. Mar no't it kabinet útdruklik (sjoch regearingsakkoart!) ta wol op gemeenten fan 100.000 ynwenners en op lânsdielen yn pleats fan provinsjes, dus útdruklik ek op it opheffen fan Fryslân as steatkundich ferbân, wurdt de FNP der op ferge om dúdlik oan te jaan dat it ek oars kin. De grutte plannen fan it kabinet kinne wy net oars sjen as dat se in bedriging foarmje foar Fryslân. Want sokke gemeenten passe hjir neffens ús net, en in lânsdiel Noardnederlân betrouwe wy net de soarch foar ús taal en Frysk mienskipsfielen ta.

 

Mar, fansels, de besteande situaasje hat ek noait ideaal west. De wetjouwing dy't oer ús hinne komt is yn'e regel betocht op basis fan de Rânestêd, mei noarmen en útgongspunten dy't dêr miskien passe, mar hjir by ús faak net. Dêrtroch moatte wy aansens wol hiel folle lytse skoallen slute. Dêrtroch binne wy de lieding oer de plysje en oer de rjochtbank en it gerjochtshôf kwytrekke en giet dus ek de  wurkgelegenheid dy't dêr by heart nei Grins of Arnhem, Dêrtroch ha wy úteinlik neat te sizzen oer wêr't wol of net sâlt of gas ut de grûn helle wurde sil, ek al binne de gefolgen (mar net it jild) wol foar ús. En dêrtroch ha wy likemin wat te sizzen wannear't wy twongen wurde om aardich mear as in reedlik diel fan de Nederlânske wynmûnen hjir in plak te jaan. Sels oer ús eigen taal en it plak dêrfan op de skoallen en oer ús eigen omrop en it plak dêrfan yn it Nederlânske bestel, ha wy neat te sizzen. Der binne dus nei alle gedachte hiel folle dingen dy't wy miskien wol oars regelje soene as wy der sels yn Fryslân oer beslute mochten. De besteande situaasje is dus yndied ek net ús ideaal.

 

Dan is it no, no't it ryk de ferhâldingen sa yngripend feroarje wol, de tiid om dúdlik te meitsjen dat wy ek wol it ien en oar feroarje wolle. Mar dan wol in oare kant op. Wêr't de FNP dan foar kiest hat de namme krigen fan "autonome provinsje". In provinsje fan Nederlân, ynbêde yn it Nederlânske (en dus ek it Europeeske) rjochtssysteem. Mar dan wol in provinsje dy't wer wat mear liket op de provinsje út de tiid fan de âlde republyk. In provinsje dy't de mooglikheid kriget om, wêr't de Nederlânske wetjouwing hjir net past of ûnfoldwaande mooglikheden biedt, sels eigen regels te stellen. By rûmtlike oardering, by myljeubelied, by ekonomyske saken, by mynbousaken en fansels ek by taal en kultuer, koe ús dat wol ris in protte opleverje. Yn sa'n autonoom Fryslân koe ek better regele wurde hoe't de taken ferdield wurde moatte tusken de provinsje en de gemeenten. Dat moat dan sa, dat der gjin needsaak is ta monsterlik grutte gemeenten. En bang hoege wy dêr net foar te wezen: ûndersyk jout hiel dúdlik oan dat krekt dy regio's yn Europa dy't har eigen regels stelle kinne, it ekonomysk better dogge as regio's dy't fanút it sintrum fan de steaten bestjoerd wurde.

 

Dêr heart dan fansels it betingst by dat in autonome provinsje Fryslân ek oer syn eigen jild beskikke kin. Dus yn prinsipe oer it jild dat hjir oan belêstingen opbrocht wurdt, behalve in diel dat yn Den Haach brûkt wurde moat foar mienskiplike saken. Dat al it jild, ek de opbringst fan gas en sâlt, no nei Den Haach giet, en dat dus gemeenten en provinsjes frijwol hielendal ôfhinklik binne fan ryksútkearingen, is trouwens op Europeeske skaal unyk yn har sintralisme. Seker foar in autonoom Fryslân moatte de ferhâldingen wat dat oangiet oarsom wurde. Dat sil noch wol wat muoite kostje, mar eigen jild is needsaaklik foar eigen belied.

 

De leden fan de FNP hawwe posityf reagearre op de útstellen fan in wurkgroep om op dizze wize "In nij perspektyf foar Fryslân" te sketsen. Wy kinne ús fergelykje mei oare lytse mienskippen. De wapenspreuk fan Lúksemburch (lytser as Fryslân!) is "Wy wolle bliuwe dy't wy binne". Dat soe foar Fryslân ek in passende spreuk en in passend perspektyf wêze. De FNP tinkt dat it hjir sketste "nije perspektyf foar Fryslân" dêr by helpt.

 

Hindrik ten Hoeve,

Foarsitter wurkgroep "Takomst fan Fryslân".

 

 

Dit artikel is earder publisearre as Opinystik yn it Friesch Dagblad fan 11 juny 2013

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)