Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fryslân: Grut-Fryslân? Gekkepraat!

FNP tsjin oprispingen bestjoerlike skaalfergrutting

 Annigje Toering 2012 05  

 

Sa no en dan ferskynt der in oprisping fan in bestjoerskundige, histoarikus, politikus of politike partij yn 'e krante om ús provinsje op te skalen nei Grut-Fryslân. Yn de ôfrûne wiken kaam D66 mei in nije fariant. Ferskate Friezen freegje har yntusken gauris ôf: "Wêr bliuwt de FNP?" Mar lit dúdlik wêze: "De FNP fynt it praten oer Grut-Fryslân, gekkepraat!"

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Algemien Bestjoerlike Saken

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

By sa'n útstel fan Grut-Fryslân binne it benammen de Hollanners (en Friezen mei in minderweardichheidskompleks) dy't sa'n fisioen de ‘djip-Friezen fan de FNP' yn 'e skuon skowe wolle. Der binne twa wichtige redenen wêrom't de FNP dit gekkepraat fynt. Yn 't foarste plak is it folslein gjin realiteit en praat oer it Fryslân fan sa'n 1000 jier ferlyn. De FNP bemuoit him mei it hjoeddeiske Fryslân, dat sa'n 500 jier bestiet. En yn it twadde plak moat de FNP neat ha fan, fan boppen ôf opleine weryndielingen en fúzjes. Soks moat fan ûnderen op út de befolking, dus ek fan de Grinslanners en West-Friezen, sels weikomme.

 

Sa wie de FNP poer oer it healwize plan fan it VVD/PvdA-Kabinet Rutte II om alle provinsjes op te heffen en op te skalen nei fiif lânsdielen. Fryslân soe dan mei Grinslân en Drinte opgean moatte yn it lânsdiel Noard, mei Grins as haadstêd. Nimmen wit wêrom, mar ja, dêr hawwe yn opdracht fan opfolgjende regearingen, tsien jier lang kommisjes oer gear west en dan blykt soks op in bepaald stuit ta ‘belied' ferheft te wurden. Hoewol't it Kabinet Rutte II, nei in soad protesten út benammen Fryslan en Brabân, yn april oanjûn hat dat provinsjes net ferplichte wurde ta opheffing en opskaling, giet dit kabinet yntusken gewoan troch mei it opskalen fan rykstsjinsten.

 

Foarbylden binne de Plysje en Justysje dy't nei Grins oerbrocht binne en it Hôf nei Arnhim. Dêrmei wurdt ús provinsje hieltyd fierder útklaaid. Der skine noch inkele flekswurkplakken fan Justysje yn Ljouwert te bliuwen, mar dat binne ‘lege fleksplakken', want al it fêste personiel giet fuort. It gefolch dêrfan sil wêze dat advokatekantoaren har ek mear op Grins en Arnhim rjochtsje sille. Ta ús fernuvering gean oare ynstellingen ek gewoan troch mei fúsearjen en it oerpleatsen nei Grins.

 

It Kabinet Rutte II wol ek de regionale omroppen opheffe en ûnderbringe by de lanlike stjoerders yn Hilversum. Om dat foar te kommen binne de noardlike regionale omroppen mei it ûnsillige plan kaam de RONO yn Grins op 'e nij op te tugen. Mar Omrop Fryslân kin dochs net út Ljouwert wei?! In pear wiken ferlyn oppere sa'n bobo fan it folkssûnenslaboratoarium út Grins, dat hy it poerbêst funksjonearjende folkssûnenslab út Ljouwert oernimme wol. Dat mei it ‘kul-argumint' dat sa'n mega-laboratoarium djoerdere apparatuer oanskaffe kin en dan noch better wurkje soe. De praktyk fan alle mega-fúzjes hat ús al lang leard dat der dan mar trije saken tanimme: it salaris fan de direksje/ried fan bestjoer, de ôfstân tusken de top en de wurkflier, en de burokrasy.

 

Dat D66 no mei it útstel fan in Grut-Fryslân komt, hat fansels alles te krijen mei de kommende gemeenterieds- en provinsjale ferkiezings. Dizze Haachske filiaalpartij hat dêr fansels tastimming foar krigen om sa lokale en regionale partijen de wyn út de seilen te nimmen. Want sûnder grien ljocht út De Haach meie de filiaalpartijen net mei eigen stânpunten komme. It hinget der boppedat fanôf oft se wol of net (as gedoochpartner) yn in regear sitte. Foar de VVD jildt dat lykwols net; dy partij ha wy noch nea op in Frysk stânpunt betraapje kinnen. Doe't de PvdA-Fryslân derachter kaam dat Samsom sûnder it mandaat fan in partijkongres Fryslân oan Rutte ferkwânsele hie, woene se dat op 'e nij oankaarte. Mar de Haachske bazen makken yntusken dúdlik dat it kabinet de fúzje net oplizze soe. It CDA krige pas fan 't simmer yn 'e gaten dat it regearingsstânpunt feroare wie en makke doe hiel grutsk bekend dat alle CDA-ôfdielingen tsjin de opheffing fan de provinsjes wiene.

 

Wat soe der no barre wannear't yn de takomst de mearderheid fan de boargers fan Noard-Grinslân, West-Fryslân en de Noardeastpolder oanjouwe har graach by Fryslân oanslute te wollen? No, dan sille wy dat yn Fryslân yn goedwollende ôfwaging nimme moatte.

 

Ultsje Hosper, foarsitter FNP

Annigje Toering, fraksjefoarsitter FNP   

 

 

 

Dit artikel is ek publisearre as Te Gast yn de Ljouwerter Krante fan 30 oktober 2013

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)