Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fuortgong ûntwikkeling takomstfisy FNP

Oersjoch aktiviteiten septimber-desimber 2013

Debatjûn FNPj mei Young Scots

Op 9 septimber organisearre de FNP-jongerein in diskusjejûn yn debatsintrum "De Bres" yn Ljouwert. De ôfrûne tiid is de posysje fan de provinsje Fryslân fiks bediskusjearre. Sa wol De Haach de provinsje Fryslân it leafste opheffe en ûnderbringe yn it Lânsdiel Noard-Nederlân. Mear as 80 persint fan de Friezen, sa docht bliken út ûndersyk, is hjir fûleindich op tsjin en ûnderwilens liket it plan ek op de lange baan skood te wêzen.

 

Mar wat wolle wy dan al as Friezen, wat is ús fisy op de takomst fan Fryslân? Dêrta organisearre de FNPj, de jongereinôfdieling fan de FNP, in jûn om dizze fraach hinne. Sprekkers wiene David Linden fan de Young Scots of Independece en Ultsje Hosper, nagelnije foarsitter fan de Fryske Nasjonale Partij. Yn Skotlân binne se al folle fierder mei it realisearjen fan autonomy. Dêr sil yn septimber 2014 in referindum hâlden wurde foar folsleine ûnôfhinklikens. De foarsitter fan de FNP neamde as konkreet foarbyld om Fryslân op koarte termyn oanwize te wollen as proeftún foar it oerdragen fan rykstaken. De gasten woene yn de diskusje fierder gean en oanjaan kinne hoe't de takomst fan Fryslân der op langere termyn útsjocht. It is dúdlik dat wy yn ús provinsje oer in tal domeinen mear bestjoerlike sizzenskip hawwe wolle.  

 

 

Diskusjejûn mei FNP leden
Op 4 oktober is der in diskusjejûn foar leden belein en nei in Powerpoint-ynlieding, fersoarge troch FNP-Steatelid Sybren Posthumus, is der yn groepen diskusjearre oan de hân fan fragen dy't troch de wurkgroep opsteld wiene:

1) Wêr tinke wy in it foarste plak oan by Fryske identiteit?

2) Sizzenskip: wêr moat it dan om gean?

3) Kinne wy prioriteiten oanjaan, yn hokker domeinen wy begjinne moatte?

4) Kinne wy ús prioriteiten en de te bepalen strategy ek 'SMART' meitsje?


Ad 1: De Fryske Mienskip (Friese Gemeenschap) is in ynklusive mienskip dy't iepen stiet foar oare kultueren. Identiteit wurdt sichtber yn kultueruteringen lykas: Fryske sporten, it Fryske hynder, de Alvestêdetocht, it ferieningslibben, it Frysk toniel ensfh. Mar ek yn ús skiednis en de Fryske taal, faaks noch wol de wichtichste identiteitsdrager.

Ad 2 en 3: Beleidsmêden lykas Utlânske Saken en Definsje kinne op lanlik nivo foarm en ynhâld krije, mar wy stribje nei folle mear Frysk foech op beliedsmêden lykas ûnderwiis, taal en kultuer. Sizzenskip is yn fjouwer punten gear te fetsjen: a. it foech om sels wetjouwing / regels te stellen; b. de noarmen foar de útfiering sels bepale te kinnen (wat goed is foar de Rânestêd is net perfoarst goed foar de regio); c. sizzenskip oer de finânsjes (útjeften én ynkomsten) en d. de útfiering yn eigen hân hâlde.

Ad 4: Yn it foarste plak moat in beheind tal spearpunten neier útwurke wurde dêr't de FNP him gemeentlik likegoed as op provinsjaal nivo fierder profilearje kin.

 

 

Klusterjûnen mei FNP-ôfdielings
Op de trije klusterjûnen Noard, Súd en Midden, dêr't ôfdielingsbestjoerders en politisi yn harren regio's by elkoar komme, is de fisy-ûntwikkeling fierder ferdútst en taljochte, binne hearskjende fragen beandere en nije ideeën oandroegen en opskreaun.

 

 

Oerlis Haadbestjoer, Polityk en Kader
Op 12 novimber hat it Haadbestjoer, yn'e mande mei FNP-Steateleden, de FNP deputearre en de Kaderkommisje, him bûgd oer de te meitsjen strategyske karren op koarte en lange termyn. Us nije perspektyf foar Fryslân is rjochte op de langere termyn. En der is in earste oanset jûn foar wat yn it nije partijprogram 2015 yntegrearre wurde kinne sil. De noch gear te stallen Programkommisje sil hjirta in definitive beskriuwing opstelle kinne.

 

 

Algemiene Ledegearkomste
Op 22 novimber hat de Algemiene Ledegearkomste it fisystik "Nij perspektyf foar Fryslân" nei ferdútsing fan fragen en diskusje neier bekrêftigje kind. Konkludearre wurde kin dat ús takomstfisy binnen de partij breed droegen wurdt: de FNP stribbet nei in bysûndere posysje foar Fryslân as autonome provinsje binnen it Keninkryk der Nederlannen! Dizze takomstfisy wurdt breed droegen, mar freget op ûnderdielen lykwols noch in neiere útwurking; kwa ynhâld, kwa strategy mar ek kwa tiidspaad. De útwurking sil basearre wêze moatte op wittenskiplik ûnderysk, politieke helberens (û.o. profilearing partij en politike alliânsjes) en in prioritearing yn tema's, in stappeplan relatearre oan in tiidspaad.



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)