Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Ferwerderadiel: De FNP en de weryndieling

Nei oanlieding fan de artikels yn it SSN fan in fjirtjin dagen lyn, binne wy as FNP ek ferskillende kearen frege nei ús stânpunt oer de takomst fan de gemeente en ús miening oer it referindum.

Earst moat sein wurde dat op de selde manier trochgean as oant no ta gjin opsje is. Wy wurkje links en rjochts gear mei ferskillen gemeenten mar de provinsje, dy't in grutte stim yn it gehiel hat, stjoerd oan op fêste partners en noch leaver op weryndieling. De gefolgen kinne wy om ús hinne sjen. Ljouwerteradiel komt by Ljouwert, yn it Noardwesten liket in grutte gemeente te ûnstean, dy doarren binne foar ús ticht en binne op it Noardeasten oanwiisd.

 

Dit kin op twa manieren. Yn it foarste plak troch in weryndieling, ús gemeente hâld dan op te bestean en giet op yn in nije gemeente. Dit giet de FNP mei de mearderheid fan de ried op dit stuit te fier. Net om dat it fuortbestean fan de gemeente in doel op him sels is, mar omdat wy tinke dat ús ynwenners foar har foarsjenninge it measte oan in bestjoer tichte by ha.

Wy kieze foar in amtlike fúzje, dit hâld yn dat de gemeente selstannich bliuwt mar sa nau gearwurket dat der yn feite ien amtlik amtenareapparaat ûntstiet.

Op dizze manier tinke wy as FNP dat de foardielen fan in oersichtlike, selsstannige gemeente dy't eigen beslúten nimt, te kombinearjen binne mei de foardielen fan in grutter apparaat.

Tagelyk wolle wy yn de takomst dy weryndieling net útslúte. De provinsje sjocht dit it leafst en ek Dongeradiel en Kollumerlân hawwe hjir foarkar foar. Dantumadiel hat noch gjin foarkar útsprutsen. Hoe't ien en oar dus útpakke sil is dus ôfwachtsjen.

 

Noch wat, Ferwerderadiel is in plattelânsgemeente en wy as FNP tinke dan ek dat wy yn it gefal fan in weryndieling it beste yn in Noardeastlike plattelânsgemeente mei in lyts stedsje passe. By de grutte stêd Ljouwert mei wat doarpen der om hinne sil de measte oandacht dochs nei de stêd gean.

 

Dan it referindum. Om't it oer de takomst fan Ferwerderadiel giet wolle wy graach witte hoe't de befolking hjir oer tinkt. Nei de miening fan de FNP is it der mei de fraach oer Ljouwert net makliker op wurden . Hoe at Ljouwert hjir oer tinkt is net bekind en oant no ta stiet de provinsje hjir net achter.

Dochs noch in pear opmerkingen. It is in riedjaand referindum en der binne sân stimburos yn de gemeente wer at trije mooglikheden op de biljetten steane. Yn teory kin der dus in útspraak komme wer at wy net folle mei kinne. Tagelyk is de spulromte lyts.

Wy hoopje dus op in grutte opkomst en in dúdlike útspraak.



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)