Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Littenseradiel: Stânpunt fan FNP oer de weryndieling

De FNP (bestjoer, leden en it grutste part fan de fraksje) is net per definysje tsjin in werydieling mar wy binne wol tsjin dit foarstel fan B&W en wol om de folgjende redenen.

-     Opgean fan ús lytskalige plattelânsgemeente yn dizze kolossen,
fan mear as 80.000 en 100.000 ynwenners, is  foar ús fier boppe de maat.

Wy fiele ús slim dupearre troch it gebrek oan regy fan de provinsje dat in grutte

Súdwesthoekgemeente ûnstean liet.

 

-     Yn it foarstel fan B&W wurdt dizze  weryndieling omskreaun as in Fúzje mar foar us is it in Oername!!

Wy kinne us as lyts groepke - fan 5.000 ynwenners op 80.000 yn Sudwest en 3000 ynwenners

op 100.000 yn Ljouwert - mar oanpasse oan it belied fan dizze grutte gemeenten. Wy hawwe neat yn te
bringen. Wy snije under. Ek passe wy net bêst yn it strategyske fisy fan dy
gemeenten (Súdwest - stêden en wetter (rekreaasje) Ljouwert - grutte
stêdebelied). As wy tinke dat wy privileezjes ôftwinge kinne is dat in ylluzje.


-  De demokratyske legimaasje, dy't ûnder dit foarstel leit, is ús te min. 10% fan de kiesgerjochtigen hat de
weryndielingsjûnen besocht. In lytse mearheidheid hat foar stimd. Mar je moatte
dy útkomst goed relativearje. Deselde mearderheid draaide like hurd om by in
alternatyf foarstel as griene gemeente. De gemeenteriedsferkiezings fan 2014 binne
in folle  bettere legitimaasje.

 

-     It opdielen fan Littenseradiel yn trije stikken is in ferearming fan it bysûndere

sosjaal /kultuerele klimaat yn ús  gemeente .

In grut tal minsken,  dat as wichtige drager hjirfan beskôge wurde  kin, hat dit op ynkringende wize
te kennen jûn. De Fryske kulturele aktiviteiten 
sa as de iepenloftspullen /de spulwike, dêr't  tuzenden bern, âlden en frijwilligers  oan mei dogge , binne fan bysundere
betsjutting. Elk jier genietsje tûzenden minsken hjirfan. Se drage by  oan de ûnderlinge bân tusken bern en âlden yn
ús gemeente. Se fersterkje de sosjale kohesie tusken doarpen. 


Kultuer ferbynt, ynspirearret en jout enerzjy.
Dizze sosjaal-kulturele wearden binne hiel wichtich foar in mienskip. De gemeente
spilet dêryn in net te ûnderskatten ferbinende , oanmoedigjende en fassilitearjende
rol.  

-   It tiidstip om no in beslút te nimmen oer weryndieling is ús te gau en fine wy net
ferantwurde. Alles is noch lang net goed útkristallisearre.



    Bygelyks:

 

a. De situaasje yn Noardwest
is noch hiel ûndudlik is. Miskien lizze dêr by nijer ynsjoch wol mooglikheden
en kânsen foar ús gemeente as geheel.


b. Oer de trije desintralisaasjes dy't op ús ôfkomme, 
is noch in hiele protte ûndúdlik en dêrtroch ek ûnwis.  Al pakke wy dy desintralisaasjes op dit stuit wol
goed op, yn gearwurking mei de buorgemeenten Súdwest en de Fryske Marren.

 

c.  Der is gjin finânsjele ûnderbouwing fan dat wat in opdieling ús ynwenners  oplevert 
en wat it har kostet. Ûndersyk wiist lykwols út dat in weryndieling altyd jild kostet en dat der gjin foarbylden binne dat
it dêrnei goedkeaper en dus effisjinter wurdt. Mar ôfsjoen dêrfan nimt de belutsenheid fan de boarger ôf.
De opkomst by de lêste gemeenteriedsferkiezing yn Súdwest  wie hast 20% leger (47%) as foar de
fúzje.  It paradoksale is dat troch de
desintralisaasjes krekt in grutter berop dien wurdt op dy belutsenheid fan de
boarger.

 

d. De ekonomyske krises bringt ek
oare besúnigings mei foar Gemeenten en boargers mei en dêrtroch in soad
ûnwissichheid. Súdwest  moat 10 miljoen
besunigje yn 2017 (20% op pers.en 8,5% op foarsjenningen) . Derneist rinne Ljouwert
en Súdwest grutte risiko's by har  grûnposysjes
(20 miljoen/243 ha,  Ljouwert 109 miljoen/475ha,
Litt. 1,9 miljoen/5ha).

 

     Grutte kâns dat we by opdielen der ek mei foar opdraaie.  



e. Wy meitsje us soargen oer de risiko's  dy't beslútfoarming op dit momint mei him
meibringt. Weryndiele en seker opdiele is in yntensyf en lang trajekt. Seker yn
kombinaasje mei de desintralisaasjes en de besúnigings bringt dit neffens ús
grutte besjoerlike en organisatoryske risiko's mei.

 

f.  Neffens ús is der ek gjin akute needsaak is om no in beslut te nimmen. Us gemeente
stiet der goed foar. Personiel en ynwenners binne hiel tefreden. Fansels krije
wy ek te meitsjen mei besunigings. As lytse gemeente soenen wy der wolris fleksibeler
mei om gean kinne as in grutte. Je kinne as lytse gemeente folle earder
skakelje. 


Gearfetsjend werom wy tsjin dit foarstel binne;



-    De grutte fan de fuzjegemeenten



-    Gjin fuzje mar in oername



-    Demokratyske legitimaasje te min



-    Opdielen fan de gemeente yn trijen



-    It tydstip fan beslute te gau



-   En dertroch de risiko's te grut



 Op grun fan dizze arguminten sizze wy :  foarearst sels de regy halde  en dêrmei foarkomme dat it ús oer de fûst
rint.  



 

Dêrom is de FNP tsjin it foarstel dat no foarleit en pleitet foar útstel fan beslútfoarming oer
weryndieling. De FNP stelt foar om dit ûnderwerp net troch gean te litten nei
de beslútfoarmjende fergadering.



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)