Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fryske Marren - nije namme kostet gjin € 400.000

Artikel Hindrik ten Hoeve

 Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De diskusje yn de krante oer de nammeferoaring fan De Friese Meren nei De Fryske Marren like wat te ûntspoaren en fêst te rinnen yn emoasjes. Dy emoasjes geane dan om de namme as sadanich, dêr't fansels net elkenien it mei iens is (mar in hiele protte ek wol!). Mar it giet benammen om de bedragen oan jild dy't der iderkear by neamd wurde. It liket net bêst: it kostet wol 400.000. En no wurdt der nei in útspraak fan de boargemaster fan Skarsterlân, ek al praat oer it dûbele, dus 800.000. Moat it sa mâl?

 

Hindrik ten Hoeve 

 

 

Ik ha as ynformateur foar it nije wethâlderkolleezje belutsen west by de earste besluten dy't troch FNP en CDA tegearre nommen binne. Om by elkoar te kommen moasten der twa knopen trochhakt wurde. Dat is bard: elk fan beide partijen leveret twa wethâlders en de namme fan de gemeente wurdt "De Fryske Marren". Utgongspunt by it lêste wie dat de nije gemeenteried de namme fan de nije gemeente fêststelle kin.

 

Oan dat lêste waard nei krantepublikaasjes ek al twifele omdat de namme De Friese Meren al fêstlein is yn de weryndielingswet en dus definityf wêze soe. Dy wet is oan de Twadde Keamer oanbean op 4 desimber 2012 (en net yn april 2011 sa't de krante abusivelik oanjûn hat) en is troch beide Keamers goedkard. En yn dy wet is yndied de namme fêstlein. Mar de Memoarje fan Taljochting seit wol hiel dúdlik dat de gemeenteried fan de nije gemeente it rjocht hat sels in oare namme te kiezen. De gemeentewet jout dat rjocht trouwens oan alle gemeenten (art. 158: De Raad kan de naam van de gemeente wijzigen). En dat is ek wat iderkear oan de riedsleden ferteld wie, dat is yn de riedsferslaggen nei te lêzen. Dêrom waard ek sprutsen fan in "werknaam", d.i. net de definitive namme.

 

De fúzje fan de trije gemeenten kostet fansels in soad jild. Dêrfoar stelt it Ryk in bedrach beskikber fan mear as acht en in heal miljoen en de trije gemeenten ha út eigen middels ek al trije miljoen as tariedingskosten útjûn. Dat is dus echt in soad jild! It kiezen fan in oare namme as de namme dy't no yn de weryndielingswet brûkt is kostet fansels ek wat en dat moat ek út dy oergongsbudzjetten betelle wurde. Mar hoefolle kostet dit ûnderdiel dan? Want dêr giet no hieltyd de diskusje oer.

 

De gearwurkjende gemeenten binne dwaande om de kosten fan de nammeferoaring op in rychje te krijen, mar op dit stuit is dêr blykber noch gjin útslútsel oer te jaan. Mar der binne fansels wol foarbylden. Fan de gemeente Menameradiel, dy't earst Menaldumadeel hiet, is der bygelyks in kreas oersicht fan kostenposten foar in nammeferoaring. Dêr is trouwens net allinne de gemeentenamme feroare, mar ek alle doarpsnammen.

 

- Foar oanpassing fan de GBA administraasje en de CBS koade yn alle systemen is € 44.500 betelle.

- Foar de kosten fan buorden yn en bûten de gemeente: € 4000.

- Foar de kosten fan kommunikaasje (de gemeente moat iderien op'e hichte bringe!): € 800.

- Foar ferfanging materialen: € 6.500

- Foar oanpassen fan de webside en postkosten (TNT) : € 4000

 

By inoar is dat krekt wat minder as € 60.000. Mar dêrfoar binne dan ek alle doarpsnammen dus feroare, wat ek betsjut dat iderien in oar adres krigen hat. Der is wol foar keazen om safolle mooglik besteande materialen op te brûken en dus ek bygelyks de measte kombuorden earst mar te stickerjen.

 

By "De Friese Meren" hawwe de bestjoerders dy't de fúzje tariede moasten, lang foardat de nije gemeente der echt wie al hast oeral de namme en it logo op sette litten. Yn 2014 sille al dy opskriften hiel even kloppe mei de offisjele situaasje. En dêrnei moat der mar, krekt as yn Menameradiel sunich omgien wurde mei noch brûkbere materialen. Want ek yn De Fryske Marren moatte foar sokke dingen net tefolle ekstra kosten makke wurde. Mar it echt grutte jild sit dêr fansels ek net yn. It measte jild giet nei de oanpassing fan de automatisearre systemen.

 

Fan in pear oare gemeenten (Dantumadiel, Bunschoten) binne kosten yn ûngefear deselde grutte bekend as dy fan Menameradiel. Wy moatte dus mar oannimme dat ek yn De Fryske Marren de nammeferoaring fan "werknaam" nei definitive namme foar sa'n bedrach realisearre wurde kin. Dat komt dan út op goed ien euro de ynwenner.

 

Hindrik ten Hoeve

Wie ynformateur foar De Fryske Marren

 

 

Dit artikel is earder publisearre as Dagstelling op de Opinysiden fan de LC 14 desimber 2013



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)