Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Amtlike fusy liedt net ta better bestjoer

Amtlike fusy makket de ympotinsje fan gemeenterieden allinnich mar grutter. Allinnich as ek it bestjoer fusearret, kinne de rieden harren wurk goed dwaan, stelt saakkundige Jo Horn.

Gjin oplossing

In protte lytse gemeenten dy't de nije taken gewoanwei net oankinne, sykje harren heil yn amtlike gearwurking of amtlike fusy. 'Mar dat wurket op'e lange termyn net. De wichtichste ekonomyske besluten wurde nammentlik bûten de eigen gemeente nommen. Dat kinst net oplosse mei amtlike gearwurking of fusy.' Dat seit Jo Horn - lid fan it Expertteam Publiek Domein - fan'e wike yn in fraachpetear yn Ynlânsk Bestjoer. Horn wie ûnder oaren riedslid foar de PvdA yn Amsterdam, Keamerlid, adviseur fan gemeenten en provinsjes en op ferskate plakken tydlik gemeentesekretaris.

 

Nul demokratyske kontrôle

Ek nei amtlike gearwurking of fusy hawwe - lytse - gemeenten gjin ynfloed op de wichtige besluten dy't naam wurde oer sûnens, ekonomy, romte, sa hâldt Horn út. 'Bist op allerhanne wizen mei elkoar ferbûn troch mienskiplike regelingen, dêr't net ien wat fan begrypt, dêr't de demokratyske kontrôle nul op is, en dêr't fierstente folle partijen har sechje yn dwaan wolle. Elk wol him konsintrearje op syn eigen ding, wêrtrochst dy eins op neat konsintrearrest.' 

 

Fjirde macht

Horn is gjin tsjinstanner fan amtlike gearwurking om de risiko's op te heinen dy't anneks binne mei de desintralisaasjes jeugd, soarch en wurk, mar it is net de oplossing foar it ferbetterjen fan it lokaal bestjoer. 'It moat altiten in opmaat wêze nei bestjoerlike gearfoeging. Amtlike gearwurking sûnder bestjoerlike kop is gjin echte gearwurking. It gefaar fan de fjirde macht leit dan altyd op'e loer. Amtners dy't sterker binne as it politike bestjoer. Gemeenten moatte in sadanige skaal hawwe dat se tachtich persint fan de fraachstikken dêr't de gemeente mei te krijen hat, selsstannich oanpakke kinne. In selsstannige gemeente moat saken lykas arbeidsmerkbelied, wenningmerkbelied, romtlik en ekonomysk belied en ferkear en ferfier net hoege te dielen.'

 

Lês it folsleine fraachpetear en de reaksjes yn Ynlânsk Bestjoer nr. 15 fan 24 july 2015



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)