Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Prachtich ferkiezingsresultaat regionalen op Corsica

Lokwinsken foar susterpartij FNP yn EFA

Ofrûne snein, 13 desimber 2015, hat op Corsica de koälysje foar autonomy en ûnôfhinklikheid in grutte oerwinning behelle yn de regionale ferkiezingen. Sy hawwe hast in ferdûbeling fan de stimmen krigen tusken de twa stimrûntes, en dêrmei 24 fan de 51 sitten yn it Corsicaans parlemint binnensleept, in histoarysk sukses.

 
Corsica susterpartij FNP 2015

Underdiel fan de koälysje is ús susterpartij de PNC, U Partitu di a Nazione Corsa, lid fan de Europeeske Frije Alliânsje. De FNP wol de PNC fansels lokwinskje mei dizze geweldige útslach. Wy hoopje dat der no mear each komt foar de fraach om mear autonomy op Corsica.

 

It is dúdlik dat de Corsicanen der op stean om mear rjochten foar Corsica ôf te twingen. De PNC wol mear demokrasy op Corsica. Se wolle it parlemint mear foech jaan, en mear respekt foar de Corsicaanske taal dy't gjin offisjele status hat op it stuit. Mei it resultaat fan 13 desimber is it helder dat Corsica foarút wol.

 

Yn april 2016 is de algemiene ledegearkomste fan de Europeeske partij EFA op Corsica.  Dêr sil de FNP ek fertsjinwurdige wêze. De FNP winsket de PNC en de Corsicanen lok mei harren striid foar mear en bettere rjochten. Fan ûnderen op en foarút!



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)