Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP mei 8 minsken nei kongres op Korsika

Jiergearkomste regionale partijen yn Europa

De FNP sil fan 31 maart oant en mei 3 april mei 8 minsken op Korsika oanwêzich wêze op it jierlikse kongres fan de Europarlemintspartij European Free Alliance  (EFA). Johannes Kramer sil as offisjeel fertsjintwurdiger fan de FNP dielnimme oan de diskusjes en stimmingen. Fierder binne ûnder oare ek Olrik Bouma as bestjoerslid fan de EFA en de Steateleden Corlienke de Jong en Sybren Posthumus oanwêzich. 


Der sille ferskate moasjes oer wichtige en aktuele ûnderwerpen behannele wurde. Mei it each op de diskusjes oer it frije ferkear fan persoanen en guod binnen Europa is der in moasje oer it belang fan iepen grinzen tusken de lidsteaten fan de Europeeske Uny. De FNP stiet folslein efter it belang fan iepen grinzen. Want dêrtroch kin de eksport befoardere wurde, komme hechtere kulturele ferbiningen ta stân en kinne toerisme en rekreaasje bloeie. En dat is ek yn it belang fan Fryslân. Oare moasjes gean bygelyks oer de behanneling fan de Koerden yn Turkije, minderheidsrjochten yn Europa  en de flechtlingekrisis. De FNP sil fierder gearwurking sykje mei oare partijen en politisy út hiel Europa om te kommen ta oplossingen oangeande it enerzjy-fraachstik. 

Op it kongres is apart oandacht foar talen yn Europa, mei in konferinsje op 2 april. De Korsikaanske taal is in bedrige taal, dêr't de organisearjende partij, de PNC  foar striidt. Net allinnich op Korsika mar ek binnen Frankryk en fierder yn Europa. Sa is yn 2013 troch it Europeesk Parlemint mei oergrutte mearderheid stimd foar in rapport oer bedrige talen yn Europa, yntsjinne troch de doetiidsk Korsikaanske Europarlemintariër François Alfonsi. Foar de FNP is in ferskaat fan talen en it beskermjen fan minderheidstalen fansels in wichtich polityk ûnderwerp. Der moat noch in soad dien wurde oan dit fraachstik binnen Europa.

De Europarlemintspartij EFA is fertsjintwurdige yn it Europeesk Parlemint mei 12 sitten. De FNP is mei sa'n 40 oare partijen út Europa lid fan de EFA en sit al mear as 30 jier yn it bestjoer. Op it EFA kongres komme sa'n 150 dielnimmers út hiel Europa.    



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)