Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: belang fan de EU foar Fryslân yn kaart bringe

Mearderheid Friezen wol net út EU stappe

 Sybren Posthumus 2015 lyts  

Skriftlike fragen oan it Kolleezje fan DS     

 

De Steatefraksje fan de FNP wol nei oanlieding fan de Brexit en de dêropfolgjende diskusje oer in eventuele Nexit witte wat it krekte belang fan de EU foar Fryslân is. Dêrom hat de partij hjoed fragen steld oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân.   

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.frl 

 

Guon foardielen fan de EU foar Fryslân binne hiel dúdlik, lykas mear as 70 jier frede, it befoarderjen fan de eksport en mear toeristen út it bûtenlân. Mar de FNP wol ek witte hoefolle jilden oer in wat langere termyn troch Europa yn Fryslân ynvestearre binne.

  

De FNP is foar alle dúdlikens foar in pro-Europeeske koers. De foardielen fan ynternasjonale gearwurking binne dúdlik en yn Fryslân is ek gjin mearderheid fan de befolking dy't út de EU stappe wol. Mar omdat de diskusje oer in eventuele Nexit geregeld oplôget wol de FNP helder yn byld hawwe watfoar foardielen Fryslân allegearre hat by de EU.

Yn de fragen freget Steatelid Posthumus wat de grutte is fan it bedrach dat Europa de lêste 10-20 jier yn Fryslân stutsen hat. Dêrby kin bygelyks tocht wurde oan ynkommensstipe foar de boeren, plattelânsûntwikkeling, Leader en Interreg.

 

"It Fryske marreprojekt is mei Europeeske stipe betelle, it opknappen fan ferskate binnenstêden, organisaasjes as Wetsus en Mercator profitearje der fan en ek boeren krije ynkommen út Europeesk jild. Mar wat ûntbrekt is in totaalplaatsje", neffens Steatelid Sybren Posthumus. Pas dan hawwe jo in goed oersjoch en kinne jo in goede diskusje fiere. Dêrom wol de FNP ek witte wat de netto-bydrage per ynwenner fan Fryslân oan de EU west hat.

 

Mei de ynformaasje kinne de Steaten fan Fryslân goed beslein op it iis komme en in diskusje fiere op grûn fan de feiten. Foar de FNP sil dêrby it belang fan de ynwenners fan Fryslân foarop stean. En it belang fan Fryslân by Europa is grut. Tink allinnich al oan de eksport fan € 5 miljard euro en de tsientûzenen banen dy't dêrmei anneks binne.    



Downloads:
FNP skriftlike fragen belang eu foar fryslân
Antwurd op FNP fragen belang eu foar fryslân

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)