Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP-top nei kongres yn Katowice

Fan 30 maart oant en mei 2 april sil de FNP mei 6 minsken dielnimme oan it EFA-kongres yn Katowice (Silezië, Poalen).

De partij sil fertsjintwurdige wêze troch deputearre Johannes Kramer, de steateleden Corlienke de Jong, Klaas Fokkinga en Sybren Posthumus, EFA-bestjoerslid Olrik Bouma en lid fan de EFA-kommisje Henk de Vries. Oan it hiele EFA-kongres, sille nei ferwachting 187 minsken dielnimme.

  

Titel fan it kongres is ‘Silezië fertsjinnet selsbestjoer'. Dat slacht op it feit dat de susterpartij fan de FNP yn dat gebiet, Ruch Autonomii Slaska, folle mear sizzenskip foar de regio wol. Op it program stiet dan ek de neikommende workshop pland: ‘Silesia: A sustainable future for an industrial nation' (Silezië, in duorsume takomst foar in yndustriële regio').

 

Fierder is der in seminar oer regionale politike bewegingen, sil praat wurde oer de gefolgen fan de Brexit, oer de flechtlingekrisis, oer selsfoarsjenning op it mêd fan enerzjy en is der fansels de Algemiene ledegearkomste fan de EFA (European Free Alliance).

 

De Europarlemintspartij EFA is fertsjintwurdige yn it Europeesk Parlemint mei 12 sitten. De FNP is mei sa'n 40 oare partijen út Europa lid fan de EFA en sit al mear as 30 jier yn it bestjoer.

  



Downloads:
EFA general scenario 2017

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)