Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP siket Europeeske stipe foar sluzen Koarnwertersân

Op de Algemiene Ledegearkomste fan Europarlemintspartij EFA op freed 31 maart sil de FNP in moasje ynbringe om de kânsen op EU-subsydzje foar de sluzen fan Koarnwertersân te ferheegjen.

De FNP wol mei de moasje berikke dat de saneamde ‘TEN-T subsydzjes' (Trans-European Transport Network) yn de praktyk foar de hiele EU beskikber binne en net allinnich foar de 9 transportassen (‘corridors') dêr't no 90% fan it jild hinne giet. Sa wurdt de kâns folle grutter dat ek de sluzen fan Koarnwertersân yn oanmerking komme foar Europeesk jild. Oant no ta is it ûntbrekken fan in bydrage út Brussel ien fan de knipepunten foar de finansiering fan de ferbreding fan de sluzen.

  

Mei help fan saakkundigen út it Europeesk parlemint is de FNP der efter kommen dat it Trans-Europeeske TEN-T netwurk bedoeld wie om alle regio's fan de EU te betsjinjen. En dat in goede sprieding fan de ferkearsstreamen oer hiel Europa realisearre wurde moatte soe. Mar yn de praktyk falt dat och sa ôf. In soad regio's yn de EU, wêrûnder Fryslân dus, profitearje sa net of net foldwaande fan it jild út ‘Brussel'.

 

Mei de moasje wurde de EFA-leden fan it Europeesk parlemint oan de iene kant oproppen om in bettere sprieding fan de CEF (Connecting Europe Facility)- en TEN-T subsydzjes te bewurkmasterjen. Oan de oare kant wurdt ek frege om in rappe evaluaasje fan de TEN-T subsydzjes oer 2014 en 2015 om der sa foar te soargjen dat projekten lykas ‘Koarnwertersân' in gruttere kâns op EU-jild meitsje. De moasje fan de FNP is opsteld en wurdt yntsjinne mei de Chunta Aragonesista, in susterpartij fan de FNP yn Aragon, in regio tusken Barselona en Madrid yn.  

 

De Europarlemintspartij EFA is fertsjintwurdige yn it Europeesk Parlemint mei 12 sitten. De FNP is mei sa'n 40 oare partijen út Europa lid fan de EFA en sit al mear as 30 jier yn it bestjoer. It EFA-kongres (mei de ALG) is fan 30 maart oant en mei 2 april yn Katowice (Silezië, Poalen). 6 FNP'ers dogge mei oan dat kongres. 

 

Hjirby de link nei de hiemside fan de EFA mei ynformaasje oer it kongres.

 

  



Downloads:
Moasje EFA tent

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)