Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

De FNP yn Europa

marcaRGB 01
 

Kontaktgegevens EFA:

European Free Alliance (Europeeske Frije Alliânsje), Boomkwekerijstraat 1, B-1000-Brussel, Vlaanderen. Tel + 32 2/513.34.76 / +32 2/513.48.51/ Fax: + 32 2/513.34.25

E-mail: infoe-f-a.org 

Webside: www.e-f-a.org

   Europeeske flage

 

Us eigen politike partij yn it Europeesk Parlemint 

De EFA is in Europeeske politike partij dy't mei 6 minsken fertsjintwurdige is yn it Europeesk parlemint. Dy parlemintariërs komme respektivelik út Skotlân (2), Wales, Baskelân/Kataloanje/Galisië (kombinaasje-parlemintslid), Flaanderen, Korsika en Letlân. De EFA as partij bestiet út hast 40 partijen dy't yn 13 EU-lidsteaten fertsjintwurdige binne. 7 fan dy politike partijen sitte yn it regearing yn har lân. De FNP wie yn 1981 ien fan de partijen dy't de EFA oprjochte hawwe en is sûnt ien fan de konstante faktoaren west foar de partij. Nijsgjirrich te fermelden is dat troch aktive ynbring fan de FNP no ek twa Fryske politike partijen yn Noard- en East-Fryslân (Dútske steat) warber wurden binne yn EFA-ferbân. Dat binne de SSW (Sleeswyk-Holstein) en Die Friesen (Ost-Friesland).



EFA-Youth - politike jongereinorganisaasje
EFA youth logo    Der is ek in politike jongereinorganisaasje dy't ferbûn is oan de EFA, nammentlik de EFA-youth. Dy fersoarget nijsgjirrige aktiviteiten spesifyk foar jongerein. Lykas útwiksels, simmerkampen mar ek kongressen en politike diskusjes. Alle jongereinôfdielings fan lidorganisaasjes fan 'e EFA kinne ek lid wurde fan EFAyouth. De FNP-jongerein is ferbûn mei EFA-youth en is by de wichtichste gearkomsten meast oanwêzich. De Sekretaris-Generaal fan de EFAy is de FNP-er Olrik Bouma.
Webside: europeanfreeallianceyouth.wordpress.com 
Kontaktpersoan FNPy yn Fryslân: Saapke Voolstra, saapke.voolstrafnp.frl.

 


FNP aktyf yn de EFA
De FNP is net allinnich lid, mar ek frijwat aktyf yn 'e EFA. Dêrfoar hat de FNP in eigen EFA-FNP-kommisje yn it libben roppen (sjoch op www.fnp.frl by organisaasje - kommisje E.F.A.). Saken dy't yn Fryslân spylje en dy't yn 'Brussel' oankaarte wurde moatte, kinne wy hiel fluch fia de EFA yn it Europeesk parlemint bringe. Tink oan eilânproblematyk, Europeeske oanbestegings, beskerming fan taal of it ljipaaisykjen. Alle jierren is de FNP mei in stikmennich minsken oanwêzich by it jierlikse kongres mei ledegearkomste fan de EFA, alle kearen wer yn in oar lân (lêste jierren Flaanderen, Baskelân, Kataloanje).

 

 

FNP streekrjocht yn it EFA bestjoer
Dêrneist is de FNP streekrjocht yn it bestjoer (Buro) fan de EFA fertsjintwurdige. Dêrtroch kinne wy ek tuskentiids de kontakten waarm hâlde en ynfloed hawwe op Europeeske beslútfoarming.

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)