Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Takomst Fryslân op it spul by riedsferkiezings

In analyze fan Sybren Singelsma

De takomst fan Fryslân stiet op it spul bij de gemeenteriedsferkiezings

 

De kommende ferkiezings foar de gemeenterieden sille, as wij dat no wolle of net, troch de lannelike polityk dominearre wurde. Al it hurde en goede wurk fan de politisy  yn de gemeenten sil oerfleugele wurde troch de fraach hoe grut wurd Wilders en wurd de PvdA in marginale partij ja of nee.

 

If you can't beat them join them! Is in bekende Amerikaanske siswize. Yndied, as it dan dôchs net oer gemeentelike polityk gean sil, litte we dan fan de gelegenheid gebrûk meitsje om in sinjaal te jaan oer oare saken. It liket dat der reden genôch foar is.

 

It regear komt jild te koart en is yn in tweintich tal wurkgroepen dwaande te sjen wer as besunige wurde kin. Ien fan dy wurkgroepen giet oer de bestjoerlike organisaasje fan Nederlân.

De earste gelûden komme al nei bûten wat as de teneur wêze sil. It is wol al dúdlik dat yn stee fan te konkludearjen dat it apparaat yn Den Haach wol wat grut wurd no as de measte wetjouwing fan Europa komt en belied útfiering desintralisearre wurd, de teneur mear is dat de Provinsjes wol ferdwine kinne.

Dermei soe Fryslân ferdwine en dat is gjin goede saak.

 

It liket fan belang dat de Fryske kiezers harren ek útsprekke oer de folgjende útspraken fan lannelike politisy.

 

Lit us ris wat útspraken op in rychje sette.

 

D'66 er Alexander Pechtold: Alexander Pechtold pleit voor een samenvoeging van provincies tot maximaal vier. De waterschappen mogen van de fractievoorzitter van D'66 helemaal afgeschaft worden. Deze provinciale herindeling moet, als dat nodig is, zelfs door Den Haag opgelegd worden, aldus Pechtold.

Pechtold giet in dictaat fan Den Haach net ut de wei.

Trots op Nederlands Rita Verdonk nei har besyk oan Ljouwert op 18 maaie 2008: 'De Nederlandse Proncies zullen moeten worden opgeheven als TON aan de macht komt. Voor Friesland mag een klein kantoortje blijven bestaan, om de symbool functie hoog te houden en om de elfstedentocht te organiseren'

 

Mei de VVD'er Opstelten is it lykwols net folle better: Provincies en gemeenten kunnen met de helft minder bestuurders toe. Dat zegt VVD-voorzitter Ivo Opstelten in een gesprek met Het Financieele Dagblad. Opstelten vindt dat gemeenten en provincies zich moeten richten op kerntaken, dan zijn er ook minder bestuurders nodig.

It is sterk de fraach of Opstelten kultuuer en identiteit in diel fynt fan de kearntaken fan de provinsje Fryslan.

 

Ek it CDA  fan Balkenende dringt foar Fryslân de oplossing foar Hollân op. In radikaal útstel:

Het CDA adviseert om te snijden in openbaar bestuur. De meest concrete suggestie betreft de Randstad. Daar zouden provincies moeten worden gebundeld en het lokaal bestuur worden versterkt. Voor heel Nederland geldt dat het aantal leden in vertegenwoordigende lichamen wel omlaag kan, aldus het rapport.

 

Komt de rêding fan Fryslân dan fan de linker kant? De PvdA fan Wouter Bos tinkt nei en komt mei de folgjende konkluzje:

De Commissie Andeweg stelt daarom voor om de provincies als bestuurslaag op te heffen en die enerzijds te vervangen door een bestuurslaag die bestaat uit een dertigtal nieuw te creëren regio's. Anderzijds moeten er vier landsdelen komen die de regionale besturen coördineren en die in Brussel een rol van betekenis kunnen spelen.

Nee dus.

 

Miskien biedt de SP fan Agnes Kant hoop, op de website stiet de folgjende formele opstelling:  De huidige provincies functioneren onvoldoende als modern middenbestuur. Veel taken kunnen beter worden uitgevoerd door kleinschalige en/of meer samenhang vertonende regio's, waarvan de bestuurders rechtstreeks gekozen dienen te worden.

No, yn elts gefal moat de regio 'samenhang' fertoane. It falt suver ta!

 

En ja, as lêste binne wy fansels benijd wat Heilân Wilders ús bringt. It program fan de PVV blinkt noch net út yn wiidweidigens, mar ik sitearje de folgjende útspraken, dy't wol wat rjochting jouwe:

Minder ministeries, minder ambtenaren Geen stijging gemeentelijke lasten.

Meer directe democratie: invoering bindende referenda, te beginnen met (1) Turks lidmaatschap EU, (2) wenselijkheid Euro en (3) Antillen wel of niet in Koninkrijk Invoering districtenstelsel, gekozen burgemeester en gekozen minister-president Afschaffen Eerste Kamer Terugbrengen aantal leden Tweede Kamer van 150 naar 100.

 

It is dúdlik dat Wilders it net bot op hat mei amtners, hoewol syn útspraken oer direkte demokrasy noch wol aardich binne. It liket der lykwols mear op dat  hij dy direkte demokrasy wol om't hij tinkt dat dat syn partij ten goede komme sil, dan dat hij  no in grutte noed hat foar sokssawat as de provinsje Fryslân. It ôfskaffen fan de earste keamer is al gjin goed begjin.

Hy moat der mar ris op ferge wurde.

 

Dan as lêste Groen Links.

 

Grien Links hat ynteressante stânpunten ynnommen oer de Grûnwet, referinda en it Burgersinisjatyf, en liket yn elts gefal in gruttere stimme oan de boarger jaan te wollen. De partij is lykwols net bjuster dúdlik oer hoe as se it lokale en provinsjale bestjoer sjocht.

In dúdlike konklúzje is net te lûken.

 

 

Konklúzjes

 

It is dúdlik dat bij de partijen dy't de mearderheid hawwe yn it Parlemint de takomst fan Fryslân net garandearre is. De partijen geane der fan út dat Den Haach mei it Provinsjale bestjoer dwaan mei wat it wol. Gjin inkele partij neamt it belûken fan de boarger fan de provinsjes bij it debat oer de takomst fan dy provinsjes.

De diskusje oer dy takomst spilet him no of, de wurkgroepen rapportearje dit foarjier oan it regear. Dit liket derom it beste momint om in polityk sinjaal te jaan út Fryslân.

De takomst fan Fryslân, mei in eigen bestjoer, in eigen identiteit en in eigen takomst moat respektearre wurde troch de lannelike politike partijen dy't no ek mei dogge oan de ferkiezings foar de gemeenterieden.

No't se dôchs foar harren rituele útspraken oer it belang fan de gemeenten lânskomme foar harren fjouwerjierlijkse oandacht, kinne se moai de takomst fan Fryslân garandearje.

 

Der is in hiele simpele manier foar eltse boarger om de takomst fan Fryslân feilich te stellen en de lannelike partijen te twingen harren beloften nei te kommen: stim op in partij dy't dat ek garandearret.

 

Sybren Singelsma

 

 

 

Dit stik is ek publisearre as Te Gast yn de LC fan 21 jannewaris 2010

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)