Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fryslân: FNP nijsbrief ferkiezings 2014 no online

Noch ien kear alle nijs, spotsjes en FNP ôfdielings by del

   

Dizze Nijsbrief  

Dizze nijsbrief hat ta doel om de FNP-efterban en oare nijsgjirrigen op de hichte te hâlden

fan saken oangeande de FNP. Jo meie dizze nijsbrief trochstjoere oan oare minsken dy't

sympaty hawwe foar de FNP en har gedachteguod. 



FNP op kampanje

FnpBoerdSpandoek-setters, posterplakkers, kampanjekanjers, struibriefstruiers, krante-kreativelingen, aksje-aktivelingen en oare bannige bodders binne yn 13 FNP-ôfdielings oan it wurk om safolle mooglik minsken op 19 maart in fakje yn de FNP-list read kleurje te litten. As gjin oar witte de minsken út de ôfdielings wat de spearpunten yn harren eigen gemeente binne en spylje hja yn op de lokale tema's troch in dúdlik FNP-lûd hearre te litten. 

FlyerjeYn de ôfrûne moannen binne der trije gearkomsten west fan de PR-minsken fan dizze ferkiezingsôfdielings mei de provinsjale PR. Elke ôfdieling is op syn eigen wize drok mei de tariedings en op sa'n gearkomste ynspirearje se elkoar mei ideeën en suggestjes. Prachtige ideeën en aksjes dy't betocht wurde, fan hûs-oan-hûs ferkiezingskranten en it útdielen fan pompeblêdkoeken oant Falentynsaksjes, bustochten, byldeprojeksjes op gebouwen en sels it ynrjochtsjen fan in leechsteand pân ta FNP-ferkiezingshûs.

Oranjekoeke

De snypsnaren dy't útdield wurde kinne, binne ek wer yn alderhande farianten makke. Wat tige oanslacht binne de stikkers mei de tekst "Ik hâld fan Fryslân",  mar benammen dy mei it eigen wenplak der op. Ek taart docht is fansels altyd goed. Sa wurdt de partij rûnom yn de gemeenten mei grutte en lytse úterings sichtber. FNP, midden yn de mienskip!

 

Reklamespotsjes

Op de radio wurde tal fan spotsjes útstjoerd, sawol op Omrop Fryslân as ek Waterstad FM en RadioNL. "Minder Den Haach, mear Fryslân,  stim dêrom FNP " is de koarte en krêftige tekst. Yn Fryslân moatte we sizzenskip krije oer ús eigen saken, mei dêrby de nedige middels. Ek sit yn dizze gjalp besletten dat de FNP gjin ‘filiaal' is fan in Haachske partij, mar hielendal frij is om op te kommen foar it bêste foar de Fryske ynwenners. Op televyzje binne de filmkes mei ferskate Friezen, dy't deselde tekst útsprekke dy't ek op ‘e radio brûkt wurdt.

YouTubeFilmkes

 Klik it plaatsje foar it oersjoch op fnp2014\medias as fyn de spotjes op youtube.

 

OsfSpot De OSF, dêr't de FNP ek by oansluten is, stjoert geregeld in reklame-filmke út mei de oprop "Stim Lokaal" of yn de Nederlânske ferzje "Stem Lokaal". Dit filmke is ek te sjen op de FNP-hiemside.

 

Of klik it plaatsje foar de fryske as hjir foar de Nederlânske ferzje.

 

Help de FNP op ynternet

Ek digitaal binne de ôfdielings aktyf, op ferkiezingssiden, mar ek mear en mear op Facebook en Twitter. De ôfdielingssiden binne maklik te finen fia fnp.frl, mar besjoch bygelyks ek de facebook siden FnpFryslân, FnpFerkiezings, FnpMenameradiel, FNPFrjentsjerteradiel en FNPLjouwerteradiel...

 

 

Hoe mear minsken as de siden besykje hoe better de FNP fûn wurdt troch sykmasjines. Allinich dêrom al wolle wy hiel graach dat jo de links yn dizze nijsbrief safolle mooglik brûke.  

FacebookLikes

 

FNP-ers dy't in akkount op Facebook hawwe, wolle we freegje om safolle mooglik siden, youtube filmkes en/of nijsberjochten oan te merken as "vind ik leuk" (of  "mei ‘k wol oer").

 

Sadree as jo ien fan de ôfbylde knopkes "vind ik leuk", "leuk" as "Like" op in ‘tommeweardige' FNP side sjogge, helpe jo de FNP troch der efkes op te klikken. 

 

 

FacebookRegister

 

Ha jo noch gjin facebook account dan is dit faaks in goede reden der ien te meitsjen. It is en bliuwt fergees en jo kinne dat ek ûnder in anonyme namme as bygelyks Fnp Supporter dwaan as dat jo better útkomt...

 

Jo binne fansels ek frij om oare minsken/freonen te attindearjen op

ús siden, troch harren út te noegjen

mei it fjild dat Facebook dêr foar biedt:

 

Wy fan de PR-kommisje sjogge jimme graach op ús Facebooksiden werom. Foar fragen kinne jo terjochte by Gea Iedema (gea.iedemafnp.frl). 


 

 

Hoe't lanlike partijen oer Fryslân tinke

Mei 4% fan de befolking mei Fryslân 10% fan de wynmûnen pleatse. Jawis, de lanlike partijen yn Den Haach kinne Fryslân op dat mêd goed fine, krekt as by it boarjen nei skaaljegas. Mar as it om de fertsjintwurdiging fan de belangen yn Europa giet, litte de grutte partijen dat dochs leaver oer oan politisy út de rânestêd. Op de earste 20 plakken fan de grutte partijen steane mar leafst 17 (!) minsken út de Rânestêd, in Fries komt der net oan te pas. Nei alle gedachten komt nei de Europeeske ferkiezings gjin inkelde ynwenner út Fryslân yn it Europeesk parlemint.

 

Dat it de Friezen sûnder sit yn Europa dochs slagget om Fryske saken te behertigjen is te tankjen oan de aktive rol fan de FNP binnen de EFA. Dêr helpe Skotten, Katalanen en oaren ús as Den Haach rjochten of ôfspraken liket te ferjitten. De eardere EFA-aksje foar it behâld fan Tryater en de resinte moasje oer it behâld fan ús eigen Omrop Fryslân binne dêr moaie foarbylden fan.


MinderDenHaachMearFryslan

Yn guon lannen is wetlik fêstlein dat regio's mei in sterke eigen identiteit ek eigen sitten hawwe yn it Europeesk parlemint om harren belangen te behertigjen. Dêr moatte wy fansels ek op ta en it mei dúdlik wêze dat soks allinnich kin fia in eigen selsbewust Frysk bestjoer. De FNP is dêr de basis foar. Mei in sterke FNP sille ek de Fryske takken fan lanlike partijen it oandoare om har eigen lûd mear hearre te litten.

Minder Den Haach mear Fryslân, stim FNP.

 

Ut de ôfdielings

 

Fnp Achtkarspelen FNP-Achtkarspelen hat as altyd in sterke list mei oansprekkende tema's. Sjoch wêr as de kandidaten fan Achtkarspelen foar steane...

 

 

Fnp Dantumadiel

FNP-Dantumadiel sit yn 'e lift mei nije leden en kandidaten dy't Jerrit en Emke fersterkje kinne. Lês hoe as Corry Ludema har foarstelt....

 

 

FNP-DongFnp Dongeradieleradiel kiest foar minsken. Lês it ynnimmende stik fan Fraksje Foarsitter Fedde Breeuwsma oer de takomst fan de soarch....

 

 

Fnp Ferwerderadiel

FNP-Ferwerderadiel giet ûnder lieding fan Jaap Hijma foar leefberens.

Lês de spearpunten fan Ferwerderadiel...

 

 

Fnp Frjentsjerteradiel

FNP-Frjentsjerteradiel docht it foar jo !

en mei humor, sjoch de fnpprintsjes fan Frjentsjerteradiel....

 

 

 

Fnp Kollumerlan

FNP-Kollumerlân is faaks wol it meast fanatyk.

Sjoch de kampanje fan Kollemerlân by nacht...

 

 

 

Fnp Littenseradiel

FNP-Littenseradiel wurdt oanfierd troch Welmoed v/d Werf.

Lês hjir de pakkende taspraak fan Welmoed....

 

 

 

Fnp Ljouwerteradiel

FNP–Ljouwerteradiel keapet ek dizze kear de kiezers wer om mei pompeblêd koekjes fan Nico en Aeltsje. Les dit en mear nijs op harren facebook side...

 

 

 

Fnp Menameradiel

 

FNP-Menameradiel giet mei de karavan troch de doarpen en is aktyf op facebook. Hear listlûker Rikus Sinnema op ús omrop...

 

 

FNPFnp Opsterlan-Opsterlân lit mei in list fan mar leafst 21 kandidaten fan him hearre.

Sjoch de lange list fan Opsterlân....

 

 

 

Fnp Smellingerlan

FNP-Smellingerlân hat te krijen mei in stêdske kultuer. Moai stik fan Saapke

oer relaasje subsydzje Lawei-Meldij en amateur muzyk...

 

 

 

Fnp SudwestFryslan

FNP-Súdwest-Fryslân hâldt de grutste gemeente fan Nederlân mei beide fuotten oan de grûn en iepent it lytste stimlokaal fan Nederlân mei de sterkste man fan de wrâld....

 

 

Fnp Tytsjerksteradiel

FNP-Tytsjerksteradiel is fanâlds goed fertsjintwurdige yn de rie. Mei 2 HB-ers op de list sil it dit jier ek grif wer klear komme.

Lês it dúdlike program fan Tytsjerksteradiel....


 

Oar nijs...

 

Gaswinning soarget foar ûnrêst yn Fryslân

De FNP ôfdielings Opsterlân en Hearrenfean organisearren op woansdei 5 maart in ynformaasjejûn oer gaswinning yn de provinsje Fryslân. Fierder lêze...

 

Temajûnen Steatefraksje

Praat mei oer de takomst fan Fryslân op de fjouwer temajûnen om 20.00 oer yn hotel Duhoux yn Wurdum: 

- Freed 4 April: Ekonomy, finânsjes, toerisme en rekreaasje

- Moandei 7 April: Sosjaal belied en soarch

- Freed 11 April: Romte, wenjen en lânbou 

- Freed 2 maaie: Fryslân en de gruttere ferbannen

Sa mooglik foarôf efkes oanmelde by temajunfnp.frl?subject=Temajûnen

 

Frijbûtser kwyt ? 

Lês frijbûtser online en yn kleur

 

Mear FNP-nijs en ynfo?

Sjoch op ús hiemside

 

Ta beslút

DikkeTommeAchtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Frjentsjerteradiel, Kollumerlân, Littenseradiel, Ljouwerteradiel, Menameradiel, Opsterlân, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân en Tytsjerksteradiel: súkses tawinske by de lêste kampanje-plannen en fansels op 19 maart.

 

Dat de stimbussen mar útpûlje meie mei stimbiljetten, mei de FNP oeral as grutte winner!

 

Oer de niisbrief

Hawwe jo dizze nijsbrief fia kunde krigen, mar wolle jo him tenei streekrjocht krije? Stjoer in e-mail oan it partijhûs mei it boadskip ‘Graach nijsbrief streekrjocht'.

 

Wolle jo dizze nijsbrief net wer krije? Dat kin fia de link hjirûnder.

 

Tige tank foar it lêzen. Oant in oare kear as oant sjen op ien fan de gearkomsten!

 

 

 

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)