Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Frjentsjerteradiel: FNP Frjentsjerteradiel docht it foar jo!

De FNP is in partij dy’t opkomt foar Fryslân en syn ynwenners. De FNP stribbet nei in provinsje mei mear eigen foech. In provinsje dy’t sels wikt en beskikt oer bygelyks de boaiemskatten. Taal, kultuer èn lânskip binne wichtige parten fan ús identiteit.

De FNP is in demokratyske partij en stiet in sa grut mooglike iepenbierheid fan bestjoer foar. De macht heart úteinlik bij de boarger te lizzen, ek as it om it kiezen fan in boargemaster giet. 

De FNP is op federale wize, fan ûnderen op, yn Den Haag fertsjinwurdige yn de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie) en yn Europa middels de EFA (European Free Alliance). Der moat goed sjoen wurde hokker oerheid it bêste hokker taak útfiere kin.

De FNP wol útgean fan de eigen krêft fan Fryslân.

Foar de FNP stiet foarop dat minsken de kâns krije moatte harsels te wêzen en harsels te ûntwikkeljen. De kwaliteit fan libben yn in feilige mienskip slacht de FNP heech oan. Solidariteit tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik is tige wichtich. It mienskipstinken sil ta gefolch ha dat nimmen oan de kant komt te stean.

De FNP set fraachtekens bij it stribjen nei mear groei en opskaling. Foaral it miljeu hat dêr yn it ferline bot fan te lijen hân. De FNP stribbet nei in "griene" wrâld, dêr't elts sûn libje kin.

FNPKandidatenFrjentsjerteradiel

It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje.



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)