Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fryslân: Winst foar de FNP yn 9 fan de 13 gemeenten

Partij dik tefreden mei resultaat

Ultsje Hosper portret   

De FNP is dik tefreden mei it resultaat fan de gemeenteriedsferkiezings. Nei De Fryske Marren is de FNP no ek yn Achtkarspelen en Kollumerlân de grutste partij.

 

Ultsje Hosper, partijfoarsitter

Reaksje? Mail ultsje.hosperfnp.frl

 

De FNP boekte winst yn 9 fan de 13 gemeenten dêr't de FNP meidie oan de ferkiezings. Der wie ferlies yn 4 gemeenten, mei as totaal resultaat in winst fan 5 sitten. Boppedat hawwe beide oan de FNP besibbe partijen ek wûn. De Frije Bilkerts gean fan 2 nei 4 sitten en Weststellingwerf Natuurlijk! komt mei ien sit yn de ried.

 

Neist de grutte winst yn Achtkarspelen en Kollumerlân, ferdûbele de FNP yn Frjentsjerteradiel en Dantumadiel en komt de FNP op 'e nij yn de rie fan Opsterlân. Ek yn Dongeradiel en Menameradiel pakt de FNP der in sit by. De FNP luts mear stimmen yn Ferwerderadiel en Littenseradiel, yn Tytsjerksteradiel bleau it persintaazje hast gelyk. Yn Súdwest-Fryslân, Smellingerlân en Ljouwerteradiel moat de FNP spitich genôch in sit ynleverje. Foarsitter Hosper tinkt dat dit yn Súdwest-Fryslân en Smellingerlân benammen komt troch it meidwaan fan de SP.

 

De FNP dielt de winst mei lokale partijen dy't neffens Hosper aardich mei lifte koene op de FNP slogan "Minder Den Haach, mear Fryslân". It earste part is goed begrepen, it twadde part moat hjir en dêr noch wat komme. De kommende jierren sille foar gemeenten net maklik wurde. Der komt in protte op ús ôf, de besunigings sil it gemeentlik apparaat sels ek treffe en der sil faker in berop op de mienskip dien wurde moatte om foarsjennings safolle mooglik yn stân te hâlden.

 

As FNP geane wy út fan eigen krêft en wolle we ús graach mei en foar ús mienskippen ynsette om gemeentlike saken yn goede banen te lieden.



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)