Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Ferwerderadiel: Kampanje 2014

Hjirûnder de ynlieding troch de fraksje yn de gemeenteried.

Kampanje FNP 2014

 

De FNP is yn Ferwerderadiel mei 29 leden mar mar lyts, mar at it der op oan komt bloedfanatyk. It kampanjetiim fan in man as 7 docht hast alles sels, útsein it drukwurk en de fersprieding fan de Goeie!!, ús eigen ynformaasjeblêd.

De kampanje begûn al yn july 2013 mei in edysje fan de "Goeie!!"; yn dit hûs-oan-hûs-blêd jouwe wy de lêzer ynformaasje oer wat der achter de skermen fan de gemeentepolityk bart. Yn desimber wie der in twadde edysje en yn febrewaris in spesjale ferkiezingsedysje.

 

Krekt lykas yn 2006 en 2010 stie ek dit kear ús nûmer 2 fan de kandidatelist op de posters: Lisette Akkerman fan Ferwert. As FNP Ferwerderadiel binne wy tige emansipearre, en in kreaze dame op de posters is yn ús optyk foar de kiezer folle oansprekkender dan in man fan 60 (Hijma), 70 (Jongstra) of 72 (van der Heide).

 

De plakploech hat de posters op de 8 grutte buorden yn de doarpen stisele. Nei in pear dagen kamen wy der achter dat 5 fan de 8 posters ferdwûn wiene. Hoe't dat gien is, en wa't der achter sit is ús noch altyd in riedsel, wy witte it net. It soe samar kinne dat Lisette no by guon minsken thús oan de wand hinget.

Lisette is dus populêr by it publyk, en en ús djoere posters binne poater. It is wol apart dat gjin ien dus in foto fan bygelyks Van der Tol, Roel Ruben of Barbara Wijbenga oan ‘e want hingjen hat, want dy sitte allegear noch op de buorden....

 

Op sneon 8 maart hiene wy in FNP-aksjedei: mei 25 man sterk hawwe wy ús FNP-ferkiezingsstruibrief hûs-oan-hûs troch de hiele gemeente ferspraat en doe wie it wurdt oan de kiezer.....

 

Us FNP-ers sieten dit jier op de stimburo's fan Ferwert, Blije, Hallum en Reitsum. As lid fan in stimburo meitsje jo altyd aardige dingen mei. En oan de ein fan in lange dei wurde dan de stimmen teld, en tôget elkenien nei it gemeentehûs yn Ferwert.

 

De útslach

 

Doe ‘t Johan van Strien de earste twa útslaggen op it skerm yn de riedsseal fertoande, krigen wy it wol even krap. Sawol yn Blije as yn Reitsum minder stimmen as 4 jier lyn, dat wie gjin goed teken. Mar foar de FNP begûn yn Hallum de fiktoarje: yn it Trefpunt stiene wy der goed foar en yn Offingaburg wiene wy - mei ien stim mear as it CDA - de grutste partij. Dêrnei kaam de útslach fan Marrum: sawat 40% fan alle stimmen wiene foar de FNP en doe krigen wy wer moed. Yn Ferwert koe de FNP him ferfolgens handhaavje, en yn Burdaard wie der in beskieden winst.

 

By eintsjebslút hie de FNP 850 stimmen krigen, 72 stimmen mear as 4 jier lyn.

 

Foar de leafhawwers fan "rijtsjes" even in pear sifers; de berekkeningen binne makke op basis fan it oantal stimmen en de kiesdelers yn 2010 en 2014.

 

CDA: hie 3,88 sitten yn de ried en krijt no 3,61, in ferlies fan 0,27 sitten.

GBF: hie 2,34 sitten en giet nei 2,53 sitten, in winst fan 0,19 sitten; dat leveret in ekstra sit op

PvdA giet fan 1,75 sitten nei 1,42 sitten, in ferleis fan 0,33 sitten, en dat kostet in sit yn de ried

VVD giet fan 1,33 nei 1,20 sitten, in ferlies fan 0,13 sitten

CU stiicht fan 1,0 nei 1,28 sitten; in winst fan 0,28 sitten

 

De FNP hie 2,68 sitten yn de ried en krijt no 2,98 sitten. In winst fan 0,30 sitten; wy hienen 5 stimmen te min foar in tredde sit, mar wy binne bliid mei it resultaat dat wy helle hawwe.

 

Wy hoopje dat wy sa'n súkses hân hawwe om't de minsken de resultaten fan de ôfrûne fjouwer jier wurdearje en dêrom op de FNP stimd hawwe. As koalysjepartij hawwe wy besocht om de belangen fan ús boargers sa goed mooglik te behertigjen. De útslach jout oan dat de minsken fan Ferwerderadiel de ynset fan de FNP wurdearje.

Dêr by meie wy de rol fan ús koalysjepartner net ferjitte: wy hawwe 4 jier lang goed gearwurke: at it lije koe lieten wy inoar frij, en at it noadich wie, sochten wy inoar op om wichtige saken meiïoar op te lossen.

 

Foar de FNP Ferwerderadiel wiene de gemeenteriedsferkiezingen fan 2014 in súkses; en at wy de kommende 4 jier wer meidraaie kinne yn de regionale en provinsjale polityk, sille wy ús wer mei hert en siel ynsette foar de minsken fan Ferwerderadiel.

 

 

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)