Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Waadhoeke: FNP Waadhoeke mei de steatefraksje op reis

De riedsleden fan de no noch Frije Bilkerts en FNP-ôfdielingen hawwe mei de steatefraksje fan de FNP woansdei 1 novimber l.l. mei in Amerikaanske skoallebus in reis troch de doarpen yn aanst de nije gemeente Waadhoeke makke.

Deinum wie moarns de earste oanstekplak. Dêr waard it nije sportkomleks De Fjouwere besjoen fan 'e fuotbal-feriening, keats-feriening, follybal-feriening en gymnastyk-feriening. Dy binne no bestjoerlik in Sport-feriening Deinum. Wy waarden gastfrij ûnthelle mei kofje en gebak en Siep Tilma joech útlis oer de fernijing fan de sport-fersjenningen en de nije bestjoers-foarm.

 

It twadde oanstekplak fan dizze reis wie Swarte Haan. Dêr fertelde Leendert Ferwerda oer it ûntstean fan it Bilt, de Biltske taal en eartiidse boat-ferbining, fan 1932 oant en mei 1947, tusken Swarte Haan en it Amelân. Ek waard by it gemaal de fisk-passaazje foar glêsiel en de trijetoarnige stikelbears, fanôf de Noardsee-Waadsee nei it binnenwetter besjoen.

 

De lêste oanstekplak wie kafee "De Driesprong" yn Winsum, ien fan 'e doarpen fan Littenseradiel dy 't op 1 jannewaris 2018 yn de nije gemeente Waadhoeke komt te lizzen. Wethâlder Bram Bonnema fertelde oer de yndustry en dêrmei de wurkgelegenheid yn dit doarp.

 

Corlienke de Jong, steatelid en fraksjefoarsitter:

 

"Dit fûn ik echt in geweldige moarn. Tige tank!"

 

FNP Waadhoeke Wurkbesite start FNP Waadhoeke Sportkompleks SF Deinum
FNP Waadhoeke Sportcomplex SF Deinum FNP Waadhoeke oranjekoek
FNP Waadhoeke Zwarte Haan
FNP Waadhoeke Vispassage
FNP Waadhoeke Zeedijk Waddenhoek
FNP Waadhoeke Winsum FNP Waadhoeke Trije Sprong
FNP Waadhoeke Autobedrijf Venema FNP Waadhoeke St Anne
   


Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)