Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Programma 2007-2011

Tekst en *.pdf dokumint NL, Frysk en Ingelsk

It folsleine program kinne jo hjir *.pdf dokumint delhelje.

Het volledige programma kunt u hier downloaden als *.pdf document. 

Download the 2007 program as *.pdf document here

Ynlieding op it Ferkiezingsprogramma

De FNP is dé partij foar Fryslân, foar dat lân en de minsken dy't dêr wenje. Dat betsjut dat de FNP útgiet fan Fryslân en fynt dat wat út Den Haach en Brussel wei op Fryslân ôfkomt yn it belang wêze moat fan Fryslân. De FNP wol Fryslân sterker, sosjaler en duorsumer meitsje. Fryslân is lykwols gjin eilân. De FNP stiet iepen foar gearwurking binnen Nederlân en Europa. Dat betsjut dat de FNP ree is om ferantwurdlikheid te dragen en mei oaren te besykjen safolle mooglik it eigen politike program om te setten yn bestjoerlike dieden.

 

Yn haadsaken

Foar de FNP giet it de kommende fjouwer jier om wurk, wenjen en dy saken dy't Fryslân sa bysûnder en tagelyk sa moai meitsje, de kearnkwaliteiten: lânskip, taal en kultuer en de Fryske mienskip. Dy saken wol de FNP beskreppe mei fernijend belied. Dat moat benammen stal krije troch in aktive ynset fan de provinsje foar de eigen Fryske belangen en troch de boarger sintraal te stellen. Te lang is troch it provinsjebestjoer ynset op grutte projekten as it Megapark en de Sweeftrein. De FNP fynt dat te folle útgien is fan de saneamde efterstân fan Fryslân. Wy fine ek dat te lang it jild nei asfalt gien is.

 

De FNP is fan miening dat Fryslân in nij paad ynslaan moat. In paad mei de boarger wer op it foarste plak. Tefolle is it bestjoer en alles wat der eartiids ûnder foel it domein wurden fan adviseurs, managers en saakkundigen en te min in saak fan de boarger sels. It minsklik gesicht, it mekoar as minsken erkennen en werkennen stiet ûnder druk by de oerheid en semy-oerheid, fan wenningbouferienings, ûnderwiis en soarch oant en mei de nutsfoarsjennings. De grinzen fan de privatisearring moatte skerp yn 'e gaten hâlden wurde.
- De FNP wol ynsette op in lytsere, mear werkenbere oerheid. In oerheid dy't goedkeaper en minder yngewikkeld wurket.
- De FNP wol it wetterskip opheffe.
- De FNP wol in oerheid dy't mear foar en mei de minsken docht troch de boarger mear sizzenskip te jaan.

Tefolle binne ús kearnkwaliteiten oantaast en wurdt it dreech om it moaie fan Fryslân, lykas it lânskip mar ek de taal en kultuer, te behâlden. Fryslân is wat dat oanbelanget unyk. Alles wat yn dat ferbân fan wearde is moatte we hoedzje en noedzje. It gea en de natuer moatte we behâlde en fersterkje. Dat kin inkeld mar troch minsken te fertrouwen yn stee fan har mei regeltsjes en boetes yn de stringen te hâlden. De FNP wol dat natuerbehear net allinne in saak fan rjochters of plysjes is, mar ek fan boeren en frijwilligers yn mienskiplik gearwurkjen mei de oerheid.

 

De Fryske taal en kultuer steane ûnder druk. It komt sa net goed mei it Frysk. Ferskate ûndersiken toane dat oan. As der no net foar opkommen wurdt dan is it aanst dien mei it Frysk. It provinsjebestjoer sil him dêrom ekstra ynspanne moatte om ús taal en kultuer te behâlden en fuort te sterkjen. Dêrby giet it net om mear regels of om mear twang, mar gewoan om mear Frysk te brûken by de oerheid, yn it ûnderwiis en om âlden oan te moedigjen Frysk tsjin har bern te praten. Frysk moat in funksje-eask wurde foar kontaktfunksjes by de oerheid.

De FNP wol dat Fryslân ekonomysk sterker wurdt. Op dat mêd sille we in nij paad ynslaan moatte of oars sein: in nij spoar lizze moatte. Iensidich waard alle heil fan grutte spoarlinen, mega-yndustryterreinen en de Rânestêd ferwachte. Tefolle is praat fan efterstân en te min fan al dy saken dêr't Fryslân in foarsprong yn hat. Mear as ea komt it op Fryslân sels oan. Dêrom wol de FNP dat de provinsje flink mear ynvestearret yn dy saken dêr't Fryslân in foarsprong yn hat of krije kin. Underwiis is by útstek in ynvestearring foar de takomst.

 

De FNP wol better ûnderwiis. Der meie gjin learefterstannen wêze. It beropsûnderwiis moat wer oanslute op it bedriuwslibben. De Fryske universiteit moat der no ris in kear komme. It midden- en lytsbedriuw, benammen ek op de lytsere doarpen, moat groeie en bloeie kinne. Ljouwert is en bliuwt ús haadstêd, ek yn ekonomysk opsicht. Fryslân is in provinsje dy't sterk op lânbou rjochte is. Dêr is ek yn ynternasjonaal opsicht it nedige mei te beskreppen is.

 

4. De fiif haadtema's

It ferkiezingsprogram is opboud út fiif haadtema's: Wurkjen, Wenjen, Mienskip, Bestjoer en Duorsumens. Yn dy tema's wurkje wy op haadlinen ús tinken út. Wy beslute alle tema's mei in stikmannich spearpunten.

 

4.1 Fryslân Wurket

In provinsje mei potinsje
Aktyf ynsette op it ûntwikkeljen fan de saken dêr't Fryslân en Friezen goed yn binne, is it sintrale útgongspunt. De FNP is en bliuwt tsjin it Suderseespoar. Dat spoar kostet te folle en smyt te min op. De tasizzing fan it Ryk om 2,73 miljard by te dragen oan it spoar is ornearre foar de ekonomyske ûntjouwing fan Noard-Nederlân. Dat bedrach mei net inkeld mar keppele wurde oan in spoarferbining. De FNP wol dat Fryslân in evenredich part fan dy 2,73 miljard kriget. Wy wolle dat jild brûke foar saken dy't Fryslân kânsen biede op in eigen ekonomyske ûntjouwing. Undernimmersskip dat rjochte is op in duorsume takomst is dêrby it útgongspunt.

 

Fryslân draacht mei syn boaiemskatten flink by oan de rykdom fan Nederlân. Dêr moat Fryslân mear en better foar kompensearre wurde. Yn Noardlik ferbân easket de FNP 15 miljard út de ierdgaspot. Undernimmers, boeren en huzebesitters meie net de rekken presintearre krije foar de winning fan gas en sâlt. De sâltwinning by Harns wurdt as it heal kin stillein salang't boargers har skea net ferhelje kinne en ûnwis is wat de gefolgen foar de wetterbehearsking binne. It omdraaien fan de wetlike bewiislêst by skea troch it winnen fan mineralen is noch hieltyd it stribjen fan de FNP. Dêrneffens moat de Mynwet oanpast wurde.


Ljouwert moat de romte krije om him sosjaal en ekonomysk te ûntwikkeljen en om de konkurrinsje yn Noard-Nederlân oan te gean op allerhande mêd, lykas kultuer, rekreaasje en toerisme, ûnderwiis en wittenskip. Dêrby wol de FNP benammen ek ferbiningen lizze mei lyksoartige regio's yn Europa.

Midden- en lytsbedriuw: kânsen pakke, kânsen meitsje
De krêft fan Fryslân op it mêd fan it midden- en lytsbedriuw, rekreaasje en toerisme en lânbou moatte we behâlde en fierder útbouwe. Al langer docht bliken dat it midden- en lytsbedriuw dè motor foarmet foar de ekonomyske foarútgong fan Fryslân. Dy motor sit rûnom yn Fryslân. In duorsume ûntjouwing moat mooglik makke wurde troch de ûndernimmers sels de romte te jaan. It opreitsjen fan de foarried oan fossile brânstoffen kin ús ekonomy kwetsber meitsje. Troch it duorsum opwekken fan enerzjy sille wy minder ôfhinklik wurde. Nije ûntjouwings fan ús bedriuwslibben en kennisynstituten op dat mêd wol de FNP stypje mei jild út it Waadfûns en mei it jild dat frijkomt no't de Sweeftrein net troch giet. Duorsum ûndernimmersskip mei minder regels en mear mooglikheden en kânsen.

 

De FNP wol it ynnovaasjefermogen by it besteande MKB-bedriuwslibben fersterkje en helpe by it fierder ûntwikkeljen fan Fryske útfinings ta produkten dy't ferhannele wurde kinne. De FNP wol by it toerisme net allinnich each hawwe foar de grutskalige wetterrekreaasje mar ek foar it meitsjen fan in kwaliteitsslach en it ûntwikkeljen fan it toerisme op it lân.

 

Rekreaasje en Toerisme
Rekreaasje en Toerisme is foar Fryslân in tige wichtige bedriuwstak. Likernôch 12% fan de Fryske beropsbefolking fynt dêr in bestean yn. It provinsjale beliedsplan Rekreaasje en Toerisme 2002 - 2010 hat it oer in stiging fan 15% fan it tal rekreanten foar Fryslân. Ut de evaluaasje fan dat belied docht bliken, dat dit persintaazje (noch) lang net helle is, mar dat de besteging per rekreant flink omheech gien is. Al mei al hawwe de steaten dy evaluaasje foar kundskip oannommen mar der tagelyk bysein, dat it belied sûnder restriksjes hanthavene wurde moat. Ambysje dus!


De FNP wol mear as foarhinne toeristen nei Fryslân helje. De organisaasjes, dy't soks befoarderje (bygelyks Fryslân Marketing) wolle wy optimaal fasilitearje om oer de hiele wrâld minsken te wizen op de toeristyske mooglikheden fan Fryslân. As dy minsken dan yn Fryslân binne moat der in adekwaat netwurk fan VVV's wêze, dat yn gearwurking mei it lokale bedriuwslibben de toerist paadwiis makket en fermakket. De Provinsje moat de rezjy fiere oer in goede VVV-organisaasje.


Utwreiding fan de toeristyske mooglikheden siket de FNP net yn grutskalige attraksjeparken mar mear yn lytsskalige projekten nei aard en skaal fan ús doarpen en stêden. Dêr moatte ús taal en kultuer ek har gerak yn krije. Yn dat ramt wol de FNP befoarderje dat yn in protte doarpen saneamde doarpsgidsen oplaat en oansteld wurde om toeristen te wizen op de kultuer-histoaryske aspekten fan doarp, stêd en gea.

 

Ferkear en Ferfier
Neffens de FNP moat de besteande haven fan Harns wer in seehaven fan ynternasjonale betsjutting wurde. Ut Harns wei moat Fryslân better oanslute op East- en Noard-Europa. De spoarferbining Ljouwert-Grins moat folslein ferdûbele wurde en fia Leer fierder Europa yn gean. Undersocht moat wurde oft in "light rail"-ferbining Grins - It Hearrenfean in oplossing is om Drachten oan it spoar te krijen. De farwei nei Drachten wurdt oanlein fan de Fonejachtbrêge nei de sânput yn Drachten.
It farwetter de Boontjes tusken Harns en de slûs yn de Ofslútdyk wurdt sa yngripend oanpakt dat in ein komt oan it fersânjen. De Lemmer krijt in konteneroerslachplak.

 

Wen-wurkferkear mei de fyts en it iepenbier ferfier moatte troch de Provinsje stimulearre wurde.
De FNP fynt dat der gjin ferlet mear is fan nije grutskalige projekten foar ferbettering fan de ynfrastruktuer. Nije projekten en oplossings foar knipepunten, lykas in akwadukt by De Lemmer of in ûndertrochgong, binne noch wol mooglik as in 'Maatskiplike Kosten en Baten Analyze' dêrta oanlieding jout. Wat it asfalt oanbelanget is Fryslân no wol hast klear, sa fynt de FNP.

 

In better Iepenbier Ferfier dat net ôfhinklik is fan Haachske besunigings
De FNP hat mei soarge foar in nije foarm fan iepenbier ferfier yn Fryslân. Dy sil fan 1 jannewaris 2007 ôf ynfierd wurde. De FNP stribbet dêrmei nei in iepenbier ferfiersysteem dat net ôfhinklik is fan de politike wyn út Den Haach wei en dat dochs by steat is om safolle mooglik iepenbier ferfier te leverjen dat tasnien is op it werklike ferlet by de minsken. Dat betsjut: alle doarpen in oansluting op it iepenbier ferfier. It iepenbier ferfier moat tagonkliker en oantrekliker wurde, benammen foar âlderein en jongerein. Dat kin bygelyks troch mear perioaden mei goedkeap of fergees iepenbier ferfier foar bepaalde doelgroepen.

Mear ynvestearje yn minsken
It is no tiid om mear yn minsken en mooglikheden te ynvestearjen, yn stee fan yn asfalt. Dêrom komt mear en better ûnderwiis by de FNP op it foarste plak. Fan heech oant leech moatte we ynvestearje yn de opliedings foar de wurkjende befolking en de bern. Der sil op koarte termyn in Fryske Universiteit komme moatte. De problemen yn it ûnderwiis yn Fryslân kinne better oplost wurde út Fryslân sels wei as út Den Haach. De provinsje moat him aktyf ynsette om mear foech en middels foar it ûnderwiis te krijen.

In oerheid dy´t net yn 't paad sit
Boargers, ûndernimmers, wurknimmers en de oerheid moatte it mei-inoar dwaan. Dat betsjut neffens de FNP dat der minder regels komme moatte en mear mooglikheden. De bestjoerslêst, de tiid dy´t ferlern giet mei de behanneling fan de oanfraach foar fergunnings moat tagelyk mei de belestingdruk fierder en mjitber omleech. De provinsjale organisaasje moat tarist wêze op syn taak. Hanthavening fan regels troch de Provinsje op bygelyks it mêd fan miljeu, moat effektyf plakfine.

Fryslân ynternasjonaal
De ekonomyske ûntjouwing is al lang net mear nasjonaal of Europeesk. Wy libje yn in mondiale wrâld. Fryslân sil dêr oan meidwaan moatte. Mear eksport, benammen nei East-Europa en de nije EU-lidsteaten is fan libbensbelang. De FNP wol datoangeande in eigen Frysk bûtenlânsk ekonomysk belied. Dat betsjut yn it foarste plak dat der netwurke wurde moat. De provinsje set aktyf yn op kontakten mei dy gebieten dêr't Fryslân wat oan biede kin. In ekspertizesintrum yn Ljouwert foar Europeeske (taal)minderheden en regionale identiteiten kin dêrta bydrage.

 

In sosjale ekonomy
De ôfrûne jierren hawwe har spoaren neilitten op mentaal en sosjaal-ekonomysk flak. De maatskippij is mei fanwege Haachsk belied ferhurde en ferdield rekke tusken winners en ferliezers. De ûnderlinge solidariteit, it inoar herkennen en erkennen, driget te ferdwinen. Earmoed stekt de kop op. De FNP wol in effektyf sosjaal belied dat dy twadieling en de nije earmoed bestriidt. De provinsje moat aktyf ynsette op inisjativen om mear minsken oan it wurk te krijen.


De FNP wol hoeden omgean mei fierdere privatisearring fan publyk besit. Sa kin de produksjekapasiteit yn de enerzjyfoarsjenning privatisearre wurde, mar de transportkapasiteit, it netwurk, net. De FNP fynt de drinkwetterfoarsjenning sa essinsjeel dat sawol produksje as transport wer yn oerheidshannen komme moatte.

 

Om koart te gean:
1. In eigen Fryske Universiteit.
2. Mear foech oer it ûnderwiis nei it provinsjebestjoer.
3. Gjin Suderseespoar mar foar Fryslân in evenredich part fan de taseine 2,73 miljard foar it ûntwikkeljen fan saken dy't Fryslân kânsen biede.
4. Duorsume foarmen fan enerzjyproduksje stimulearje, útsein wynenerzjy.
5. Gjin ferheging fan de provinsjale opsinten.
6. In ‘Willy Woartelfûns' foar op de takomst rjochte ûntwikkelingen en produkten.
7. Provinsjale fergunnings moatte binnen 8 wike ferliend wurde, oars krije de oanfregers in fergoeding. 8. Midden- en Lytsbedriuw yn de Agraryske Sektor, Toerisme, Metaal, de Bousektor en Skipsbou fersterkje, benammen troch it beropsûnderwiis foar dy sektoaren better te meitsjen.
9. Produksje en transport fan Drinkwetter moat wer yn oerheidshannen komme.

 

4.2 Fryslân Wennet

Fryslân is moai...
De romte is ien fan Fryslâns foarnaamste kwaliteiten. Dy moatte we brûke, mar net misbrûke. De FNP stiet foar in ôfwoegen romtlik belied, dat de Friezen de mooglikheid jout om wenjen, wurkjen en rekreëarjen neffens aard, skaal en karakter te ûntwikkeljen. Troch fertichting fan de bebouwing wurdt it fergriemen fan grûn tefoaren kommen. Fryslân is moai en dat moat sa bliuwe. Dat kin neffens de FNP it bêste troch de minsken dy't it measte belang by dat lânskip hawwe, de Friezen sels, noch better by har eigen gea te beheljen. Warbere doarpen en aktive frijwilligers moatte belutsen wurde en belutsen bliuwe by de ûntjouwings yn eigen doarp, stêd en gea. De provinsje moat dat mear en better mooglik meitsje. De provinsje fasilitearret mear as oant no ta de lokale doarps- en stedsgidsen. Dy kinne de toerist wize op de moaiste plakjes.

 

Mear romte as inkeld foar wenjen
Wenjen bringt mear mei as inkeld huzen. Wenjen betsjut ek wenjen mei inoar. Der moatte gjin ûnnedige planologyske en prosedurele beheinings opsmiten wurde foar lytsskalige bedriuwen oan hûs en by de doarpen.
De FNP is der foar dat troch de saneamde mantelsoarchwenten minsken tydlik de mooglikheid krije fan ekstra wenromte foar it fersoargjen fan in slim siik famyljelid. De Provinsje moat de gemeenten frijheid fan hanneljen jaan om dêr as it nedich is op koarte termyn tastimming foar te jaan.

 

Fryslân net inkeld in wenprovinsje
It tebekrinnen fan de Nederlânske befolkingsomfang sil ek net oan Fryslân foarby gean. De FNP fynt dat gjin ekstra stimulearjend provinsjaal belied nedich is om hjir mear minsken hinne te heljen. Fansels moat der boud wurde kinne, mar dan foar it eigen ferlet fan de Fryske befolking.


Genôch beskikbere hierwenten en boukavels by eigen doarp en stêd geane foar alles. Yn it foarste plak moat boud wurde foar it ferlet fan de eigen befolking mei as doel jongerein, âlderein en húshâldens mei bern in kâns te jaan om yn eigen doarp of stêd te bliuwen. De FNP is foarstanner fan maatregels lykas in startershypoteek om starters en minsken mei in lytser ynkommen by steat te stellen om in hûs te keapjen. De FNP fielt neat foar romteslinend en fersnipeljend wenjen op bûtenpleatsen foar de elite, wite skimmel of grutskalige rekreaasjeprojekten. Ek wat de wentebou oangiet is duorsum bouwen it útgongspunt.


De FNP is min te sprekken oer de ûntjouwings by de wenningkorporaasjes. Wiene dat eartiids ferienings wêrby't de hierders en oare belanghawwenden ynfloed útoefenje koene op it wenbelied, hjoed de dei binne benammen finansjele motiven stjoerend. Dat is net goed. De eigen mienskip moat wer mear grip krije op de wenningkorporaasjes, benammen oangeande it tawizingsbelied.
Troch de skaalfergrutting yn de lânbou komme der hieltyd mear pleatsen frij. Dy moatte omfoarme wurde kinne ta nije foarmen fan wenjen, wurkjen en soarch.

Wat moai is, moat moai bliuwe

De kwaliteit fan ús lânskip moat fierder fersterke wurde. Untjouwings moatte passe by of in fersterking betsjutte fan aard, skaal en karakter fan Fryslân. De provinsje moat syn regisseursrol wiermeitsje. Dat kin troch ien ûnwikkelingsplan foar de romtlike oardering yn Fryslân op te stellen. Dêr krije wenjen, wurkjen, rekreëarjen, mar ek it wetter en de fersterking fan de natuer in op himsels steand, mar yntegraal plak yn. Iepen gebieten moatte we net fierder folbouwe, mar earst moat sjoen wurde nei ferfangende nijbou.

Kleare kimen, rom hert

De romte fan it Fryske lân, de skjinne lucht en de by nacht flonkerjende stjerrehimel binne rykdommen dy't neat kostje, mar wol ús noed freegje. Dêryn is gjin plak foar nije wynmûnen en grutskalige glêstúnbou. Ljochthinder moat sa folle mooglik tsjingien wurde, bygelyks troch yntelliginte ferljochting by fytspaden dy't inkeld oangiet as der in fytser oankomt.

Om koart te gean:
1. De mienskip moat mear sizzenskip krije oer it tawizingsbelied fan wenningkorporaasjes.
2. Mear wenten foar it ferlet fan de Friezen sels.
3. In provinsjale startershypoteek om jongerein en minder kapitaalkrêftigen by steat te stellen in eigen wente te keapjen.
4. Ien yntegraal provinsjaal ûntwikkelingsplan yn stee fan allegear nota's mei eigen regels.
5. Fersterking fan de besteande doarps- en mienskipshuzen.
6. Lytsskalige bedriuwsterreinen dêr wêr't der ferlet fan is.
7. Duorsume wentebou.
8. Skjin wetter en droege fuotten troch in linich peilbehear en foldwaande mealkapasiteit.

 

4.3 Fryslân Libbet

 Mienskip
Mienskip en kultuer binne elkoar fersterkjende eleminten en dêrom tige wichtich as it giet om wearden en noarmen, wolfeart en wolwêzen, ymmigraasje en yntegraasje. De FNP wol de unike en sterke Fryske dwersferbinings fan syn mienskip aktyf fersterkje om't dy mienskip mear is as inkeld in optelsom fan yndividuen. Dy dwersferbinings besteane út ús taal en kultuer, mar ek út it ferienings- en muzyklibben, de sport en de media.

Respekt
De FNP giet út fan in iepen maatskippij dy't gastfrij en respektfol mei oare kultueren en libbenswizen omgiet. Minsken fan bûten moatte har oanpasse oan de wenstige kultuer hjir en tagelyk harsels wêze kinne. Hja moatte de romte, de mooglikheden en it respekt krije om yn Fryslân yn te boargerjen. Dêr moat de oerheid aktyf oan bydrage. Yntegraasje bart op plakken dêr't minsken op inoar oanwiisd binne: op skoalle, yn it doarp en op de wurkflier. Dêrom moatte wurk (betelle of ûnbetelle) en it folgjen fan in ynboargeringskursus lykop rinne. De ynboargeringskursussen moatte passe by de Fryske sitewaasje en dêrom omtinken jaan oan it plak dat it Frysk hat op 'e wurkflier en yn it maatskiplik libben.Troch it eigene te ferbinen mei de kânsen dy't de nije omjouwing biedt, kinne nije uterings fan ús kultuer fûn wurde. Sa bliuwt ús kultuer de bân dy't minsken bynt. Wy wolle net inkeld mar in humaan flechtlingebelied, mar ek in belied dat net ferhûddûket, mar opfang biedt as dat wetlik sjoen net mear kin.

De bern
De provinsje is ferantwurdlik foar de jeugdsoarch en de jeugdhelpferliening. Der sil maksimaal ynset wurde moatte op oansluting by it gemeentlik jeugdbelied sadat in trochgeande line ûntstiet fan help nei soarch. By it provinsjaal belied komt in aparte jongerein/berneparagraaf dêr't omtinken yn skonken wurdt oan it effekt fan dat belied. Mocht de jeugdsoarch by de provinsje weihelle wurde dan sil dat mei alle foech en finansjele middels dellein wurde moatte by de gemeente.

Wolfeart moat ek wolwêzen ynhâlde
Soarch en wolwêzen is in mienskiplik belang dêr't de provinsjale oerheid noed foar stean moat. De FNP giet derfan út dat de soarch yn Fryslân oanbean wurdt troch in systeem dat foar elk te beteljen is. Yn dat systeem moatte de foarsjennings sa op inoar oanslute dat it gehiel trochsichtich is. De brûker stiet dêrby sintraal. Te lange wachtlisten binne dêrom net akseptabel. De Fryske oerheid moat der op tasjen dat de tagonklikheid, sprieding, berikberens en de kwaliteit fan de soarch en foarsjennings yn Fryslân goed is. De provinsje moat dêr binende ôfspraken oer meitsje kinne mei de soarchferlieners dy't wurkje yn Fryslân. De ynspeksje fan de sûnenssoarch moat dêroer rapportearje oan it provinsjaal bestjoer.


Mear noch as it oanpakken fan de problemen jildt it te foaren kommen dêrfan. De FNP fynt dat net alle problemen fuortendaliks in eigen profesjonele helpferlieningstak fergje, mar dat mear omtinken jûn wurdt oan previnsje. Dat slagget inkeld as de soarch en de oerheid better harkje nei wat by de minsken spilet en har net fuortdalik behannelje as probleemgefal. De FNP wol de sizzenskip fan boargers, pasjinten en kliïnten oer de soarchynstellings fergrutsje. It Provinsjaal Sosjaal Ynvestearringfûns wurdt de kommende jierren geregeld evaluearre en wêr't soks nedich is oanpast oan it ferlet.

De eigen taal en kultuer

De Fryske taal en kultuer, en yn ferhâlding de Fryske streektalen, sitte yn in ûndergeskikte posysje foar it Hollânsk oer. Soks betsjut in ekstra ynset fan it Ryk, de provinsje en de gemeenten om dy brike ferhâldings rjocht te lûken.
Mei it tekenjen fan it Hânfest fan de minderheidstalen hawwe it Ryk, de provinsje en de gemeenten de ferantwurdlikheid op har nommen de posysje fan it Frysk en de streektalen te ferbetterjen. No komt it op neilibjen oan en dêr sil de FNP skerp op tasjen.Trije saken binne foar ús beskiedend: ûnderwiis, media en maatskiplik draachflak. De FNP wol alle ynwenners fan Fryslân, ek de nijkommers, belûke by ús taal en kultuer. Dêr wurdt in gearhingjend en alles omfiemjend aksjeplan foar opsteld: it deltaplan Frysk. Der moat mei nijsgjirrige en tûke aksjes oan wurke wurde, bygelyks in wolkomstfideo of -DVD foar nije ynwenners en in ynformaasjepakket oer meartaligens foar jonge âlden. De provinsje heart te fungearjen as oanjager en moat ek sels syn foarbyldfunksje wiermeitsje.

Mear meartalich ûnderwiis

Goed ûnderwiis is fan essinsjeel belang foar it yndividuele bern, mar ek foar de takomstige wurkgelegenheid yn Fryslân. De FNP stribbet nei kwalitatyf goed meartalich ûnderwiis dêr't Frysk en Hollânsk rom har gerak krije. Skoallen dy't wurkje neffens in bewust taalkonsept (bygelyks de trijetalige skoallen), helje goede risseltaten. Opfallend is dat krekt dy konsepten derfan út geane dat bern wol wat oankinne. De FNP wol dan ek ôf fan it efterstânstinken. Wichtich punt foar de FNP is it yntegrale taalûnderwiis. Dat bestjut dat troch de hiele skoalle hinne meardere talen oan bod komme en dat der goed neitocht wurdt oer hoe't je mei dy talen omgeane.

 

De eigen taal en kultuer moatte in folweardich plak hawwe yn de skoallen, net allinne as fak mar ek as fiertaal by oare fakken. It behâld en fuorsterkjen fan ús taal fergje goed ûnderwiis mei dêryn in romthertich omtinken foar it Frysk. Bliken docht dat de trijetalige skoalle goed útpakt foar Hollânsk- én Frysktalige bern. Meartalige ûnderwiisfoarmen yn it bûtenlân litte itselde sjen. De provinsje moat der nei stribje dat yn 2011 minimaal 50 fan ditsoarte fan skoallen rûnom yn Fryslân binne. Ek it tal Frysktalige en twatalige pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen moat flink útwreide wurde. Op dy wize wurdt effektyf taalûnderwiis kombinearre mei it trochjaan fan it Frysk.

 

De eigen kulturele identiteit heart it útgongspunt te wêzen by alle fakken op skoalle lykas skiednis, geakunde, muzyk, sport en biology. Ien en oar betsjut dat de skoallen yn Fryslân in eigen oanpak ha moatte en soks freget om in eigen ûnderwiisbelied binnen de lanlik fêststelde kaders. De provinsje Fryslân moat dêrom de earst ferantwurdlike oerheid foar it Fryske ûnderwiis wêze en sil dêrom mear foech oer en middels foar it ûnderwiis krije moatte.

 

De FNP trunet oan op in ûnôfhinklik Foarum, in koördinearjend ûnderwiisorgaan foar it Fryske ûnderwiis om oan de iene kant Ryk, provinsje en gemeenten te advisearjen oer it ûnderwiis yn de Fryske sitewaasje en oan de oare kant it draachflak te ferbreedzjen.
De FNP is tsjinstanner fan fierdere skaalfergrutting yn it ûnderwiis, omdat bern en learkrêften har feilich en thús fiele moatte kinne yn de eigen skoalle.

Sport
Sport is in wichtich ûnderdiel fan de Fryske maatskippij. Aktyf oan sport dwaan is goed foar lichem, geast en mienskip. De provinsje moat wurk meitsje fan de Fryske sport en dat ek útdrage, bygelyks troch in werkenbere Fryske reedridersploech te sponsorjen. Typysk Fryske sporten as reedriden, skûtsjesilen, fierljeppen, Frysk damjen en keatsen moatte mear en rommer omtinken krije, ek yn it ûnderwiis.

De media
Fryslân hat syn eigen stjoerder: Omrop Fryslân. Omrop Fryslân is net inkeld mar in regionale omrop, mar in moderne multymedia stjoerder foar de Fryske taalminderheid. Op grûn fan it feit dat it Frysk de twadde rykstaal is, moat Omrop Fryslân foldwaande jild ha om in folsleine en alsidige programmearring te realisearjen. (BFTK punt 5.1 en 5.5). It Ryk sil de yn 2001 taseine ynspanning om foar foldwaande middels foar dizze folsleine en alsidige programmearring te soargjen, realisearje moatte en dêrta dan mear romte en jild jaan moatte. Fierder wurdt Omrop Fryslân-TV yn de takomst ek 'live' fia ynternet útstjoerd as it oan de FNP leit. Dan kinne Friezen om utens (yn Nederlân, Europa, wrâld) op de hichte bliuwe fan wat der yn Fryslân omgiet.
De FNP fynt dat der in foldwaande en folwoeksen oanbod foar jong en âld wêze en bliuwe moat wat it skreaune Frysk oanbelanget.

 

Om koart te gean:
1. Alle basisskoallen yn Fryslân op termyn trijetalich.
2. Foech en jild foar it ûnderwiis moatte op termyn nei Fryslân sels ta.
3. Produksjefûns Fryske films en televyzjesearjes foar mear searjes as 'Baas boppe Baas'.
4. Omrop Fryslân krijt ekstra jild om in folsleine en alsidige programmearring te realisearjen. 5. De provinsje sponsort romhertich in eigen, werkenbere Fryske reedridersploech dy't op ynternasjonaal nivo meidraaie kin
6. Yn 2010 komt der in grutte, kulturele manifestaasje yn de geast fan Simmer 2000 om (nije) boargers mei-inoar en mei de Fryske kultuer te binen.
7. De eigen skiednis fan Fryslân moat yn it perspektyf fan Europa beskikber komme foar ûnderwiis en foarljochting mei audio-fisuele middels.

 

4.4 Fryslân Bestjoert

De lokale mienskip moat himsels wer bestjoere kinne
De Fryske gemeenten moatte safolle mooglik fersterke wurde om kontakt mei de mienskip te hâlden. It probleem fan de gemeenten wurdt benammen feroarsake trochdat Den Haach gjin omtinken mear hat foar de lytsere gemeenten. Dêrnjonken ha de gemeenten sels in protte saken ôfstjitten of op ôfstân set. It giet dêrby om de hierwenten, mar bygelyks ek om sosjale saken, de plysje en de brânwacht. Wy fine net dat der gemeenten wêze moatte omwille fan dy gemeenten, mar om de lokale mienskip safolle mooglik stjoer te jaan oer saken dy't dy lokale mienskip oangeane. Gearwurkingsferbannen stelle gemeenten by steat om selsstannich te bliuwen, mar soargje der ek foar dat it wurk dat dy gearwurkingsferbannen dogge fierder fan de minsken ôf komt te stean.


De FNP is tsjin gemeentlike weryndieling as dy net droegen wurdt troch de befolking fan alle belutsen gemeenten. De FNP is foar in keazen boargemaster en kommissaris fan de Keninginne om't alle bestjoerders op in iepen en demokratyske wize keazen wurde moatte.

De polityk moat transparant funksjonearje sûnder ûnnedige besletten gearkomsten. De gearkomsten moatte iepenbier wêze. De FNP wol aktyf ferantwurding ôflizze oan syn kiezers oer wat dien en berikt wurdt troch de partij.

It Wetterskip Fryslân moat opheft wurde om't it wetter as stjoerende faktor yn de romtlike oardering beliedsmjittich en bestjoerlik ûnder ien gesach heart. It moat ûnderbrocht wurde by de provinsje. De wetterskipsbestjoerders wurde fuortbesunige. Der komt dan in aparte deputearre foar it wetterbehear en de steaten nimme de taken fan it algemien bestjoer oer. De foarming fan ien Noardlik wetterskip wiist de FNP ôf.

De NUON-oandielen soargje derfoar dat ús provinsje der finansjeel goed foar stiet. De FNP fynt dat dat jild op in ferantwurde wize ynset wurde moat foar de hiele Fryske mienskip mei it each op in duorsume takomst fan de Fryske kearnkwaliteiten.

In eigen polityk rjochting Den Haach
Fryslân rekket wat langer wat mear ekonomysk en ekologysk ûndergeskikt oan de belangen fan de Rânestêd. Dêrmei beheint Den Haach foar Fryslân en de Friezen de eigen mooglikheden. De ynfolling fan de ferhâldings tusken Fryslân, Den Haach en Brussel moat dêrom oars. Tefolle sjogge provinsjale bestjoerders Den Haach nei de eagen.


De FNP wol in sterke provinsje Fryslân dy't krêftdiedich foar syn eigen belangen opkomt. Ofspraken mei Den Haach moatte juridysk ôf te twingen wêze. De FNP wol mear foech foar de provinsje as it om provinsjale saken giet.

 

De FNP is tsjin de foarming fan in Noardlik lânsdiel en fynt dat yn it foarste plak de posysje fan de provinsje fertsterke wurde moat. Noardlike gearwurking moat in mearwearde hawwe foar de provinsje. It 'Samenwerkingsverband' (SNN) moat lytser en fleksibeler wurde. De oanstjoering fan it SNN moat wer streekrjocht by de Steaten komme.

De FNP hat de ofrûne fjouwer jier fia de Onafhankelijke Senaatsfractie in senator levere foar de Earste Keamer. De Steateleden fan de FNP sille har stim wer útbringe op de kandidaat fan de OSF. Mocht dat net in reëel útsjoch jaan kinne op in sit yn de Earste Keamer dan sille dy stimmen gean nei dy list en dy kandidaat dy't it bêste oanslute by dit FNP-program.

 

In eigen polityk rjochting Europa
Europeeske ynstellings hearre streekrjocht de belangen fan de ynwenners fan Europa te fertsjintwurdigjen. De ynfloed en kontrôle fan de boarger hearre dêrom goed ankere te wêzen. Dat wurket no net goed omdat it altyd fia de polityk en de ministearjes yn Den Haach rint. Streekrjocht saken dwaan mei Brussel is better. De FNP wol in heger demokratysk gehalte berikke troch it mooglik te meitsjen om mei Europeeske listen oer de grinzen hinne te stimmen foar it Europeesk Parlemint. Dêrnjonken wolle wy mear omtinken foar it ferskaat yn Europa troch it ‘Komitee foar de Regio's' om te foarmjen ta in keazen Senaat foar Europa. Dy moat dan de Europeeske folken sûnder eigen steat - in 50 miljoen minsken - fertsjintwurdigje.

Om koart te gean:
1. Gjin gemeentlike weryndieling as dy net droegen wurdt troch de belutsen befolking.
2. De posysje fan de provinsje Fryslân fierder fersterkje.
3. Noardlike gearwurking bêst, mar gjin Noardlik lânsdiel of superprovinsje.
4. Us gemeenten bliuwe bestean en sykje binnen de besteande ferbannen nauwere gearwurking fan ûnderen op.
5. It wetterskip wurdt by de provinsje foege.
6. Keazen Boargemaster en Kommissaris fan de Keninginne.
7. Europa fan en foar de boargers. Europeeske listen foar it kiezen fan it Europeesk Parlemint en in Senaat fan Europa as fertsjintwurdiging fan Europeeske minderheden sûnder steat.

 

4.5 Fryslân Duorsum

Fryslân is ryk, ryk oan romte en natuer. It liket sa no en dan of moatte we in kar meitsje tusken òf mear grien òf mear ekonomy. Neffens ús hoecht dat net. It ferfrisseljen fan grien en ekonomy kin oan beide te'n goede komme. De ynstânsje dy't dêr de rezjy yn fiere moat is de provinsje. De provinsje moat der op tasjen dat de ûntjouwing fan Fryslân neffens aard en skaal plakfynt. Dêrmei moat in duorsume takomst binnen hânberik komme kinne. De ynset is om safolle mooglik te foarsjen yn eigen ferlet fan enerzjy. Dat moat net troch mear wynmûnen mar troch mear ynnovative foarmen fan desintrale enerzjyopwekking en besparring. Yn it ferkear wol de FNP in offensyf fytsbelied fiere. Foar de fierdere ûntwikkeling fan it plattelân stiet it Yntegraal Gebietsrjochte Plattelânsbelied tenei model. Foar echt duorsume oplossings moatte wy ôf fan loketten en ôfdielings dy't by elkoar lâns wurkje.
Yn ús tinken oer in duorsum Fryslân past perfoarst gjin ûndergrûnse opslach fan kearnôffal. Tsjin alle aksjes om kearnôffal op te slaan yn Fryslân sil de FNP him fûl fersette.

De lânbou
In leefber en warber plattelân is foar de FNP tige wichtich en dêr spilet de boer in grutte rol yn. De boer is yn it foarste plak in ûndernimmer, mar moat syn maatskiplike ferantwurdlikheid ek nimme kinne. De oerheid moat der dêrom mei de boer foar soargje dat it boerebedriuw sa ekologysk èn ekonomysk sûn mooglik buorkje kin. De provinsje moat aksje ûndernimme om boeren foar it plattelân te behâlden. Agrarysk natuerbehear kin dêrta in goede oanset leverje, mar moat dan wol útgean fan de wurklikheid fan de boer en net dy fan de amtners. Dêrby moat rekken holden wurde mei de mooglikheden fan it boerebedriuw wylst der tagelyk in geunstich effekt op de natuer fan út gean moat. It is in mienskipsbelang dêr't in reedlike fergoeding foaroer stean moat. Taseine bedraggen moatte mei faasje útkeard wurde. It belied moat foar de natuer foldwaande geunstige effekten hawwe. Boerelân wurdt net feroare yn natuergebiet as de lâneigners dat net wolle.
Gentechnology foar de produksje fan iten is de FNP op tsjin omdat it ús ôfhinklik makket fan multynationals en omdat de mooglike risiko's foar sûnens en miljeu op de lange termyn noch net goed yn byld binne.

Feiligens foar mins en bist
In sûne en feilige wenomjouwing is tige wichtich. De FNP fynt dat earst in maatskiplike kosten en baten analyze plakfine moat, foardat oergien wurdt ta grutte yngrepen yn of ûnder it lânskip. De FNP wiist fierdere winning fan boaiemskatten ôf as de skea fan partikulieren oan gebouwen en bedriuwen net ferhelle wurde kin en it boppedat net genôch foar Fryslân sels opsmyt. De FNP wiist iensidich kiezen foar in ferbaarningsoven foar hússmoargens yn Fryslân ôf. Der sil earst in yngeand en breed ûnôfhinklik ûndersyk komme moatte om te sjen wat ek foar de middellange en langere termyn it gaadlikst is foar sawol it miljeu as de lêsten fan de Fryske boarger. De FNP wiist fierdere groei fan de grutskalige glêstúnbou yn Fryslân ôf. Oan de djipûntwettering moat in ein komme. De FNP wol gjin ûnomkearbere yngrepen mear yn it lânskip. Foar eigners dy't no al mei skea sitte moat in fatsoenlike leechdrompelige skearegeling komme.

Skjin wetter en droege fuotten
Fryslân is foaral wetterlân. In protte wearden fan Fryslân binne bûn oan it wetter, de marren, de fearten, it Waad. Mei it feroarjen fan it klimaat krijt it wetter in hieltyd wichtiger plak, sawol foar de natuer as foar ússels. Skjin wetter en droege fuotten.


De klimaatferoaring is in feit. Wy moatte no te set oer de fraach wat we dêr oan dogge. De gefolgen moatte mei faasje yn kaart brocht wurde. Der sil mear wetter komme. Yn de romtlike en ekonomyske ynrjochting fan Fryslân moatte we dêr rekken mei hâlde. Der moat mear mealkapasiteit komme om ek op termyn droege fuotten te hâlden. It peilbehear moat dynamysk wurde. Om dat te berikken is in linich peilbehear nedich en foldwaande mealkapasiteit fereaske. De behearsking fan de wetterhúshâlding wurdt ûnder oaren troch in ekstra gemaal yn de hân holden.


De see- en Iselmardiken binne net op hichte neffens de takomstige ferheging fan it seenivo. Dêr sil de provinsje op koarte termyn aksje op ûndernimme moatte.

De provinsje makket wurk fan in aktive bestriding fan skealike gewaaksen en bisten. Ljochthinder moat troch it provinsjaal belied tsjingien wurde. Dat jildt ek foar oare foarmen fan miljeuskea dy't de kwaliteit fan ús romte oantaaste.

Fryslân greidefûgellân

De greidefûgels binne wiis mei Fryslân en wy binne wiis mei har. In goede gearwurking tusken provinsje, lâneigners, boeren en fûgelwachten is dêrom essinsjeel. De provinsje stiet dêr noed foar. De FNP is foar it behâld fan it ljipaaisykjen binnen de wetlik tastiene betingsten.

Om koart te gean:
1. Behâld ljipaaisykjen yn kombinaasje mei ferplichte neisoarch binnen de wetlike betingsten.
2. Stillizzen sâltwinning salang't net dúdlik is by wa't boargers de skea ferhelje kinne.
3. Oer de ferbaarningsoven moat troch de Fryske gemeenten as oandielhâlders fan Omrin earst kediisd wurde neidat der in brede maatskiplike kosten-baten analyze en miljeu-effektrapportaazje plakfûn hat, wêrby't ek oare opsjes binnen en bûten Fryslân ûndersocht binne.
4. It moaie Fryske lânskip moat moai bliuwe, dus gjin nije wynmûnen en gjin grutskalige glêstúnbou.
5. Perfoarst gjin ûndergrûnse opslach fan kearnôffal.
6. Mear yntelliginte strjitferljochting om de ljochthinder tsjin te gean, te begjinnen by provinsjale projekten.
7. Aktive bestriding fan skealike planten lykas it Jabikskrûd.

 

Ljouwert, 24-11-2006



Downloads:
FNP programma 2007-2011 frysk
FNP programma Statenverkiezingen 2007 nl.pdf
FNP program 2007-2011 english


Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)