Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Earste Keamerlid Ten Hoeve op kampanje yn Stiens

Stim op de FNP is stim foar Fryslân yn Den Haag

Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts     

Earste Keamerlid Hindrik ten Hoeve start freed 11 febrewaris yn Stiens de kampanje foar de ferkiezing fan de Steaten fan Fryslân. Hy sil dêrta in boerd pleatse yn it sintrum fan Stiens njonken it gemeentehûs om 11.30 oere. Mei dizze aksje jout Ten Hoeve oan dat it fan grut belang is dat Fryslân op 'e nij yn de Earste Keamer fertsjinwurdige wurdt.

 

FNP'er Ten Hoeve is al acht jier lid fan de Earste Keamer. Syn fraksje fertsjinwurdiget de belangen yn Den Haag fan de ynwenners fan de provinsjes yn Nederlân. Mei syn gauris bepalende ynbring jout hy de Fryske stim ynhâld yn Den Haag.  Der steane mei it nije kabinet grutte belangen foar Fryslân op it spul. Mei in stim op de FNP kin Hindrik op 'e nij foar Fryslân yn Den Haag yn 't spier.

 

Wike 8 Hindrik en Douwe mei it boerd

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Foar mear ynformaasje oer dizze aktiviteit kinne jo kontakt opnimme mei Jan Willem Tuininga 06-42149336, jan-willem.tuiningafnp-ljouwerteradiel.nl



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)