Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Foto's en ynfo FNP kandidaten

50 FNP Kandidaten foar Earste Keamer, Deputearren en Steateleden

FNP poster 2011

Klik hjir nei de folsleine FNP kandidatelist as *.pdf tekst

 

 FNP poster 2011  

FNP poster 2011

 

Delhelje as *.jpg

     
Kandidaat Earste Keamerleden     
 Hindrik ten Hoeve efteroer leunend 2  

1. Hindrik ten Hoeve

 

Ten Hoeve (65) wennet yn Stiens. Hat al acht jier ûnderfining as lid fan de Earste Keamer. Syn beropsûnderfining hat hy as ûndersiker, learaar ekonomy en direksjelid fan it Dockingacollege yn Dokkum.

 

Spilet op dit stuit mei syn OSF fraksje bytiden in beslissende rol yn de Earste Keamer as it om it kabinet giet.

Hat dêrby as FNP-er ek de belangen fan de oare regio's yn Den Haag te behertigjen. In echte diplomaat dus.

Wie earder ek al 8 jier Steatelid foar de FNP en partijfoarsitter.

 

Syn boadskip oan de kiezer: 'Stim FNP, want in stim op de FNP is in ûnôfhinklike stim foar Fryslân yn De Haach'.

 

 

 douwe 1  

 2. Douwe Bijlsma

 

Bijlsma (59) fan Stiens hat der krekt trije perioaden, 12 jier, opsitten as Steatelid foar de FNP. Douwe is senior beliedsmeiwurker by it Ministearje fan Ekonomy, Lânbou en Ynnovaasje. 

 

Hat in jierrenlange ûnderfining yn de polityk, as FNP riedslid, partijfoarsitter en in grut ferskaat oan kommisjes.

Syn motivaasje foar de FNP: it is de iennichste Fryske politike partij foar Fryslân. 

Dat eigene is in boarne fan ynspiraasje en kreativiteit foar Douwe syn polityk hanneljen.

 

Wat him ek boeit is de wize, wêrop't oare minderheden har ûntjouwe. Dêrom draait hy foar de FNP mei yn de EFA-kommisje, dy't de Fryske saken by ús eigen EFA fraksje yn it Europeesk Parlemint befoarderet.

     
 Kandidaat Deputearren    
 Johannes 2011 lyts  

1. Johannes Kramer         Folgje my op Twitter: @johkramer

 

Johannes (43) wennet yn Sibrandabuorren mei frou en fjouwer bern. Hat twa kear listlûker en fraksjefoarsitter foar de FNP west. Hat in eftergrûn yn de politike wittenskippen en bestjoerskunde (Leiden). Troch syn wurk as griffier gemeentesiktaris jierrenlange ûnderfining yn it iepenbier bestjoer yn Fryslân.

 

Behertiget yn de Steatefraksje de portefúlje Algemien Bestjoer, Ekonomy en Finânsjes.

 

Wol no graach deputearre wurde, want: 'It wurk is is noch net dien'.

 Tytsy Willemsma 5  

2. Tytsy Willemsma

 

Tytsy (40) wennet yn Boarnwert (D.). Wie earder wurksum yn de kommunikaasje by Reclassering Nederland en it CJIB. Is sûnt 2006 wethâlder foar de FNP yn Dongeradiel. Portefúljes Iepenbiere romte, ferkear en ferfier, rekreaasje en toerisme, wetter en kultuer. Posisjonearret har as in stevige bestjoerder.

 

Wol mei fleur en faasje in moderne bestjoersstyl delsette. Stipet fan herte de kearnwearden fan de FNP lykas ûndernimmerssin, ynternasjonalisme, solidariteit, Fryske taal en kultuer.

 

Har motivaasje om har kandidaat te stellen as FNP deputearre is: Fryslân is ta oan de FNP. In provinsjale partij, mei each en ear foar wat lokaal en regionaal libbet.

 

As boadskip jout Tytsy ús mei: In stim foar FNP is in stim foar Fryslân en ûnôfhinklik lûd yn de Earste Keamer!

 

 

     
 Kandidaat Steateleden, Earste 10    
 FNP Annigje Toering  

1. Annigje Toering          Folgje my op Twitter: @annigjetoering

 

Annigje Toering is de nûmer 1 foar de FNP. Se wennet yn Mantgum, is 63 jier en senior ûnderwiisadviseur. Hobbys binne reizgje, lêze en lekker ite. Se mei graach nei SC Hearrenfean gean. Annigje hat keazen foar de FNP omdat it in mienskipspartij is dy't ticht by de minsken stiet. Boppedat is de FNP dé partij foar Fryslân. ‘En ik hâld fan Fryslân.'

 

Ûnderfining hat Annigje al in soad binnen de FNP en de polityk: earst yn it HB aktyf west en dêrnei 8 jier steatelid foar de FNP. Se fynt dat Fryslân in sterke provinsje wurde moat mei mear foech. Better ûnderwiis betsjut mear trijetalige skoallen. Njonken de kennisekonomy ek ynvestearje yn de ambachtsekonomy. Bern moatte wer in fak leare kinne. Mear opkomme foar taal en kultuer, ynstee fan ynvestearje yn asfalt en beton. Net it jild moat liedend wêze, mar it ferlet fan de minsken yn de mienskip.

 

Annigje is tefreden at Fryslân Fryslân bliuwe kin, dêr ‘t minsken nei it sin wenje en wurkje kinne. Mei mear foech foar de provinsje om ús eigen saken te regeljen.

 

As boadskip wol se noch oan jo meijaan: ‘De FNP is der klear foar! Op nei in moaie ferkiezingsútslach!'

 

 

 Johannes 2011 lyts  

2. Johannes Kramer             Folgje my op Twitter: @johkramer

 

De nûmer 2 op ús list is Johannes Kramer fan Sibrandabuorren. Johannes is 43 jier en fan berop gemeentesekretaris. De grutte hobby is lêze. Hy hat keazen foar de FNP omdat de partij opkomt foar Fryslân, eigen en fertroud is en ticht by de minsken stiet. 

 

Ûnderfining yn de Steaten hat Johannes genôch, hy is al 8 jier Steatelid en fraksjefoarsitter foar de FNP.

 

Op de fraach wat der feroare wurde moat seit Johannes: ‘Mear selsbewustens, net tinke yn achterstannen en bedrigings, mar yn kânsen en mooglikheden, sterker troch yn te setten op dy dingen dêr't wy as Friezen goed yn binne. Behâld fan it moaie en kwetsbere fan Fryslân. Net noch mear asfalt, beton en wynmûnen.'

 

Hy is pas tefreden as wy mei syn allen yn Fryslân besluten nimme kinne dy't oanslute by de Fryske belangen en  út in eigen Fryske aginda wei. 

 

 

 

 Anna Martha 2011 lyts  

3. Anna Martha van der Mei            Folgje my op Twitter @AnnaMarthavdMei

 

Anna Martha van der Mei is 37 jier en wennet yn Tsjom.  Fan berop is hja bestjoerder. Hobbys binne blaze by de muzyk en buorkje, hja is hobbyboer. Se hat keazen foar de FNP omdat de partij stiet foar federalisme en de Fryske identiteit. Anna Martha hat in soad ûnderfining op bestjoerlik gebiet: FNP Skaadfraksje Ljouwert, earste opfolger yn de Steatefraksje en wethâlder yn Menameradiel. No is se foarsitter fan ôfdieling Frjentsjerteradiel.

 

Wat neffens har feroarje moat is mear wurdearring foar eigen kinnen; ynwenners fan Fryslân soenen wat grutsker op harsels wurde moatte. Anna Martha is al hiel tefreden, ‘ik wenje op in prachtich plakje yn in moaie provinsje fol minsken dêr't ik my thús by fiel en doch wat ik it leukste fyn; bestjoere, blaze en leare.'

 

Boadskip: FNP kearnwearde 'Undernimmerssin'

 Sybren 2011 lyts  

4. Sybren Posthumus

 

Nûmer 4 op ús list is Sybren Posthumus. Sybren wennet yn Reduzum, is 40 jier en selsstannich ûndernimmer. Hobbys binne reizgje nei oare lannen, kultuer priuwe en fytse. Sybren hat foar de FNP keazen omdat de partij polityk bedriuwt op basis fan sûn ferstân, net op basis fan stellige ideologyen.

 

Sybren hat ek al in soad ûnderfining yn de polityk: hy is riedslid yn Boarnsterhim, 1e opfolger by de Steatefraksje en burolid by de EFA, ús Europeeske memmepartij. Hy wol op dizze manier wat berikke foar de ynwenners fan Fryslân. Sybren fynt dat der mear sizzenskip komme moat foar de regio. Sybren is pas tefreden at de ôfspraken dy't makke wurde ek neikaam wurde.

 

As boadskip wol hy noch oan jo meijaan: ‘Kies foar josels en foar Fryslân, stim 2 maart FNP!'

 Jan 2011 lyts  

5. Jan Visser

 

Jan Visser fan Waaksens (Dongeradiel) stiet nûmer 5 op ‘e list en is fan berop omjouwingsmanager by Rykswettersteat en 52 jier. Hobbys binne syn âld pleats opkreazje, Fryske hynders en polityk. Jan hat keazen foar de FNP omdat it in ‘rjocht troch see' partij is dy ‘t de taal sprekt fan al ús ynwenners.

 

Jan hat 8 jier riedslid west yn Dongeradiel foar de FNP. Hy fynt dat bestjoerders mear ynvestearje moatte yn kwaliteit fan de mienskip yn stee fan hieltiten nije jildfergriemende prestiizjeprojekten te betinken. Jan is pas tefreden at minsken grutsk binne op harren buert, wyk of doarp.

 

As boadskip wol hy noch oan jo meijaan: ‘Polityk bedriuwe is net allinnich foarút sjen mar ek leare fan de flaters út it ferline. Dy ferbettering soe ik graach trochfiere wolle.‘

 Auke 2011 lyts  

6. Auke Bijlsma            Folgje my op Twitter: @aukebijlsma

 

Ús nûmer 6 komt fan Terherne en is Auke Bijlsma, 59 jier, fan berop brêgewachter by de gemeente Boarnsterhim. Hobbys binne: muzyk meitsje en harkje, wettersport, ûndersyk eigen  "roots" en skiednis fan Terherne. Hy hat keazen foar de FNP omdat it in partij is fan ûnderen op dy't noed stiet foar de Fryske taal en kultuer, ús lânskip en de Fryske mienskip.

 

Auke hat in soad ûnderfining yn de polityk: wethâlder fan de gemeente Boarnsterhim, riedslid yn deselde gemeente, 1e opfolger by de Steatefraksje en Steatelid. Auke fynt dat it ferrommeljen fan ús Fryske lânskip mei yndustryterreinen en grutskalige ynfrastruktuer tefoarren kommen wurde moat; gjin winning fan delfstoffen mear sûnder in goede skearegeling; behâld fan goed basisûnderwiis yn ús doarpen; stipe en begelieding fan de Fryske doarpen yn it stal jaan fan har eigen omjouwing; mear gemeenten mei in eigen aktyf Frysk taalbelied.

 Liskje 2011 lyts  

7. Liskje Flapper            Folgje my op witter @liskjeflapper

 

Nûmer 7 op ‘e list is Liskje Flapper, 53 jier. Se komt fan Burchwert en is dosint Frysk en Skiednis op de NHL. Hobbys binne lêze, fytse en fan alles fan skieppewol meitsje. Sy hat keazen foar de FNP omdat de FNP ticht by de minsken stiet en opkomt foar de belangen foar de minsken yn Fryslân. De partij is demokratysk, sosjaal  en hat each foar wurk, wenjen, lânskip en miljeu.

 

Ûnderfining yn de polityk: ‘Ik ha yn de wurkgroep FNP-froulju sitten, yn it ôfdielingsbestjoer en 4 jier riedslid west yn de gemeente Wûnseradiel.' Op de fraach wat der feroare wurde moat seit Liskje: ‘Wy moatte ophâlde ûnnedige diken en yndustryterreinen oan te lizzen. Besteane terreinen opkreazje en diken feiliger meitsje. It ûnderwiis moat mear each krije foar de foardielen fan meartalich ûnderwiis. Trijetalich basis- en fuortset ûnderwiis stypje. Fryslân moat in folweardige universiteit krije.' Liskje is tefreden as wy in libben plattelân en stêden hâlde dêr't it noflik wurkjen, wenjen en rekreëarjen is. Dat betsjut foldwaande wurkgelegenheid, goede foarsjenningen en berikberens en minsken dy't har entûsjast foar de mienskip ynsette wolle.

 

As boadskip wol sy noch oan jo meijaan: Ophâlde mei de ov-sjipkaart. It iepenbier ferfier moat sa leechdrompelich en tagonklik mooglik wêze.

 Evert 2011 lyts  

8. Evert Wilstra 

 

Evert Wilstra is 59 jier en de nûmer 8 op ús list. Hy wennet yn Bakkefean en is fan berop manager. Hobbys binne reedriden, sport sjen yn it algemien en keunst. Hy hat keazen foar de FNP omdat de FNP it bêste de belangen fan Fryslân fertsjintwurdiget. Evert hat oant maart riedslid west yn Opsterlân. Evert fynt dat der mear omtinken wêze moat foar natuer en lânskip en dat de keunst en kultuer yn stân hâlden wurde. Evert is pas tefreden at dit ek wier makke wurde kin.

 

As boadskip oan jo: ‘Mei in sterke FNP sille de Fryske saken better behertige wurde.'

 

 

 Rikus 2011 lyts  

9. Rikus Sinnema

 

Nûmer 9 op de list is Rikus Sinnema fan Berltsum, 52 jier en direkteur/eigner fan in bedriuw. Rikus mei graach yn ‘e tún omdolle, hurdrinne, kuierje en fytse. Hy hat keazen foar de FNP omdat dy de taal, lânskip en kultuer stipet. Syn ûnderfining mei de polityk is dat je ynfloed hawwe op it barren yn de gemeente. ‘It kin wat my oanbelanget wol mear om de grutte linen gean en net safolle oer lytse saken dy allinnich mar tiid kostje en neat opsmite.

 

Wy moatte soargje dat it Frysk en it Fryskeigene eksportearre wurdt nei bûten de provinsje.  Wy hawwe in eigen identiteit en dat moatte we útdrage. Neffens Rikus kinne je mear berikke mei gefoel, it boadskip goed en oertsjûgjend oerbringe as saken trochdramme. Sa is hy fûl op it Frysk en it Fryskeigene, ‘mar wy kinne dat allinnich bewarje as wy it Frysk op in noflike wize oerbringe en de minsken der fan oertsjûgje kinne dat wat we kwyt binne net werom krije .'

 Saapke Voolstra 2  

10. Saapke Voolstra            Folgje my op Twitter: @Saapke

 

Nûmer 10 op de list is Saapke Voolstra, 25 jier. Se wennet yn Drachten en is hast ôfstúdearre oan de pabû op de NHL. Hobbys binne spylje by de fanfare, omwrotte op harren folkstún en selsskipsspultsjes.

 

Saapke hat al aardich wat ûnderfining mei de polityk: dielnimmer oan it Nasjonaal Jeugddebat yn 2002, foarsitter fan de FNPjongerein en se is kommisjelid yn de gemeente Smellingerlân. Se hat keazen foar de FNP omdat it de iennichste partij is dy't har eigen gong gean kin en net bûn is oan Den Haach. Ek it Frysk eigene en de Fryske kultuer binne allinnich by de FNP feilich. Saapke fynt dat de polityk mear foarút sjen moat, mear sjen nei wat de gefolgen fan plannen binne foar de takomst.

 

As boadskip foar jo wol se noch meijaan: it giet net om Den Haach, it giet om Fryslân, om jo!

 

 

     


Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)