Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Nijsbrief nr. 5 FNP kampanje 2011

Ofdielings sette harren kanonnen yn ...

18 febrewaris 2011

 

Dizze nijsbrief

 

Dizze nijsbrief hat ta doel om de FNP-efterban en oare nijsgjirrigen op de hichte te hâlden fan de FNP-kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings. Dy ferkiezings wurde hâlden op 2 maart 2011.

Jo meie dizze nijsbrief trochstjoere oan oare minsken dy't sympaty hawwe foar de FNP en syn tinken.

 

kampanjelogo 2011

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Stikkers útdiele by Abe Lenstra?

Mei grut sukses hat de ôfdieling It Hearrenfean by de fuotbalwedstriid Hearrenfean - Grins stikkers omparte. Op sneon 19 febrewaris sil it wêr wêze -  by de wedstriid tsjin AZ.

Meidwaan? Kom om 18.00 oere byelkoar by de Koningshof. De wedstriid begjint om 19.45 oere.

Graach efkes opjaan Ate Eijer, 0652249855 of Poppe Hooijsma, 0655723669 of infofnp-hearrenfean.nl

  

26-2: Busreis troch Fryslân

Op 26-2 giet de knalgiele Gaasterlân-express as FNP-kampanjebus troch Fryslân. Wa mei wol: opjaan by Sybren Posthumus 0566 - 602928, posthumussis.fryslan.nl. Inkeld yn ien fan de plakken meidwaan, kin fansels ek.

De bus giet om 9 oere fuort út Riis. 09.45 sintrum Hearrenfean (sammelplak: stasjon Hearrenfean, sintrumkant); 11.30 sintrum Drachten; 13.15 De Westereen; 14.15 Damwâld; 16.00 sintrum Snits.

 

 

Ôfdielings aktyf

De FNP-ôfdielings binnen wakker aktyf: posters, spandoeken, struibrieven, kranten, twitter ens. Alles wurdt ynset om it boadskip oer te bringen dat hâlde fan Fryslân in stim foar de FNP betsjutte moat.

In pear plaatsjes, want dy sizze it measte.

 

 

Kampanje 2011 Garyp

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

  

Yn Tytsjerksteradiel grut materiaal op strategyske plakken, hjir by Garyp.

 

 

 

Start kampanje yn t kwadraat

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Ljouwerteradiel set syn kanonnen yn....

 

Yn in stikmannich gemeenten geane de FNP'ers by de hûzen del mei kaarten en struibrieven. Yn Achtkarspelen en Kollumerlân bygelyks. En yn Dongeradiel brocht men ferline wike in Falentynskaart...

 

 

Bildt bliid mei ‘eigen' FNP-programma

It Bildt is tige bliid mei de oersetting fan it FNP-programma yn haar eigen taal. Dat die bliken doe foarsitter Leendert Ferwerda fan Stichting Ons Bildt it earste eksimplaar krige út hannen fan FNP-listlûker Annigje Toering.

‘Dut inisjatyf fan de FNP wort bra waardeerd', sei Ferwerda, dy ek riedslid is foar en oprjochter fan de Frije Bilkerts. ‘De FNP onderstreekt met 't programma in 't Stellingwarfs en 't Bildts de waarde fan 't hewwen fan 'n aigen taal. In ôns gemeente is ‘t brúkken fan ‘t Frys en ‘t Bildts ‘n gesaamlike rykdom. Taal, kultuur en lândskap is as erfgoed fan ôns metnander. De FNP siet en behartigt die belangen.'

 

Toering: ‘De FNP wol hjir mei sjen litte dat it in partij is foar alle Friezen. Wy wolle foar alle Friezen - oft sy no Frysk, Bildts of in oare taal prate - mear romte en mear jild foar har eigen kultuer. Dat is in hiel wichtich ûnderdiel fan ús tinken.'

Om it ferkiezingsmotto ‘Ik hâld fan Fryslân' te ûnderstreekjen hienen Annigje Toering en Anna Martha van der Mei, de nûmer 3 op de kandidatelist,  in Falentynskaart foar ‘t Bildt meinommen: FNP hâldt fan 't Bildt.

 

FNP h ldt fan it Bildt

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

FNP wol ÛSB-frije (krimp-)gebieten

Yn gebieten dêr't de befolking krimpt, moat de ûnreplik-saak-belêsting ferdwine. Dat ferrassende útstel die Johannes Kramer dizze wike. As der gjin of minder belêsting betelle wurde moat oer de wearde fan gebouwen, wurdt it wenjen en ûndernimmen in stik oantrekliker. In moai plan mei each foar de krimp-problematyk yn foaral Noardeast- en Noardwest Fryslân. It foel goed by de ûndernimmers fan VNO-NCW, MKB en de politisi by it debat yn Post Plaza.

 

 

Gjin nije wynmûnen

De befolking wol gjin nije wynmûnen. En dêr binne de lanlike partijen mar mei oan. Har haadkantoaren wolle dy grutte wynmûnen al (net yn de Rânestêd fansels, mar by Urk en by it Waad), mar de provinsjale ôfdielings wolle leaver mei de anti-mûne-wyn meiwaaie. Sy witte ûnderhân ek dat de miljeu-opbringst fan de mûnen hieltiid minder wis is en de mûnen dy't men no bouwe wol binne wol hiel, hiel, hiel grut. Dat sil oerlêst en skea jaan.

It joech moaie sitewaasjes yn de Steaten: PvdA, CDA, Grienlinks en VVD dy't harren yn de bocht draaiden. De FNP koe en kin sawat as ienichste dúdlik wêze: gjin nije wynmûnen yn Fryslân. It gefjocht oer de wynmûnen sil in wichtich tema wêze yn dizze ferkiezingskampanje.

 

 

FNP skriuwt advys oer brûken fan ‘sosjale media'

It FNP-bestjoer, yn de persoan fan Gea Iedema, hat in analyze en oanbefelling skreaun hoe yn ‘e partij mei sosjale media om te gean.

De FNP as partij, mar ek in stikmannich FNP'ers binne aktyf mei twitter, hyves ens. Dat binnen moaie nije middels om te kommunisearjen, mar it bringt ek risiko's mei. Hokker strategy it bêste is yn hokker sitewaasje is de fraach dy't it rapport beäntwurdet. Wakker nijsgjirrich, ek foar ôfdielings.

It folsleine advysdokumint en in gearfetting binne beskikber foar FNP-leden. Efkes emaile nei geazondervanhotmail.com of Gea skilje, 0517-397168.

 

 

Mear kampanjenijs fan de FNP

Mear nijs fan de FNP kinne jo hearre, sjen en lêze fia:

Ynternet: www.fnp.frl

Twitter: http://twitter.com/fnpfryslan

Annigje Toering op Twitter: http://twitter.com/annigjetoering

Hyves: http://fnpfryslan.hyves.nl/

 

Trespa great by de Greate Bontekoe

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Jo filmke op de Omrop?

Jo eigen filmke werom sjen by Omrop Fryslân? Stjoer dat dan yn fia de knop op www.fnp.frl.

Yn it ramt fan de kampanje wurde koarte filmkes op Omrop Fryslân en GPTV útstjoerd dêr't Friezen op grappige en fleurige wize yn hearre litte dat sy fan Fryslân hâlde.

Sels filmje kin ek. Meitsje sels in moai filmke (maks. 10 sekonden) mei de bern, heit, mem, freonen of wa dan ek. Lit de haadrolspilers einigje mei ‘Ik hâld fan Fryslân'. De film wurdt yn alle gefallen publisearre fia it FNP-youtube-kanaal. De bêsten wurde brûkt by de Omrop.

 

 

Krije jo dizze nijsbrief net streekrjocht?

Hawwe jo dizze nijsbrief fia kunde krigen, mar wolle jo him tenei streekrjocht krije? Stjoer in email oan kampanjefnp.frl mei it boadskip ‘Graach nijsbrief streekrjocht'.

 

 

 

Dizze nijsbrief tenei net mear ûntfange?

Wolle jo dizze nijsbrief net wer krije? Stjoer in email oan kampanjefnp.frl mei it boadskip ‘Ôfmelding nijsbrief'.

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)