Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Nijsbrief nr. 7 FNP kampanje 2011

Annigje Toering: 'Grutsk op Fryslân en de FNP'



4 maart 2011

 

Dizze nijsbrief

Dizze nijsbrief hat ta doel om de FNP-efterban en oare nijsgjirrigen op de hichte te hâlden fan de FNP-kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings. Dy ferkiezings binne hâlden op 2 maart 2011.

Jo meie dizze nijsbrief trochstjoere oan oare minsken dy't sympaty hawwe foar de FNP en syn tinken.

 

 

Annigje Toering: ‘Grutsk op Fryslân en de FNP'

Listlûker Annigje Toering is grutsk op Fryslân en de FNP. Dat seit se yn in skriuwen oan alle FNP kiezers. It boadskip fan Annigje stiet hjirûnder.

 

 

 FNP Annigje Toering  

'Wy hawwe ús as FNP steande holden yn it lanlike geweld. Wy bliuwe de 4e partij yn Fryslân en de grutste regionale partij fan Nederlân.'

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail toeringsis.fryslan.nl

 

 

 
 

Oan alle FNP'ers, oan ús kiezers,

 

Ik bin grutsk op wat wy as partij wer sjen litten hawwe, dizze kampanje. Safolle frijwilligers, safolle minsken dy't har ynsette foar it Fryske ideaal... Gjin oare partij dy ús dat nei docht. Wy hawwe ús dêrtroch as FNP steande holden yn it lanlike geweld. Wy bliuwe de 4e partij yn Fryslân en de grutste regionale partij fan Nederlân.

 

Tagelyk moatte wy fêststelle dat dizze ferkiezings bot ûnder ynfloed stiene fan de lanlike polityk. Dat de lanlike partijen der lanlike ferkiezings fan makke hawwe, is de reden dat in soad minsken strategysk en lanlik stimd hawwe. It feit dat Rutte, Wilders en Pechtold mar mei de eagen knipperje hoege om yn de krante en op tv te kommen, hat in grut neidiel foar ús west

 

Mar it hat ús ek wat posityfs opsmiten: Wy binne ûntdutsen troch de lannelike media. De FNP hat sjen litten wêr ‘t de partij sterk yn is. Ticht by de minsken.

Yn 7 gemeenten hawwe wy winst boekt. 

Us jongerein is dúdlik yn byld kommen. En wy binne de fjirde partij fan Fryslân bleaun!

 

De 4 sitten dy't wy no yn de Steaten krije, sille wy brûke om noch mear foar Fryslân en de Friezen te beskreppen  

Ik bliuw grutsk op Fryslân en de FNP.

 

Annigje Toering

 

 

 

De offisjele útslach fan de ferkiezings

De definitive útslach fan de ferkiezings fan 2 maart is hjoed, 4 maart fêststeld troch it sintraal stimburo yn Ljouwert.

 

Klik hjir nei de Offisjele útslach fan de PS ferkiezings op 2 maart 2011

 

Klik hjir nei it Parseberjocht fan de Provinsje oer de útslach

 

 

 

Mear nijs fan de FNP

Mear nijs fan de FNP kinne jo hearre, sjen en lêze fia:

Ynternet: www.fnp.frl

Twitter: http://twitter.com/fnpfryslan

Annigje Toering op Twitter: http://twitter.com/annigjetoering

Hyves: http://fnpfryslan.hyves.nl/

 

 

 

Krije jo dizze nijsbrief net streekrjocht?

Hawwe jo dizze nijsbrief fia kunde krigen, mar wolle jo him tenei streekrjocht krije? Stjoer in email oan kampanjefnp.frl mei it boadskip ‘Graach nijsbrief streekrjocht'.

 

 

Dizze nijsbrief tenei net mear ûntfange?

Wolle jo dizze nijsbrief net wer krije? Stjoer in email oan kampanjefnp.frl mei it boadskip ‘Ôfmelding nijsbrief'.

 

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)