Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP yn Kolleezje: 'In wichtige en histoaryske stap'

Nei hast 50 jier komt FNP yn provinsjaal bestjoer

15 april 2011

 

Dizze nijsbrief

Dizze nijsbrief hat ta doel om de FNP-efterban en oare nijsgjirrigen op de hichte te hâlden fan de FNP-kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings. Dy ferkiezings binne hâlden op 2 maart 2011.

Jo meie dizze nijsbrief trochstjoere oan oare minsken dy't sympaty hawwe foar de FNP en syn tinken.

 

 

Annigje Toering: ‘In wichtige en histoaryske stap.'

 

 FNP Annigje Toering  

 

 

'De FNP komt yn it Fryske Kolleezje. Oankommende woansdei sil it nije kolleezje mei Johannes Kramer as deputearre út namme fan de FNP ynstallearre wurde. Dêrmei set ús partij in wichtige en histoaryske stap. Nei 50 jier nimt de FNP ferantwurdlikens foar it Fryske provinsjaal bestjoer.'

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail toeringsis.fryslan.nl

 

 

 
 

Oan de leden en kiezers fan de FNP

 

Bêste minsken,

 

De FNP komt yn it Fryske Kolleezje.  Oankommende woansdei sil it nije kolleezje mei Johannes Kramer as deputearre  út namme fan de FNP ynstallearre wurde.  Annigje Toering bliuwt as polityk lieder, fraksjefoarsitter, en as sadanich it politike gesicht fan de FNP yn de provinsjale polityk. Dêrmei set ús partij in wichtige en histoaryske stap. Nei 50 jier nimt de FNP  ferantwurdlikens foar it Fryske provinsjaal bestjoer.

 

Der leit in goed akkoart mei PvdA en CDA: Nije enerzjy foar Fryslân. Mei as ûndertitel: Jins dreamen no, jins skiednis skielk. Yn  it eardere kolleezje-akkoart stie ek al in soad fan ús tinken. No is der in nij akkoart. Dat bout fierder op it eardere koersdokumint, dêr't wy ús mei ferantwurdlik foar fielden, mar it is in folslein nije tekst. Mei oare wurden, yn de geast fan wat al opboud is mei in mear Frysksinnige koers. 

 

Foar ús tige wichtich dat Fryslân as provinsje bestean bliuwt en aktyf fierder bout oan ús eigen Fryske takomst. Taal en kultuer nimme dêrby foar de nije koalysje in sintraal en wichtich plak yn. Wy binne wiis mei it stânpunt, dat ús eigen taal en kultuer in kearntaak fan Fryslân foarmje.

 

Tagelyk is dúdlik fêstlein dat de sâltwinning ûnder it lân ophâlde moat en dat der  út noch yn gjin CO2 of Kearnôffal yn ús boaiem komt.

 

It behâld fan ús lânskip is foar ús ek in tige wichtich punt. Mei inoar is konstatearre dat, ôfsjoen fan de rinnende wegeprojekten, Fryslân kwa asfalt en beton benei klear is. Wat de Sintrale As oanbelanget moasten de eardere besluten, troch in romme mearderheid nommen, respektearre wurde. Wol is ôfpraat dat as de Rie fan Steat seit dat de Sintrale As of parten dêrfan oanpast wurde, soks ek barre sil. Yn de line fan wat de rjochter seit. De FNP sit yn it kolleezje en kin der mei op ta sjen.

 

Oangeande de wynmûnen hawwe wy der foar soarge dat in belangryk  part fan ús stribjen om Fryslân op lân wynmûnefrij te krijen trochfierd wurdt. Nije projekten as by Dokkum, Achtkarspelen en Reduzum kinne net trochgean. Besteande ‘losse' wynmûnen wurde stadichwei opromme en ûnderbrocht yn klusters by de Ofslútdyk lâns, op it Fean en by de Kop fan de Ofslútdyk.

 

De weryndielingsdiskusje sil fierder gean. Mar de provinsje sil gjin weryndieling oplizze. It útgongspunt fan ûnderen op bliuwt dêrmei oerein.

Dan noch efkes wat oer de gearstalling fan it kolleezje. Mei CDA en PvdA foarmet de FNP it politike midden yn dizze provinsje. In grut part fan jim, ús leden, stimt by lanlike ferkiezings op ien fan dy 2 partijen. It jout ús de kans om sûnder al te bot nei rjochts of nei links út te skaaien, in eigen en Frysksinnige koers oan te hâlden en út te fieren.

 

Der stiet ek in protte net yn it kolleezje-akkoart. Mar by alles wat aanst op de provinsje ôfkomt sit de FNP no op de bestjoerdersbank. Us fraksje sil mei PvdA en CDA, mar ek mei de oare fraksjes oparbeidzje om mienskiplik fanút de geast fan it kolleezje-akkoart  it bêste foar Fryslân en de Friezen te beskreppen.

 

Op 27 maaie bin ik by de ledegearkomste om jim mear oer ús ynstek te fertellen. Mar al earder kinne jim ek gewoan mei my belje of maile. Jim kinne it kolleezje- akkoart  fia http://www.fryslan.nl/ en http://www.fnp.frl/ delhelje. 

 

Mei freonlike groetnis

Ut namme fan de FNP Steatefraksje

 

Annigje Toering

 

 

Mear nijs fan de FNP

Mear nijs fan de FNP kinne jo hearre, sjen en lêze fia:

Ynternet: www.fnp.frl

Twitter: http://twitter.com/fnpfryslan

Annigje Toering op Twitter: http://twitter.com/annigjetoering

Hyves: http://fnpfryslan.hyves.nl/

 

 

 

Krije jo dizze nijsbrief net streekrjocht?

Hawwe jo dizze nijsbrief fia kunde krigen, mar wolle jo him tenei streekrjocht krije? Stjoer in email oan kampanjefnp.frl mei it boadskip ‘Graach nijsbrief streekrjocht'.

 

 

Dizze nijsbrief tenei net mear ûntfange?

Wolle jo dizze nijsbrief net wer krije? Stjoer in email oan kampanjefnp.frl mei it boadskip ‘Ôfmelding nijsbrief'.

 

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)