Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

‘Meielkoar it ferhaal fan Noardwest Fryslân promoate'

Fotoferslach FNP byienkomst Easterbierrum 23 febrewaris 2015

Fotoferslach: Net allinnich 'hardware' mar ek PR en marketing 

 

FNP temajun NW Fryslan 23 feb 2015 a 

Meielkoar de skouders der ûnder. En ferbiningen sykje tusken plannen en ideeën. Dat wie de konklúzje fan in jûn fan de FNP oer ‘ynvestearje yn Noardwest Fryslân'. Op de byienkomst op 23 febrewaris waarden tal fan ideeën om te ynvestearjen yn Noardwest Fryslân nei foaren brocht.  Mar de dielnimmers fûnen wol dat der ien ferhaal fan makke wurde moast. It moat net sa wêze dat inisjatyfnimmers fan allegear ‘losse plannen' sûnder ferbân mei elkoar om jild sykje moatte.

 

FNP temajun NW Fryslan 23 feb 2015 b 

In oantal plannen cq ideeën dy't op dy jûn nei foaren kamen wienen it ‘Masterplan Waddenroutes', in fytspaad fan Wier oer Berltsum nei Menaam (Gernierswei), it ynstân hâlden fan de boerepaden yn it gebiet, in bankje by de Slachteroute by it doarp Easterbierrum om efkes by te kommen en in trochgeand bûtendyks fytspaad fan Harns rjochting Holwert.

 

FNP temaj n NW Fryslan 23 feb 2015 c 

Wat ek tal fan kearen nei foaren kaam wie dat der in goede ‘vermarkting' fan it gebiet komme moat. It giet net allinnich om de ‘hardware' mar ek om de pr en marketing. Ien ferhaal Noardwest Fryslân fertelle en elkoar net yn it farwetter sitte. Fierder waard dúdlik sein dat de streek goud yn hannen hat mei de waadsee as Unesco erfgoed, it iepen lânskip en de prachtige doarpen en stêden.

 

FNP temaj n NW Fryslan 23 feb 2015 d 

Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP brocht nei foaren dat de partij de kommende fjouwer jier 20 miljoen ynvestearje wol yn Noardwest Fryslân. ‘De regio is kwetsber mar der binne folop kânsen en mooglikheden. Wy freegje doarpen, ûndernimmers en ynwenners om no mei goede ideeën te kommen om de leefberheid en wurkgelegenheid te befoarderjen'. En FNP-listlûker Johannes Kramer makke dúdlik dat inisjativen fan ûndernimmers en ynwenners fan de regio in berop dwaan kinne op it ‘Iepen Mienskipsfûns'. De krêft fan dat fûns is dat it yn prinsipe sûnder finansjele bydrage kin fan de gemeenten, dy't krap by kas sitte.

 

FNP temaj n NW Fryslan 23 feb 2015 e

Goed 35 minsken wienen ôfkaam op de byienkomst fan de FNP yn it doarpshûs fan Easterbierrum. Dêrûnder agraryske- en toeristyske ûndernimmers, in grutte delegaasje fan Uytland, in lid fan stichting ‘De Riedmar', bestjoersleden fan doarpsbelangen fan Doanjum, Winaam, Seisbierrum, Minnertsgea,  Wier, de VVV fan Harns en in doarpsstyliste fan Berltsum. 

 

Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei Sybren Posthumus, 06-30226684

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)