Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Jkramer: Frysk Mediaplatfoarm foar Radio, Telefyzje en Ynternet

It stadichoan ferdwinen fan lokale en regionale media is reden ta soarch. Ek provinsjale media, de deiblêden en de omrop, hawwe minder romte en omtinken foar de provinsjale en lokale polityk.

Dêrom soene provinsje, gemeenten en wetterskip yn de mande mei de Fryske Media de lapen gear smite moatte en realisearje in Multy Media platfoarm dat romte jout oan polityk en bestjoer, mer ek oan opiny en debat. Myn Te Gast yn de Leeuwarder Courant fan 25 febrewaris:

 

Yn de NRC fan 12 febrewaris skreaune Beunders, van der Horst en De Kleuver dat it delgean fan lokale media soargje sil foar de opkomst fan lokale partijen: "Zonder lokale media winnen lokale partijen". Planút waard beweard:

Tegenover de lokale protestpartijen hebben landelijke partijen, zoals de PvdA, intussen een groot nadeel. Hun thematiek - zorg, werk, inkomen, integratie - komen nauwelijks tot niet aan de orde in die huis-aan-huisbladen die intussen de lokale nieuwsvoorziening. (..). Het doorsneebericht gaat over de gedegradeerde handbalclub en over Gordon die het nieuwe winkelpassage komt openen.

In belachlike claim. Lokale partijen komme likemin of likefolle yn de huis-aan-huisbladen oan bod as oare partijen. En tel dêr nochris by op hoefolle Haachske politisy dei yn dei út fia nijs, talkhows, spelprogramma's, kranten, radio en wat allegear net foar programma's by de minsken delrûgelje.

It is o sa wichtich dat polityk en bestjoer kritysk folge wurde. In goede en lykwichtige nijsfersjenning is in essinsjeel ûnderdiel fan de demokrasy, ek lokaal en regionaal. Troch de skaalfergrutting fan gemeenten is der in gat slein tusken it fersoargingsgebiet fan de lokale media en de skaal fan de nije gemeenten. It bestjoer wurdt sa foar de boarger in ûnbekende grootheid. Unferskilligens en ûnbekendheid binne bedriigings foar it funksjonearen fan ús demokrasy. Legere opkomst en wer minder animo om jin ferkiesber te stellen.  

Spitigernôch is Omrop Fryslân troch alle besunigingen net mear by steat en meitsje in polityk programma foar televyzje of radio dat foar in breed publyk nijsgjirrich is. De Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad fersoargje in prima ferslachjouwing fan Provinsjale Steaten, mar ek hjir is te merkbiten dat it net mear sa rom sopket yn ferslachjouwers en paginaromte.

Dêrom moat de Provinsje it foartou nimme en set in mediaplatfoarm op wêr't de Omrop, de deiblêden, mar ek regionale omroppen mei inoar gearwurkje om ferslach te dwaan fan polityk en bestjoer en fan opiny en debat. Dat soe bygelyks in eigen ynternetstjoerder wurde kinne of in wykliks radioprogramma, mei analyzes en ferslaggen yn de deiblêden. Gemeenten soene ek meidwaan kinne en lit harren gemeenteriedsfergadering fia dat kanaal live folgje.

Dat de gemeente Hearrenfean no sels in ferslachjouwer ynhierd is fansels harren eigen kar, mar it soe better wêze as de gemeenten, provinsje en wetterskip hjir mei inoar yn oparbeiden. Sadwaande ûntstiet ien ûnôfhinklik platfoarm dat foar alle bestjoer yn Fryslân it medium is om ferslach fan te dwaan. En wêr't ek romte foar opiny en debat wêze moat. En fansels folslein ûnôfhinklik is en bliuwt. Us demokrasy hat der alle belang bij!



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)