Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP wurket gear mei Groninger Belang

Fotoferslach wurkbesite ierdbevingsgebiet Grinslân

Nei oanlieding fan it meilibjen dat de FNP toande oan de bewenners fan it troffen ierdbevingsgebiet yn de provinsje Grinslân, waard de FNP útnoege troch  Groninger Belang, de partij dy't meidocht oan de Steateferkiezings yn de provinsje Grinslân. Dit om de Friezen mei eigen eagen sjen te litten wat de gefolgen fan it boarjen nei ierdgas binne foar de befolking, harren huzen, mar ek foar kulturele histoaryske gebouwen.

Ierdbevingsgebiet 1 
De Fryske delegaasje fan sawol de steatefraksjefan de  FNP  as de FNP-ôfdieling Achtkarspelen gie as earste nei de Hypolythustsjerke Wierde Engeweer te Middelstum. Under lieding fan dhr. Van der  Kooi fan de "Stichting Oude Groninger Kerken"waard de goatyske krústsjerke út de fyftjinde ieu mei belangstelling besjoen. It Fryske selskip koe sjen hoe't de tsjerke skansearre is troch de ierdgasboarrings.
Ierdbevingsgebiet 6 

Dêrnei gyngen de Grinzers en Friezen nei it rampgebiet yn Bedum, nei de prachtich renovearre monumentale pleats fan frou Annemarie Heite.Hjir wie op ferskate plakken te sjen, hoe ‘t de ierdbevingen fan 2012 ôf de pleats sa oantaast hawwe, dat der neat oars op sit dan dat it hiele spul plat moat.  Heite is in fûle striidster foar   kompensaasje foar de Grinzers dy't skea hawwe fanwege de boarrings nei ierdgas. By dit petear wiene njonken de listlûker fan Gronings Belang, ek de deputearre Johannes Kramer en de kandidaat senator fan de OSF Hindrik ten Hoeve oanwêzich.    

 Ierdbevingsgebiet 10

De wearde fan it kultureel erfguod waard nochris dúdlik by in besite oan de "Mariakerk"te Westerwijtwerd; op' e muorren fan dizze tsjerke steane âlde autentike tekeningen fan de Fryske Kampfjochters.  Faaks in byldzjend teken oan de muorre oangeande it negearen fan it belang fan de troffen Grinzers troch it Ryk en minister Kamp.

Ierdbevingsgebiet 7 
De solidariteit tusken de beide Noardlike provinsjes waard koartlyn al ta útdrukking brocht troch de Grinzer flagge wapperjen te litten op it Provinsjehûs yn Ljouwert. En okkerdeis waard in solidariteitsmoasje fan de FNP-Achtkarspelen yn dy gemeente troch de hiele Ried oannommen.
Ierdbevingsgebiet 8 
De FNP en it Groninger Belang kinne weromsjen  op in poerbêste wurkbesite. Salang as de problematyk en de  kwestje fan it boarjen  nei ierdgas en  de sâltwinning aktueel bliuwt, bliuwe beide partijen op harren iepenst en sille se elkoar safolle as mooglik stypje.
 Ierdbevingsgebiet 9
Tekst en foto's Sjoerd Groenhof 


Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)