Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fiif (5) goede redenen foar in stim op de FNP

Ynvestearje yn de regio, foech oer de soarch, minder wynmoles, Fryslân sterker as provinsje, in ûnôfhinklik Earste Keamerlid.

Corlienke 2015

1. De FNP wol 5 miljoen euro it jier yn jo gebiet ynvestearje

Jild foar projekten fan ûnderen op foar leefberens, mienskip en ekonomy. Bygelyks foar doarpshuzen, rekreaasje en natuer, mar ek foar gruttere projekten lykas Holwert oan See (noardeast), Waadrûtes (noardwest), de Iselmarkust (súdwest) en de toeristyske ûntwikkeling fan it súdeasten fan Fryslân. Dat is jierliks mei-inoar 20 miljoen foar Fryslân. It jild komt út de beskikbere romte yn de begrutting: oant en mei 2019 bedraacht dy 65 miljoen, en út de ivichduorjende ûnderhâldsreserve foar it Van Harinxmakanaal (100 miljoen, dêr't wol 50 miljoen út kin).

FNP: Minder Regels, Mear Ynvestearje!



2. De FNP wol in referindum oer de Soarch yn 2018

Alle Friezen hawwe rjocht op goede soarch en ferpleging. Troch de besunigingen, de skaalfergrutting en de merkwurking komt dat ûnder druk te stean. Boargers hawwe neat mear yn te bringen oer de soarch by harren yn 'e buert. De managers fan de soarchfersekerders binne baas. Dêrom moat de provinsje wer it foech krije om te bepalen dat de soarch berikber en beskikber bliuwt foar de minsken. Nei in brede diskusje fan twa jier moat in referindum holden wurde (tagelyk mei de gemeenteriedsferkiezingen) oer de fraach oft de provinsje in beslissende stim yn de berikberens en de beskikberens fan de soarch krije moat. As in mearderheid fan de Friezen dat fynt, dan kin de provinsje dat foech yn De Haach opeaskje.

Besunigingen kinne wy net keare, mar wy kinne wol wurkje oan in bettere sprieding (beskikberens en berikberens) fan sikehuzen en ferpleechtehuzen. It besteande systeem mei soarchfersekerders en de finansiering kin bliuwe sa't it is, mar de provinsje moat in beslissende stim krije oer de lokaasje en de mjitte fan sprieding fan de soarch.

FNP: Minder Managers, Mear Soarch!



3. Gjin nije wynmolens op it lân, Fryslân op termyn wynmolefrij

Wynmolens (of eins: megawynmasinen) ferniele lânskip en mienskip. Se draaie op subsydzje en binne net it antwurd op de fraach om mear duorsume enerzjy. Yn 2011 hat de FNP keard dat foar 400 Megawatt oan nije wynmolens pleatst wurde soe yn it noardeasten en noardwesten fan Fryslân (houtskoolschets). Neffens it útgongspunt fan de FNP ‘Gjin nije wynmolens op it lân', is doe keazen foar net mear as twa lokaasjes op it lân en yn de Iselmar. Dat is ek de útkomst fan it beslút fan de Steaten yn desimber 2014: 316 MW op of bylâns de Ofslútdyk of yn de Iselmar.

Neffens it nije, lanlike enerzjy-akkoart moat Fryslân 530,5 Megawatt delsette. Dat is foar de FNP it absolute maksimum. Der komme dus net mear fan dy wynmasinen by. En de wynmolens dy't der noch komme, út noch yn net op it lân! Wêr't dat kin, besteande molens safolle mooglik opromje. Want wy wolle dat hiel Fryslân wynmolefrij wurdt.

FNP: Minder Wynmolens, Mear Lânskip!



4. Provinsje Fryslân nea en te ninter opheffe, mar krekt fuortsterkje!

De FNP is, krekt as fierhinne de measte Friezen, wiis mei en grutsk op ús provinsje. Nearne oars yn Nederlân bestiet sa'n sterke bining tusken provinsjale oerheid en de befolking. It rânestêdregear, mei PvdA-minister Plasterk foarop, woe Fryslân opheffe. De FNP fynt dat de oerheid der foar de boarger wêze moat en net oarsom. Wy wolle de provinsjale oerheid, dy't tichter by de boarger stiet as de ministearjes yn De Haach, fersterkje. Fersterkje mei mear foech en middels foar taal en kultuer, mar ek foar ûnderwiis, soarch en ekonomy.

FNP: Minder De Haach, Mear Fryslân!



5. Stim foar in ûnôfhinklik Earste Keamerlid!

De Earste Keamer is de lêste tiid in protte yn it nijs. Dat komt trochdat it kabinet gjin mearderheid yn de Earste Keamer hat. It is wichtich dat de Earste Keamer syn wurk goed dwaan kin. De Earste Keamer moat ommers hifkje oft de wetten juridysk wol yn oarder binne. Op wetten, dy't net doge, sit gjinien te wachtsjen. Mar it regear wol hieltyd faker - om mar yn it seal bliuwe te kinnen - de wetten dertroch drukke en fynt dat Earste Keamerleden net sa kritysk wêze moatte.

De FNP-steateleden stimme foar Hindrik ten Hoeve fan Stiens. In betroubere OSF senator mei acht jier ûnderfining.

FNP: Minder Rânestêd, Mear Regio!



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)