Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Wetterskip tink yn kânsen, net yn bedrigings !

WETTERSKIP tink yn kânsen, net yn bedrigings !

 

Troch Lolke Folkertsma, ‘beoogd lijsttrekker FNP'

As troch in wesp stutsen reagearret dykgraaf Paul van Erkelens op it berjocht yn de LC oer it ‘Waterschap een Monstrum'. No is dat fansels syn taak ek, stean foar syn minsken en bestjoer, mar efkes kontakt opnimme mei de ‘beoogd lijsttrekker FNP' hat der net by west. It is goed te witten yn hokker kontekst útlittingen dien binne. Derom efkes foar elk in helder sinjaal.

De LC hat goed en objektyf it ‘bestjoerlik monstrum' Wetterskip delsetten.
Want wer giet it oer. Hat de ynwenner fan Fryslân wol weet fan wat it Wetterskip Fryslân docht? Temin as jo nei de opkomst by ferkiezings sjogge. Fryslân hat de lêste kear 30 % opkomst helle, mar soe dat ek net mei it gefolch wêze fan it demokratysk gehalte fan it Wetterskip?

De byldfoarming is negatyf en wurdt mei beynfloede troch de saneamde ‘regintekultuer', 7 minsken dy't as beneamde bestjoerders delsetten wurde sûnder dat jo en ik harren streekrjocht kieze kinne. Is dy regintekultuer noch fan dizze tiid? Neffens ús is dy efterhelle en bot ûndemokratysk. Wat it byld fan it Wetterskip ek net fersterket is dat hja har eigen wetten stelle en sitten bliuwe op it plús as hja ûndogens west hawwe. It net neilibjen fan miljeuwetten betsjut konklúzjes lûke en net gewoan sitten bliuwe. Dêrmei jout it Wetterskip in ferkeard sinjaal ôf nei de ynwenners fan Fryslân en dy bin net ûnnoazel.

As FNP stean wy foar in goed behear en útfiering fan belied troch it Wetterskip.
Wy stean ek foar in trochsichtich, iepen bestjoer, mei bestjoerders streekrjocht keazen troch de ynwenners fan Fryslân.

Tusken Ryk en provinsjes is no in nij bestjoersakkoart sletten en de ynstek fan it rapport ‘Ruimte, Regie en Rekenschap' fan de kommisje Lodders oer de desintralisaasje útstellen nei de provinsjes is tige helder. De kearn fan dat rapport is fersterking fan it provinsjaal bestjoer. D.S. hawwe it
rapport al oernommen en de Steaten fan Fryslân sille grif ynstimme mei in Ad hoc kommisje om te praten oer de rol en de taken fan de provinsje.

Nijsgjirrich en ta learing is wol it folgjende. Yn it bestjoersakkoart wurdt it advys fan de kommisje Lodders oernommen dat de provinsjes harren yn´t foarste plak konsintrearje moatte op romtlik/ ekonomyske taken en kultuer ('dit betreft duurzame ruimtelijke ontwikkeling en inrichting , waaronder waterbeheer').

Lit no de provinsje Seelân ûndersykje om fan 2 wetterskippen ien te meitsjen mei Provinsjale Steaten as bestjoer en in deputearre as dykgraaf.
Dat alles ûnder it motto ‘de wet stiet it net ta, mar slút it ek net út'.

Roppe dat de diskusje oer opheffen fan it Wetterskip ûnsin is komt net sterk oer en doocht ek net. Op basis fan de ûntjouwing yn Seelân en de ad hoc kommisje desintralisaasje fan foech en middels moat jo de diskusje ta fersterking fan it draachflak en demokratyske legitimaasje net út´e wei gean. Boppedat is de evaluaasje fan de ferkiezings al ynkleure. Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân hawwe elkoar nedich. As FNP dogge wy graach mei oan dy fersterking fan ús demokrasy.

 

Dit artikel is earder publisearre as Te Gast yn de LC fan 23 augustus 2008



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)