Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP wol Fryslân dekkend Fiskpassaazjenetwurk

Foar de FNP is it fanselssprekkend dat alle gemalen, keardamen en sluzen fiskfreonlik binne. Lolke Folkertsma, listlûker FNP foar de wetterskipsferkiezings: ‘Gjin inkeld obstakel mei as in beheining tsjinje foar fisken en oar krûpend guod. Dêrom wol de FNP in fiskpassaazjenetwurk dat dekkend is foar hiel Fryslân'.

stuw_mei_fiskpassaazje

De partij trunet it Wetterskip Fryslân oan om foar dit passaazjeplan subsydzje oan te freegjen út it Waadfûns. Sa'n plan lient him hjir goed foar. It is foar it Wetterskip in geweldige kâns om in grutte bydrage te leverjen oan de ferbettering fan ekology én ekonomy.

De ‘Kaderrichtlijn Water' jout rjochting oan de ferplichting om de wetterkwaliteit en it leefgebiet fan fisken te ferbetterjen. Troch de gemalen, keardamen en sluzen, binne der no noch tal fan obstakels dy't behinderje dat de fisken by harren paai- en opgroeigebieten komme kinne. Folkertsma: ‘Mei it oanlizzen fan fisk treppen, hevelfisktreppen, bypassen en ‘nevengeulen' kinne wy ienfâldich komme ta in optimaal fiskpassaazjenetwurk Fryslân. Fryslân wurdt aanst it eldorado foar fisk, bist en minske'.

------------------------------------------------------

Brief fan Lolke Folkertsma oanWetterskip Fryslân: 

 

AB Wetterskip Fryslân
t.a.f. de hear P. van Erkelens
Harnzerstrjitwei 113
8914 AZ Ljouwert

 

Dokkum, 10 oktober 2008.

Achte hear van Erkelens,

De FNP is te sprekken oer jim foarnimmen om wer wat mear te dwaan oan de fiskpassaazje mooglikheden yn it wurkgebiet fan Wetterskip Fryslân.  Benammen foar de krityske soarten sa as de iel binne der no wer plannen. Mar der is mear.

De FNP is fan betinken dat Wetterskip Fryslân ta moat op in:

Fryslân dekkend Fiskpassaazje -netwurk.

De Kader Rjochtline Wetter jout fansels de rjochting oan en de ferplichting ta ferbetterjen fan de wetterkwaliteit en it leefgebiet fan fisken mar no noch binne der tal fan beheinings.

Alle gemalen, stuwen en sluzen hearre fiskfreonlik te wêzen en meie gjin beheining opsmite foar fisken. Krekt dy beheiningen behinderje fisken yn harren natuerlik gedrach om harren te ferpleatsen fan paai- en opgroei-gebieten . Fisktreppen, hevelfisktreppen, bypassen en nevengeulen binne mooglikheden om te kommen ta in optimaal fiskpassaazje netwurk Fryslân.

Foar de FNP is it fanselssprekkend dat alle gemalen, stuwen en sluzen fiskfreonlik binne. Dat betsjut sawol de gemalen yn de polders as lâns de Iselmar en it Waad en de Lauwersmar. Gjin inkeld obstakel mei as in moardwapen tsjinje foar fisken, kreeften en krabben, sa is de FNP fan betinken. Benammen natuerfreonlike polders freegje omtinken foar de fiskstân en de iel yn 't bysûnder.  

De FNP trunet der op oan, om in Fryslân dekkend fisk passaazjeplan foar subsidiearring as projekt yn te tsjinjen foar it Waadfûns. Sa'n plan lient him der by útstek foar.  Oant 15 oktober kin eltse organisaasje projekten yntsjinje, dat foar it Wetterskip Fryslân is dit de kâns ekology en ekonomy hân yn hân op te pakken en it helber en betelber út te fieren.

Fryslân mei al syn wetter is al in goed stekje foar de sport- en beropsfiskers mar troch no troch te pakken wurdt Fryslân aanst it eldorado foar fisk, bist en minske. No al binne de sportfiskers in wichtige ekonomyske boarne fan ynkomsten foar angelsportsaken, boatferhierbedriuwen en reisburo's en ferbliuwsakkommodaasjes.

Troch de útdaging fan in Fryslân dekkend fisk passaazje netwurk no op te pakken groeit it imago fan Fryslân as fiskprovinsje.  

Jo, jimme fierdere stappen om te kommen ta in Fryslân dekkend fiskpassaazjeplan sjogge wy mei niget te mjitte.

Mei achtinge,

Lolke Folkertsma

Listlûker Wetterskipsferkiezings FNP

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)