Wiis en grutsk bin ik mei de útslach fan de Wetterskipsferkiezings . Grutsk benammen op alle kandidaten dy't allegear mei harren stimmen mei inoar goed wiene foar 11.579 stimmen en dat betsjut 2 sitten.
Troch in goede bestjoerlike ynstek, de ynset fan de PR kommisje, de betinkers fan de radio en tv-spotsjes, alle frijwilligers dy't goed 55.000 folders rûnbrocht hawwe, de ferskate redaksjonele stikken yn de regionale kranten, ja dat alles hat soarge foar in prima ferkiezingsútslach.
Mei inoar hawwe wy der foar skrept, buorlju, kunde en famylje oanfitere om dochs mar FNP te stimmen.
Dat de lege opkomst en gong fan saken nochris goed hifke wurde moat by it Wetterskip is sa helder as wat mar earst stean wy as FNP stil by it sukses.
Hjir it tal stimmen :
Lolke Folkertsma 5098
Wopke Feenstra 869
Hessel Agema 1018
Anje Wester-Koopmans 911
Pier Tilma 233
Jan Hiemstra 269
Jeltsje van der Zee- Piersma 272
Janke de Vries 208
Theunis Haagsma 344
Corrie Bergstra-Veldhuis 228
Jaap Hijma 190
Fokke Benedictus 452
Jeltsje Boersma-Venema 121
Auke Bijlsma 192
Liskje Flapper 195
Jan van der Schaar 230
Tjitske Martens 124
Meint Postma 302
Jan van der Kooi 119
Geeske Krol- Benedictus 204
De útslach : Mei inoar 11.579
Wopke Veenstra en Lolke Folkertsma |
Lolke en Wopke mei har kollega-bestjoerders |
© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)