Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Wêr kinne jo as FNP-lid op rekkenje?

Sprek- en stimrjocht op ledegearkomsten

As FNP-lid kinne jo jo persoanlike miening oer politike fraachstikken nei foaren bringe op FNP-ledegearkomsten (provinsjaal en gemeentlik). De ledegearkomsten binne it heechste beslútfoarmjende orgaan yn de FNP. Yn dy gearkomsten wurdt ûnder oaren it FNP-program fêststeld. Yn dat program wurde de politike útgongspunten en doelen fan de FNP fêstlein. Troch jo stim op ledegearkomsten hearre te litten hawwe jo dus streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP! Yn de provinsjale ledegearkomsten wurde de leden fan it haadbestjoer keazen. Dêr wurde ek de kandidaat-steateleden oanwiisd.

 

De Frijbûtser

7 kear jiers krije jo it partijblêd ‘Frijbûtser’, it ledenblêd fan de FNP.

 

Kontribúsje

Ien kear jiers krije jo in akseptgiro fan de ponghâlder mei it fersyk de kontribúsje te beteljen. De gemeentlike FNP-ôfdielings krije 20% fan jo bydrage. Mei ferkiezings krije jo ornaris nochris in fersyk om in frijwillige bydrage foar it ferkiezingsfûns.
Kontribúsje en oare jeften oan de FNP, kinne jo ôflûke fan jo belêstbere ynkommen.

De minimum kontribúsje is € 24,50 yn 't jier. Foar húsgenoaten (it 2e lid yn ien gesin) en leden jonger as 27 jier jildt in minimumbydrage fan € 13,00 yn 't jier. Dy bedraggen jilde foar 2012. De kontribúsje wurdt jierliks op basis fan de ynflaasje oanpast. Minsken dy't dy bydrage net misse kinne, kinne fan de ponghâlder tastimming krije om minder te beteljen.

De FNP giet hoeden om mei jo persoansgegevens en jout se net troch oan tredden.

 

No Fergees: Fryske staveringskursus

De FNP organisearret elk jier foar syn leden in AFUK-staveringskursus. As jo lid wurde, krije jo ek fergees de kursus oanbean! Op it formulier hjirûnder kinne jo by 'opmerkings' oanjaan oft jo dêr wol of net gebrûk fan meitsje wolle.

 

Oanmelde kin fia ûndersteand formulier:




Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)