Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fryske Natuer-en Miljeupriis foar Romke Kinderman

Foar it leverjen fan in positive bydrage oan natuer en miljeu

Foar unyk fjildwurk op 'brûsplak' 

 

Natuerboer Romke Kinderman fan Feanwâlden mocht dit jier de Fryske Natuer- en Miljeupriis yn ûntfangst nimme fan wethâlder Emke Peterson (gem. Dantumadiel). Dizze priis, besteande út in beam en in oarkonde, wurdt jierliks troch de FNP takend oan in persoan of organisaasje dy't in positive bydrage levere hat oan it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske natuer en in skjin miljeu.

Kinderman krijt de priis foar syn rôl by it ta stân bringen fan in fjildwurkplak op syn hiem en grûn, ôfrûne hjerst. Dit "Brûsplak"  is in moetingsplak en kennissintrum foar saakkundigen, studinten en ynwenners út de regio. Der wurdt ûndersyk dien nei de gefolgen fan klimaatferoarings foar it wetterbehear en ûntwikkeling fan ynnovative ekonomyske foarmen fan dat behear yn (tige) wiete gebieten, lykas it feangreide lânskip.

Wethâlder Emke Peterson: "By natuerûndernimmer Romke Kinderman hat "It Brûsplak" yn novimber 2016 syn fysike plak krigen. Op syn natuerpleats De Maria Hoeve set Kinderman him fanút suver idealisme yn om mei alle netwurkpartners as ûnderwiis, oerheid,  bedriuwspartners lykas Altenburg & Wymenga, ferienings, stiftings en oaren in unyk fjildwurkplak del te setten fan wichtige provinsjale, nasjonale en sels europeeske betsjutting!"



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)