Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Frijbûtser fan septimber no online

Bestjoersferkiezings, kandidatelisten foar de ferkiezingen fan it Wetterskip en de Earste Keamer. En noch tal fan oare wichtige saken op de wurklist fan de ekstra ALG op 28 septimber, allegear yn dizze Frijbûtser.

Seizoenstart 31 aug 2018 Dokkum

It partijbestjoer nûget de leden foar de Algemiene Ledegearkomste fan 28 septimber. De ferkiezingslisten foar it Wetterskip en de Earste Keamer moatte fêststeld wurde. Fierder yn dit nûmer in wiidweidige taljochting op de útwurking fan de FNP-fyzje 'Nij perspektyf foar Fryslân'.

 

Yn de Steaten fan juny en july stiene grutte punten foar de FNP op de wurklist: wynpark Nij Hiddum-Hou, de feangreide, de natuerûntwikkeling en de Ramtnota foar de provinsjale Begrutting 2019. Lês it ferslach fan de Steatefraksje yn dizze Frijbûtser. It bestjoer docht ferslach fan de start fan it politike seizoen op 31 augustus by Dokkum.

 

De Wetterskipsfraksje fan de FNP jout syn skôgings op it Mearjierreperspektyf 2019-2013. Wy kinne dit tagelyk beskôgje as in skot foar de boech foar it nije Wetterskipsprogramma fan de FNP. De Kaderkommisje organisearret op 6 oktober in besinningsdei, en der is nijs fan de ôfdielingen: FNP Waadhoeke hat in ûndersyk dwaan litten nei meartaligens op de skoallen yn de gemeente, en Bert Koonstra is de nije listlûker fan de FNP foar de riedsferkiezings fan novimber yn Noardeast-Fryslân.

 

Klik hjir nei de Frijbûtser online fan septimber



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)