Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: Feilige fytsoerstekken N359 Gaasterlân

It giet ek om it belang fan toeristysk fytsend Gaasterlân. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de FNP Steatefraksje oan Deputearre Steaten.

By Kippenburg en Rûgehuzen is ferlet fan feiliger fytsoerstekken yn de provinsjale dyk. It giet ek om it belang fan toeristysk fytsend Gaasterlân. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de FNP Steatefraksje oan Deputearre Steaten.

  

FNP wurdfierder Klaas Fokkinga wol witte oft DS bekend is mei de lokale ideeën foar in feiliger N359 yn Gaasterlân. It pleit soe komme fan doarpsbelang Harich, stipe troch lûden út de gemeenteried fan De Fryske Marren. De FNP freget no om in oersjoch fan alle (hast-) ûngemakken op de krusingen tusken Koudum en De Lemmer. Fraach is oft DS dan omwille fan de feiligens arguminten fine kinne foar de oanlis fan fytstunnels lykas by Koudum wol bard is.

 

Fokkinga freget fierder oft de oanpak fan de N359 troch Gaasterlân ynkoarten al yn de plenning fan de Provinsje stiet. Hy wol witte wat in fariant mei fytstunneltsjes kostje moat. Faak kiest de Provinsje tsjintwurdich foar de oanlis fan ovondes om it autoferkear ôf te remjen. ‘Binne der ek oare mooglikheden om de omwenners en rekreanten hjir yn 'e mjitte te kommen?', sa freget de wurdfierder.



Downloads:
FNP skriftlike fragen feilige fytsoerstekken n359 gaasterlân
Antwurd op FNP fragen fytsoerstekken n359 gaasterlân

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)