Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: meartalich ûnderwiis berikber en beskikber meitsje

Kin goed meartalich ûnderwiis berikber en beskikber makke wurde yn ús provinsje? Dat freget de Steatefraksje fan de FNP nei oanlieding fan de spriedingsplannen dêr't skoallen en oerheden op it stuit oan wurkje.

De provinsje Fryslân wol it tal learlingen fergrutsje dat goed twa- trije of meartalich ûnderwiis krijt op pjutteboartersplakken, basisskoallen en yn it middelber ûnderwiis. Tagelyk slute der in soad lytse skoallen troch minder learlingen, fusearje der omraak skoallen en binne der rûnom gemeentelike weryndielingen dy't bestjoerlik yn it iepenbier ûnderwiis de saken op'e kop sette, lykas yn de nije fúzjegemeente Ljouwert. FNP wurdfierder ûnderwiis Corlienke de Jong freget oan deputearre Poepjes op hokker wize hja soarget dat it provinsjaal belang fan goed meartalich ûnderwiis foar de learlingen yn al dit fúzjegeweld net ûndersnijt.

 

De Jong hat yn 2015 en 2016 geregeldwei fragen steld oer dit ûnderwerp. Se wol no witte oft der suksessen te melden binne of dat it tal meartalige learlingen tebek rint. Wat berikt de provinsje yn de nije ûnderhannelingen mei de skoalbestjoeren en it Ryk oer provinsjale spriedingsplannen foar it basisûnderwiis? Krijt de berikberens en beskikberens fan meartalich ûnderwiis yn dy nije sprieding goed syn gerak? De FNP wol graach de rapportaazje sjen oer de earste 115 skoallen dêr't yn 2016 mei ûnderhannele is oer harren taalplannen en ûntheffingen.



Downloads:
Skriftlike fragen sprieding meartalige skoallen
Antwurd op skriftlike fragen sprieding meartalige skoallen

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)