Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: Brok nei topoerlis Friesenbrücke yn stee fan Paas?

Lit de Fryske kommissaris fan de Kening Brok oanskowe by it topoerlis 28 augustus yn Bonn oer it weropbouwen fan de Friezenbrücke oer de Ems. Dat stelt de FNP út no't it der op liket dat de Grinzer kommissaris Paas net beskikber is dy deis fanwegen de fiering fan Gronings Ontzet.

FNP wurdfierder Klaas Fokkinga seit by syn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten dat in bestjoerlike delegaasje op it heechste nivo foar Fryslân en Grinslân fan it grutste belang is. ‘De weropbou fan de spoarbrêge by Weener nei de oanfarring ein 2015 ûntwikkelet  him ta in slepende kwestje. Beide provinsjes hawwe der grut belang by dat de treinferbining mei it Dútske efterlân sa gau mooglik wersteld wurdt.'

 

Fokkinga giet fierder: ‘Wy hawwe der al twa kear earder fragen oer steld. It oankundige topoerlis mei de Dútske steatssekretaris fan Ferkear it útsoarte in kâns om ta in fersnelling fan it proses en ta in definitive oplossing te kommen. Dy kâns moatte wy net slûpe litte. As de feestlikheden om Bommen Berend hinne de Grinzer bestjoerders en amtners op 28 augustus behinderje, dan stelle wy út dat de Fryske kommissaris en amtners de honneurs waarnimme yn Bonn.'



Downloads:
FNP skriftlike fragen topoerlis friesenbrücke
Antwurd op FNP fragen topoerlis friesenbrücke

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)