Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP optein oer mooglikheid selsfoarsjenning enerzjy yn 2050

De FNP is tige tefreden oer de útkomsten fan de ynternasjonale enerzjykonferinsje dit wykein yn Ljouwert. De konferinsje, yn gearwurking mei de EFA en de OSF, wie hielendal folboekt. Ien fan de útkomsten wie dat Fryslân neffens ûndersyk fan de TU Twente om 2050 selsfoarsjennend wêze kin mei duorsume enerzjy. De Sustainable Energy Conference (SEC 2017) wie op 27 en 28 oktober.

Ut de presintaasjes kaam dat der yn Fryslân noch grutte mooglikheden binne foar duorsume enerzjy. Dêrby moat benammen tocht wurde oan geotermy, sinne-enerzjy en wynmûnen op see. Geotermy is hiel nijsgjirrich omdat hjir op grutte djipte de heechste temperatueren te finen binne fan hiel Nederlân. De ynvestearring kin dan binnen 5 oant 10 jier weromfertsjinne wurde kin. Foar sinne-enerzjy kin in grut part fan de dakken fan pleatsen en huzen brûkt wurde.

 

Uteinlik kin mei de ferskate boarnen yn 2050 sa'n 58 PetaJoule oan enerzjy opwekt wurde. Dat stiet gelyk oan it ferwachte Frysk ferbrûk. Ekstra wynmûnen op lân binne net nedich. Dat is wichtich foar de FNP omdat de partij gjin yndustrialisaasje fan it lânskip wol. Wichtich is dat Fryslân no mei in ienriedich plan komt en sels it foech op de útfiering kriget.

 

Der wienen ûnder oare dielnimmers út Skotlân, Flaanderen, Valencia, Wales, Londen, Beieren,  Lausitz (Dútslân), Galisië en Noarwegen oanwêzich.

De Europarlemintspartij EFA is fertsjintwurdige yn it Europeesk Parlemint mei 12 sitten. De FNP is mei sa'n 40 oare partijen út Europa lid fan de EFA en sit al mear as 30 jier yn it bestjoer.

 

Klik hjir nei de webside fan SEC2017.EU  

 

 

  



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)