Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: fergees belje nei ‘Jobinder'

De FNP is fan miening dat it foar de klanten fan ‘Jobinder' fergees wêze moat om dêr hinne te beljen. Dat sil de FNP nei foaren bringe yn de Steategearkomste fan 21 febrewaris. No betelje minsken noch € 0,05 it petear, de FNP wol dat it foar dizze groep klanten hielendal fergees wurdt.

Jobinder

Kwetsbere doelgroep 

Neffens de FNP is de maatregel hiel goed te rjochtfeardigjen: "It giet hjir om in kwetsbere doelgroep. Faak binne it minsken mei in beheining, binne se minder mobyl, hawwe se soarch nedich en kinne se harren allinnich net rêde. Yn in protte gefallen binne it al minsken dy't it net sa breed hawwe en dan is elke euro meinommen", neffens wurdfierder Sybren Posthumus. 

 

Foldwaande finansjele romte 

De FNP tinkt dat der foldwaande finansjele romte is om de kosten fan it beljen ôf te skaffen. Yn de oanbesteging siet in foardiel fan € 316.000 ten opsichte fan de eardere begrutting. De kosten foar it Mobiliteitsburo sille troch it útstel fan de FNP mar € 1000 heger wurde. Ommers, op grûn fan 400 telefoantsjes yn de wike foar € 0,05 it petear (en 20.000 op jierbasis) binne dat de jierlikse kosten. Oer de 8 gemeenten en de provinsje ferdield (as dielnimmende partijen oan it mobiliteitsburo) is dat mar € 100 de dielnimmer. "It giet net om in grut bedrach, mar it sinjaal is hiel wichtich", neffens Posthumus fan de FNP. 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)