Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Neilittenskip LF2018 - foarby de eveneminten

Opinystik fan Corlienke de Jong en Sybren Posthumus - Kulturele haadstêd 2018 is brûzjend úteinsetten. It liket dus in grut súkses te wurden, mar hoe komt it nei 2018?

Kulturele haadstêd 2018 is brûzjend úteinsetten. Op de earste offisjele iepeningsjûn kamen - ferdield oer trije pleinen - 40.000 besikers ôf. De jûns dêrfoar kamen hûnderten (tûzenen?) minsken nei it fertellen fan ferhalen yn musea, de iepening fan de Obe/Lân fan Taal luts fiiftûzen minsken, De Stormruiter ferwachtet 100.000 besikers en alle 52 foarstellings fan Marijke Muoi binne útferkocht. It liket dus in grut súkses te wurden, mar hoe komt it nei 2018?

 

De diskusje oer de saneamde ‘legacy' sil yn de rin fan dit ‘jubeljier' folop losbarste. It Kolleezje fan Fryslân wol yn july 2018 in ynhâldlik útstel foar de saneamde ‘Aginda 2028' nei de Steaten fan Fryslân tastjoere. It nije Kolleezje fan Ljouwert wol dat wy ek nei 2018 profitearje sille fan Ljouwert-Fryslân 2018 en dat de dynamyk fan Ljouwert bliuwend fersterke wurdt. Mar wêr sil dy ‘legacy' (neilittenskip) út bestean moatte? Giet dat allinnich om aktiviteiten en eveneminten of sjogge wy fierder?

 

Dat Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd wurden is, mei noch altyd in mirakel hjitte. De striid gong tsjin folle gruttere of bekendere stêden lykas Maastricht, Eindhoven, Utert en De Haach. Mar de unike kwaliteiten fan Fryslân, it tema fan de iepen mienskip en it bondeljen fan de krêften fan alle belutsenen yn Ljouwert/Fryslân hawwe de trochslach jûn. Dat Fryslân in ‘sterk merk' is docht ek bliken út tal fan oare saken: wy binne de bêste fytsregio, hawwe de bêste sirkulêre regio fan Nederlân, de bêste boereprovinsje, de skjinste lucht, in prachtich en krêftich MKB, Fryslân is yn 2010 troch de ‘Vereniging Nederlands Cultuurlandschap' keazen ta de moaiste provinsje fan Nederlân en wy hawwe fansels it reedrydmekka fan de wrâld (Thialf). Fryslân hat dus in hiel soad yn ‘e hûs, mar wy binne wolris wat te beskieden om dat út te dragen.

 

By it opstellen fan it legacyprogramma 2028 is it dus saak om stil te stean by it feit dat wy meielkoar, as wy dat wolle, in hiel soad klear krije kinne. Dat de knop om moat fan ‘It kin net en it is net mooglik' nei ‘Alles kin en as wy it meielkoar wolle is alles mooglik'. Utgean fan eigen krêft en sterkte.  As provinsje Fryslân, de haadstêd Ljouwert, mei gemeenten, wetterskip, bedriuwslibben, ûnderwiis en ús ynwenners fansels. As wy dat foar eagen hawwe, komme al dy bysûndere eveneminten en aktiviteiten nei 2018 ek wol. Selsbewust is Fryslân it Kulturele Haadstêd-jier 2018 yngongen. En dêrnei sette wy de tosken yn nije tiid, sa't Nynke Laverman dat sa moai song by de iepening op 27 jannewaris.  

 

Corlienke de Jong, Fraksjefoarsitter FNP

Sybren Posthumus, Steatelid FNP 

 

 

Dit artikel is earder ferskynd yn it Friesch Dagblad fan 9 febrewaris en de Ljouwerter Krante fan 10 febrewaris 2018



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)