Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fragen oer ôffalprobleem ôfdankte molewjukken

De Steatefraksje fan de FNP stelt fragen oan deputearre Schrier fan miljeu oer it skealike komposyt ôffal fan ôfdankte wjukkken fan wynturbines.

Molewjukken

Oanlieding foar de fragen is in publikaasje yn de LC fan 11 maaie. Fragensteller Wopke Veenstra hat it oer in ‘kwealike teneur' yn de omgong mei it komposyt ôffal: ‘wynturbines binne yndied net sirkulêr'.

 

Meldingsplicht

Wopke Veenstra wol witte oft it Kolleezje fan Deputearre Steaten wol folslein op de hichte is fan de problemen mei it ôffal fan âlde wynturbines. Hy hat dêr nei de útspraken fan it haad Tafersjoch en Hanthavening fan de FUMO yn de krante syn twifels oer. Wat binne de regels foar dizze spesjale kategory ôffal, is de provinsje ferantwurdlik en kloppet it dat bedriuwen harren net hâlde oan de meldingsplicht?

 

Net sirkulêr

De FNP skat yn dat der in hiel grut miljeuprobleem op ús ôf komt. Veenstra: ‘Eins soene allinnich noch oantoanber sirkulêre materialen tastien wurde moatte. Izer en fleantúch-aluminium is nei de tiid folslein op'e nij te brûken. Miskien kinne wynturbines dan net mear sa grut makke wurde. Dat fine wy net slim. De Steaten hawwe yn it ferline wol praat oer it ferbieden fan stoffen lykas neodymium yn wynturbines. Lykwols oer de folsleine sirkulêre materiaal- en enerzjybalâns fan turbines is te min neitocht, sa liket it no. Mei dy komposytmaterialen  kinne jo terjochte stelle ‘molenwieken draaien niet circulair'. ‘    

Downloads:
FNP skriftlike fragen ôffal ôfdankte molewjukken
Antwurd op FNP fragen ôffal molewjukken


Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)