Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Nijsbrief FNP Steatefraksje maaie 2011

Nije taakferdieling fraksje, wurkbesite Skriezekrite en debat oer ôffaloven REC Omrin

 

 

Nije taakferdieling FNP Steatefraksje

FNP Annigje Toering  

 

Achte lêzers,

 

No't de nije Steaten ynstallearre binne sette wy wer útein mei de E-Nijsbrief fan de FNP Steatefraksje. Der is al wer in hiel soad bard dat net altyd de krante hellet. Faaks dingen dy't wol nijsgjirrich binne foar jim. Wy hâlde wy jim graach op de hichte.

 

Mei freonlike groetnis, út namme fan de FNP Steatefraksje

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

 

Lês hjir mear oer de nije portefúljeferdieling 

 

 

 

 

FNP komt op foar Tryater yn striid om kultuerjild

1 euro  

De Steatefraksje stipet Tryater en deputearre De Vries yn de striid om it kultuerjild. Wy hawwe dêrta yn petear west mei de direksje  fan Tryater. De FNP fiert mei de lobby efter de skermen. De Steaten hawwe no unanym in moasje oannommen tsjin it skealike advys fan de Raad voor Cultuur út de 'grachtengordel' wei, om de VVD steatsiktaris Halbe Zijlstra op oare gedachten te bringen.

Lês mear    

 

 

 

Slagge wurkbesite Skriezekrite Idzegea

Skriezekrite Idzegea 14 maaie 2011 014  

Steatefraksje en FNP riedsfraksje Súdwest-Fryslân wiene in dei yn de omkriten fan Idzegea. Se hawwe op lokaasje it súksesfolle greidefûgelbehear fan de Skriezekrite besjoen.

 

Lês mear en besjoch it fotoferslach. 

 

 

 

Fragen parkearen besikers Twibaksmerk

 Sybren 2011 lyts  

Ein dit jier ferhuzet de Provinsje werom nei it fernijboude Provinsjehûs oan de Twibaksmerk. De nije parkeargaraazje is lykwols pas yn 2014 klear. De gemeente hellet tagelyk op strjitte in grut tal plakken fuort. Sybren Posthumus freget oan it Kolleezje oft it parkearen foar besikers fan bûten oant 2014 net better regele wurde kin.

 

Lês mear 

 

 

 

Wynmûnen en megastâlen oan bannen yn Koalysje-akkoart

 FNP Annigje Toering    

 

Yn de Steaten fan 20 april 2011 is it Koalysje-akkoart fan FNP, PvdA en CDA fêststeld. Opfallende punten binne dat de wyldgroei fan mega-wynmûnen oan bannen lein wurdt lykas de megastâlen.

 

Lês mear

 

 

 

 

 

Striid om ôffaloven REC Omrin

Jan 2011 lyts   

Yn de Kommisje fan 18 maaie en de Steaten fan 23 maaie hat in debat west oer de ôffaloven REC fan Omrin. De FNP hat in moasje stipe dy't freget om bettere kommunikaasje oer miljeu en sûnens. Wy bliuwe tige kritysk oer de REC. Net de Provinsje mar Omrin is earst ferantwurdlike.

 

Sjoch it fideo ferslach fan de Steaten.

 

 

 

Suniger oan mei iepenbiere ferljochting

 Anna Martha 2011 lyts  

 

De iepenbiere ferljochting bûten de beboude kom kin suniger oan. By fytspaden sil spesjaal omtinken jûn wurde oan geleideferljochting. Dy tasizzing krige Anna Martha van der Mei los fan deputearre Adema. De nije FNP wurdfierder Ferkear hie dêr in amendemint oer yntsjinne yn de Steaten fan 20 april.  

 

Sjoch op de hiemside fan de Steaten nochris it fideo ferslach.

 

 

 

Johannes Kramer deputearre

 Johannes 2011 lyts  

Johannes Kramer is op 20 april ynhammere as de earste FNP deputearre fan de provinsje Fryslân. Hy ferlit nei 8 jier fraksjefoarsitterskip de Steaten. Hy krijt it lanlik gebiet, plattelânsbelied, iepenbier ferfier en personielssaken yn portefúlje.  

 

Lês mear en besjoch de foto's hjir.

 

Reaksje? Mail kramersis.fryslan.nl

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)