Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Nijsbrief FNP Steatefraksje july 2011

Oer kultuer, simmersluting en útfieringsakkoart koalysje

 

 Eigen baas op it kulturele hiem   

 

Annigje 2011 lyts  

De FNP pleitet foar kulturele autonomy mei in wetlike basis en in eigen finansjele ûnderbouwing.

 

De resinte besunigings fan it regear op kultuer en omrop meitsje pynlik dúdlik wat de opstelling fan it Nederlânsk regear is foar it Frysk oer. Dêr binne trije wichtige lessen út te lûken.

 

Lês hjir fierder 

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

 

 

 Simmersluting fraksjekeamer 

 

5. skutsje  

 

Achte lêzers,

 

De fraksjekeamer is yn it simmerreses sluten. Lykwols de fraksje bliuwt oer de mail berikber. Op moandei 29 augustus binne wy wer op it Provinsjehûs. Allegear in goede fakânsje tawinske!

 

Kontakt? Mail fnpfryslan.nl  

 

 

 

 

 Utfieringsakkoart: ynvestearje yn plattelân, taal en kultuer

 

Johannes taspraak 9 jan 2010  

Yn it koalysje-akkoart stiet oanjûn wêr't de aksinten de kommende fjouwer jier lein wurde sille: plattelân, leefberens, taal en kultuer en ekonomyske struktuerfersterking. Dat wurdt betelle troch te besunigjen op asfalt en beton.

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

 

 Moasje: dochs folweardich fytspaad Grou-Warten 

 

van der mei  

Der sil dochs wer sjoen wurde oft it fytspaad Grou-Warten yn asfalt oanlein wurde kin. Dat is de útkomst fan de diskusje yn Provinsjale Steaten. In moasje fan de FNP oer it fytspaad is oernaam troch it Kolleezje fan deputearre steaten. 

 

Lês hjir fierder

 

Anna Martha van der Mei,

wurdfierder Ferkear en Ferfier 

 

Reaksje? Mail a.m.vandermeifryslan.nl

 

 

 

 

 

FNP op wurkbesite by LTO 

 

posthumus  

Lêstendeis hienen wy as FNP-fraksje in wurkbesite yn Ie. Op de pleats fan LTO-foaroanman Geart Kooistra binne wy bypraat oer it lanlik gebiet, de EHS, ryksjilden, Europeeske ûntjouwings, guozzen, regels ten oansjen fan skaalfergrutting en sa mear.

 

Lês hjir fierder

 

Sybren Posthumus, wurdfierder ekonomy

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 

 

 Dei fan de Granaat - it belang fan de haven Lauwerseach 

 

visser 1  

Op 9 july hat de FNP in besite brocht oan de iepening fan de "Dei fan de Granaat" yn Lauwerseach. Der wie in offisjele ûntfangst troch de direkteur Wim Woudstra fan de Exploitatiemaatschappij Haven Lauwersoog (EHL).

 

Lês hjir fierder

 

Jan Visser, Steatelid regio Noardeast 

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

 

 

 

 Tryater hâldt rykssubsydzje  

 

help tryater mei halbe  

 

Tryater hâldt in subsydzje fan it Ryk. Dat wie de útkomst fan in perioade fan fûleindige politike en maatskiplike aksje, yn Den Haag en yn Fryslân sels. In grut tal FNP-ers hat aksje mei brieven stipe.

 

Op inisjatyf fan de FNP stelde de EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint fragen oer Tryater. De fragensteller soe flugger as gewoan antwurd krije fan de Europeeske Kommisje. .

 

De EFA, dy't likernôch 40 Europeeske regio's fertsjintwurdiget, hat sels ek in protestbrief stjoerd nei de Steatssiktaris.

 

Sybren Posthumus, wurdfierder EU-saken

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)