Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Provinsje stekt soad jild yn Fryske natuer

Ekstra jild foar greidefûgels troch FNP-amendemint

Provinsje stekt soad jild yn Fryske natuer 

 

kramer  

De nije Nota Natuer hat brede stipe krigen yn de Steaten. De Provinsje stekt 29 miljoen eigen jild yn it nije belied. It Eksperimint Gaasterlân, wichtich foar de FNP, wurdt dien makke en krijt € 1 miljoen. As der wer jild is foar de EHS / wiete ferbiningssônes, greidefûgels en Nasjonale Lânskippen (2018), dan wol de FNP dat graach brûke. De deputearre wol ek de oerlêst fan de guozzen oanpakke; dêrta moatte lanlike wetten oanpast wurde.

 

Johannes Kramer,  FNP deputearre 

Reaksje? Mail: a.m.vandermeifryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Stipe foar greidefûgels troch FNP-amendemint 

 

Anna Martha 2011 lyts  

In FNP-amendemint (mei yntsjinne troch PvdA en FK) foar stipe oan de greidefûgels helle 34 fan de 41 stimmen yn de Steaten. VVD en D66 wiene tsjin. Der komt no ekstra jild foar ûndersyk. Dat moat liede ta greidefûgellânskippen yn Fryslân. It binne boustiennen foar in beliedsnota ein dit jier oer de greidefûgels fan ús FNP deputearre Johannes Kramer.  

 

Anna Martha van der Mei, FNP wurdfierder Natuer

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder 

 

 

 

 

 

Fragen en antwurden weryndieling

 

Annigje Toering 2012 05  

De FNP hat okkerdeis fragen steld oer de weryndieling yn de noardhelte fan Fryslân. Wy wiene fan betinken dat de presintaasje fan de nije fisy troch de Provinsje te twingend oerkaam. It Kolleezje hat no tajûn dat se de gemeenten net twinge kinne ta weryndielen. Fierder hat de FNP de risiko's fan it grûnbelied oankaarte foar weryndielingsgemeenten.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Bestjoerlike Saken 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder fragen en antwurden NW en NE-Fryslân

Lês hjir fierder de fragen oer grûnbelied en weryndieling

 

 

 

FNP bliid mei skrassen spoar Hearrenfean-Grins 

 

Sybren 2011 lyts  

It skrassen fan it djoere spoarplan Hearrenfean-Grins skept romte yn de begrutting om oare saken te realisearjen dêr't de FNP him altyd bot foar ynset hat: rotonde De Jouwer, de A31 by Harns en de N359 op'e Lemmer.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Bedriuwsbesite Meijer Plaatbewerking Sint Jabik

 

Auke 2011 lyts  

De Steatefraksje hat op wurkbesite west by Meijer Plaatbwerking yn Sint Jabik. In famyljebedriuw dat woartele is yn de mienskip op It Bildt. Tagelyk wurkje se neffens de nijste bedriuwskundige ynsichten en it produkt giet de hiele wrâld oer. De fraksje brûkt de goede yndrukken foar de nije Nota Ekonomy dy't ynkoarten yn de Steaten komt.

 

Auke Bijlsma, FNP Kommisjelid Boarger en Mienskip

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Klik hjir fierder nei filmkes en de foto's

 

 

 

FNP sympoasium Lytse Skoallen súkses

 

Annigje Toering 2012 05  

It FNP sympoasium oer de takomst fan de lytse skoallen yn Fryslân wie in súkses. Wy hawwe nei de tiid in soad positive reaksjes krigen oer de brede en ynhâldlike opset yn gearwurking mei it Haadbestjoer. It ûnderwerp krijt in ferfolch yn septimber mei in jûn foar de aktive FNP politisi dy't oer ûnderwiis kedize moatte.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Underwiis 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

Fragen oer takomst slûs Terherne

 

visser 1  

 

De FNP set grutte fraachtekens by de arguminten, dy ‘t it Wetterskip brûkt by har beslút om de slûs yn Terherne net mear as wetterkearing te brûken. De Steatefraksje hat hjir skriftlike fragen oer steld oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Wetter 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)