Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Simmersluting, ynvestearje yn OV en fakmanskip

Nijsbrief FNP Steatefraksje no online

Simmersluting

 
Palaver preamsilen Terherne 13 july 2012  

Simmersluting 

 

De fraksjekeamer is fanwege it simmerreses sluten fan 23 july oant en mei 24 augustus.

 

De Steatefraksje bliuwt wol berikber fia de mail: a.m.vandermeifryslan.nl

 

Allegear in noflike fakânsje mei moai waar tawinske !

 

 

 

Spoarjild ynvestearje yn Frysk Iepenbier Ferfier

 

Annigje Toering 2012 05  

De FNP is bliid mei it beslút om it spoar Hearrenfean-Drachten-Grins te skrassen. Mei de koalysjepartners en D66 hat de FNP in moasje yntsjinne om jild dat oer is te ynvestearjen yn it Iepenbier Ferfier.

 

Annigje Toering, FNP fraksjefoarsitter 

Reaksje? Mail: a.m.vandermeifryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

FNP: wynturbines út it Fryske lânskip opromje 

 

visser 1  

De FNP wol dat âlde wynmûnen earst opromme wurde foardat der in nij mega-wynmûnepark by de Ofslútdyk komt.

Fierder wol de FNP dat de nasjonale kaart, dêr't de helte fan Fryslân noch as 'zoekgebied' foar mega-wynmûneparken op yntekene stiet, fan tafel giet.

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Romtlike Oardering 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

De Steatefraksje giet it wetter op

 

Auke 2011 lyts  

Okkerdeis hat de Steatefraksje it wetter op west yn de omkriten fan Terherne. Skipper fan sylpream 'De Komelker' wie Auke Bijlsma. Wy hawwe ûnder oaren de omstriden kearslûs yn de Nije Slachtedyk besjoen. Fansels hawwe de fraksje en oanhing nei it sportive barren ek noch eefkes noflik neisitten.  

 

Auke Bijlsma, Earste Opfolger en FNP skipper 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Sjoch hjir it filmke op Youtube

 

 

 

 

 

Fytspaad Leechlân Grou-Warten dochs yn asfalt 

 

Anna Martha 2011 lyts  

It fytspaad troch it Leechlân fan Grou nei Warten wurdt dochs neffens de easken folweardich yn asfalt oanlein. Dat hat it Kolleezje oan de Steaten skreaun.

In moai resultaat fan oanhâlde as storein fan de Steatefraksje yn goed oparbeidzjen mei de FNP fraksje Boarnsterhim en de Wurkgroep Leechlân ! 

 

Anna Martha van der Mei, wurdfierder Ferkear en Ferfier

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder it brief fan DS oer it fytspaad

 

 

 

FNP: ynvestearje yn fakmanskip, ZZP-ers en nije media 

 

Sybren 2011 lyts  

 

De Steatefraksje hat him de lêste tiid mei wurkbesites oriintearre op wat neffens de FNP nedich is foar de Fryske ekonomy. In stik tarieding foar de nije Nota Ekonomy letter dit jier. De fraksje konkludearret dat der mear ynvestearre wurde moat yn fakmanskip, ZZP-ers en de kreative sektor.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Besjoch hjir it fotoferslach fan de wurkbesite oan de NHL. 

Lês hjir fierder it opinystik oer Ekonomy.

 

 

 

Provinsje stipet WK sportfiskjen froulju yn Ljouwert

 

Annigje Toering 2012 05  

De FNP hat fragen steld oer it WK sportfiskjen foar froulju, dat fan 19-26 augustus yn Ljouwert plakfynt. It Kolleezje hat no antwurde dat se it evenemint finansjeel stypje wolle en mei de organisaasje helpe. In prachtige kâns om Fryslân as wettersportprovinsje fierder op de kaart te setten !

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Sosjaal belied en Sport 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder de fragen en de antwurden

 

 

 

FNP posityf oer inisjativen DBF foar doarp en bedriuw yn Fryslân

 

visser 1  

Stifting DBF docht mei súkses alle war om in nije bestimming te finen foar âlde en karakteristike bedriuwsgebouwen yn de Fryske doarpen en stêden. De FNP stipet de filosofy en de oanpak fan DBF fan herte: sunich mei de Fryske romte en de besteande bebouwing.

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Romtlike Oardering 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

 

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)