Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP nijsbrief Steaten oer regearakkoart

Plan Lânsdielen 'bile oan de woartel fan Fryslân'

 

 

Reagearakkoart 'bile oan de woartel fan Fryslân' 

 
Annigje Toering 2012 05  

De FNP is  min te  sprekken oer it plan fan de nije Haachske koalysje  om gemeenten en provinsjes op te skalen. It regearakkoart is dêrmei ‘de bile oan de woartel fan Fryslân' neffens de FNP. De partij sjocht ek positive punten, lykas it ûnderbringen fan it Wetterskipsbestjoer by de Provinsje en de keazen boargemaster en Kommissaris fan de Keninginne.

 

Annigje Toering, FNP fraksjefoarsitter

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Fryslân betellet aanst mear foar eigen seediken 

 

visser 1  

Fryslân moat aanst noch folle mear út eigen bûse betelje foar de seediken. It peil fan de Iselmar giet dochs net 1,5 m omheech, mar der komme wol grutte pompen yn de Ofslútdyk. Dat wie it boadskip op it nasjonale Deltakongres lêstendeis yn Rotterdam. De FNP wie de iennichste fan de Fryske provinsjale polityk op dit grutte kongres (1700 dielnimmers).

 

Jan Visser, FNP wurdfierder RO en Wetter

Reaksje? Mail a.m.vandermeifryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Brêgen, skjinne enerzy, in nije plattelânsnota en it grûnbelied 

 

Anna Martha 2011 lyts  

Yn it debat oer it grûnbelied kaam in soad âld sear tusken in part fan de opposysje en de koalysje nei boppen. Wat begûn wie as in diskusje oer in frij technysk ûnderwerp krige sa in hiele oare politike lading. Mar der wie mear te rêden yn de Steaten fan oktober!

 

Anna Martha van der Mei, fise-fraksjefoarsitter 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Literêre prizen foar Fryslân behâlde

 

Annigje Toering 2012 05  

De Steatefraksje fan de FNP wol dat de provinsjale prizen foar literêre debuten en oersettingen yn it Frysk bestean bliuwe. It stimulearjen fan debuten en oersettingen is foar ús fan grutte maatskiplike wearde.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Taal en Kultuer 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

FNP stipet werbestimming frijkommende Fryske tsjerken 

 

Auke 2011 lyts  

By gelegenheid fan it 10-jierrich bestean fan de stifting "Behoud Witte Kerk Hemrik" wie der op 12 oktober in minisympoasium yn dizze tsjerke. De FNP wie derby.

 

Auke Bijlsma, FNP kommisjelid Boarger en Mienskip 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

 

Súksesfolle FNP kaderjûn lytse skoallen 

 

Annigje Toering 2012 05  

De FNP organisearre op 1 oktober in kaderjûn oer de takomst fan de lytse skoallen yn Fryslân. It wie in ferfolch op it iepenbiere sympoasium yn Easterein fan't simmer. De aktiviteit waard mei stipe troch it Wittenskiplik Buro fan ús OSF-fraksje yn de Earste Keamer. Mei in manmachtige opkomst fan FNP riedsleden, wethâlders en Steateleden én mei de útkomsten kinne wy fan in súkses sprekke. 

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Underwiis

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Posthumus stipet Slovenen yn Itaalje

 

Sybren 2011 lyts  

FNP-steatelid Sybren Posthumus hat trije dagen nei de Slovenen yn Itaalje ta west. Hy wie dêr hinne om't it Italjaanske regear twa fan de trije provinsjes dêr't de Slovenen wenje (Triëst en Gorizia) opheffe wol. De missy wie út namme fan de EFA, de Europarlemintspartij dêr't de FNP by oansluten is.

 

Sybren Posthumus, Twadde wurdfierder Taal en Kultuer 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

112: Opskalen oerheidstsjinsten bedriging en kâns foar it Frysk

 

Annigje Toering 2012 05  

Yn de sydline fan de grutte brân yn Boazum binne der op'e nij problemen mei in oerheidstsjinst, yn dit gefal de Noardelike Meldkeamer fan 112, dy't de taal fan de Frysktalige boarger net ferstiet en begrypt.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Taal en Kultuer 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder it opinystik fan de FNP

 

Lês hjir fierder de skriftlike fragen fan de FNP

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)